7,333 datasets found
Dutch Keywords: spoken Narrator Gender: female Place of Narration: Drachten
Yn 't lân fan Klaes Schriemer wie in dobbe. 't Is oan 'e Noarderdwarsfeart. Dêr mat froeger ris in hynder yn forsûpt wêze mei de amer om 'e hals. Ik haw ek wolris heard fan in hynder sûnder kop, dat ergens spûke. As dat nou dàtselde hynder wie, wit ik net.
nl.verhalenbank.37120
Yn 'e Boerestreek to Koartehimmen roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21385
Der roan yn 'e Houtigehage in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.24680
By Boelensloane om, sahwat tusken it Blauhûs en de Boelensloane, roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals, wie 't sizzen altyd.
nl.verhalenbank.25467
Ien út 'e Houtigehage soe nei de faem ta. Dy wenne yn Surhústerfean. Doe't er oan 'e hulzenhage ta wie - tichte by 't Blauhûs - seach er dat der in kat njonken him roan. Dy bleau hyltyd njonken him. Hy hie in stok by him en dêr sloech er mei. Mar hy sloech dwars troch dy kat hinne. Doe hied er sa fan 'e wize west, dat hy wie it hûs fan 'e faem al lang...
nl.verhalenbank.24678
By de Houtigehaechster wyk (= Skoallewyk) wenne âlde Karst. Dêr hat in jongfaem har al ris ophong. Yn 'e skuorre. Sûnt dy tiid spûke it dêr. Wy doarsten dêr jouns net lâns.
nl.verhalenbank.24685
Jasper Boomsma fan 'e Houtigehage moest us op in joun let nei 't húske ta. Dat húske stie bûtendoar. Doe stie dêr in frou mei in dik bosk hier foar de glêzen. Doe't er wer seach wie se fuort, krekt as wie se yn 'e groun sakke.
nl.verhalenbank.24681
Tusken Garyp en Aldegea lizze trije kampen lân achter elkoar. Op ien fan dy kampen spûket it, sizze se.
nl.verhalenbank.24857
Tichte by Kollumerpomp, op in hoeke, der spûke it. Dêr waerden wy froeger foar warskôge. Auke van der Horn wenne dêr doe. Hwat dêr krekt spûke wit ik net mear.
nl.verhalenbank.37801
Op 'e Houtigehage spûke froeger in hynder om.
nl.verhalenbank.25705
Op Teadehoekje, oan 'e wei nei Boarnburgum spoeke in sekere Teade, dy't dêr formoarde woarn is.
nl.verhalenbank.37017
Tichte by de Dwarsfeart mat froeger in wyt froumins spûke ha.
nl.verhalenbank.36650
Yn Drachten wenne froeger in man, dy wie mei de helm geboaren. Dat wie Joeke Spûkgûler. Dy sei tsjin 'e minsken: Tink der om, noait midden op 'e wei stappe, oars kinne der spûken op jim takomme.
nl.verhalenbank.36646
Yn Aldegea spûke froeger by nacht de hear mei de skoffel dy't op it slot wenne hat. Hy waerd yn 'e omgeving fan it slot sjoen.
nl.verhalenbank.36776
Spoekerijen op 'e Muontsgroppewei Op 'e Mûsgroppewei dêr spoeke it. Dêr hat in man út 'e Rotfalle syn dochter deastutsen. It fanke wie te riden gongen. De man hie it har ferbean, se moast hushalde. It wie in widner. Doe't se doch fuortgongen wie, is er har efterneiset en op 'e Mûsgroppe hat er har deamakke. En doe letter, op dat plak, dêr spoeke it.
nl.verhalenbank.12178
Op Stobbehoek, ek wol Teadehoekje neamd, tusken Drachten en Boarnburgum, is froeger in man formoarde woarn, in sekere Teade. Dêr is de namme Teadehoekje fan. De minsken doarsten dêr froeger net lâns omdat it dêr spoeke.
nl.verhalenbank.36647
Antsje de Bruine wenne yn 'e Houtigehage. 't Minske hie 't o sa krap. Sy gong froeger in protte to naeijen. Op in nacht hie se thús sitten to naeijen by in ljochtsje. Doe hie der hwat by de doar west. De doar gong iepen en der kom ien yn. It wie in geest. 't Wie de geest fan har muoike, dy't al dea wie. Kingemoai, sei se tjin har. "Hwat is der oan,...
nl.verhalenbank.24675
Tichte by Surhústerfean, oan 'e Groninger weg hat men de Klaes Simensdaem. Dêr stiet in buorkerij by, in eintsje it lân yn. Dêr op 'e Klaes Simensdaem, is it sizzen, dêr spûket in hynder sûnder kop.
nl.verhalenbank.36954
Op 'e Skieding is in poeltsje, dat neame se de Janke-dobbe. Dat is neamd nei in sekere Janke, dy't dêr fordronken is. Nei dy tiid spûket Janke dêr. Guon biweare dat se har dêr by joun omdwelmjen sjoen ha.
nl.verhalenbank.36952
Tusken Surhuzum en Harkema wie 't froeger allegear heide. Dêr roan in skeanpaed oer, dêr stie doe net in hûs oan. Jouns, nei healwei tolven spoeke dêr op dat skeanpaed altyd in mot mei tolve bichjes.
nl.verhalenbank.19620