1,953 datasets found
Dutch Keywords: spoken Place of Narration: Hellevoetsluis
Spoekjende dieren By myn skoanheit-en-dy hienen se in arbeider, Sjouke Bijma. Dy kaam út 'e Harkema, mar hy wenne hjir yn Eastermar. Dy fertelde: 'Dat kinne se my noait ôfprate! Ik moast nei hûs ta troch in stik lân. Ik kaam by dat stik lân en dêr rûn neat yn. Neat! Mar ik gong oer de daam en dêr stie in swart hynder. Mar dat koe der net wêze! Lykwols, it...
nl.verhalenbank.12458
Spoekjende dieren Yn Eastermar stiet in spultsje, dat is in kear ôfbrând en doe is der in hynder yn ferbrând. It hûs is neitiid wer opboud, mar dan nachts om tolve oere hearden se dat hynder slaan. Gosling hat der wenne en dy sei: 'It is wier! It is wier! Ik hearde him dêr no en dan nachts wol omhuffen. Hy sloech yn deadsneed tsjin 'e skudden'.
nl.verhalenbank.12459
Tichte by Kollumerpomp, op in hoeke, der spûke it. Dêr waerden wy froeger foar warskôge. Auke van der Horn wenne dêr doe. Hwat dêr krekt spûke wit ik net mear.
nl.verhalenbank.37801
Op 'e Spûkloane spûke in âlde hear.
nl.verhalenbank.38515
Op 'e Keale wei spoeke ek in hynder.
nl.verhalenbank.27151
In Liessel ligt tegenover de school het spoken ”drieske”.
nl.verhalenbank.47474
Yn 't Spoekeloantsje by de Langeastloane ûnder Eastemar spoeke it altyd.
nl.verhalenbank.20363
Op 'e Heideloane by 't swarte krús (poepekrús) oan 'e Simmerdyk fan Burgum nei Hurdegaryp spoeke it.
nl.verhalenbank.31246
Oan 'e Lange Reed yn 'e Westerein spûke in baerch. Dêr wienen guon tige bang foar.
nl.verhalenbank.38510
Yn Aldwâld spûke in fôlle.
nl.verhalenbank.26316
By 't Godloas Tolhek dêr spokke in hynder om. By de Godleas Singel spokket in âlde hear.
nl.verhalenbank.37966
By de Wopke-poel dêr kuijerje nachts altyd in pear famkes. Dy spoekje dêr om. Alde Tsjip van der Bij hat se wolris sjoen. Hy gong der hinne, mar doe wienen se samar ynienen fuort west.
nl.verhalenbank.23536
Dêr 't Anne Dykstra wennet by Aldwâld hat men de Spûkepleats. It sechje giet, dat it dêr altyd spûke.
nl.verhalenbank.26314
Yn 'e Foksegatten spûke it ek. Dêr stie in pleats, dêr wie 't lang net plûs.
nl.verhalenbank.17081
By it Tykster brechje (it brechje op 'e Tike is der nou net mear) spûke it. 't Wie dêr net suver, seinen se. In bulte wienen dêr bang.
nl.verhalenbank.29620
By Bearne-daem gong 't ek altyd op in spoekjen. Dêr wienen de minsken altyd bang.
nl.verhalenbank.37783
Tussen Terheijen en Wagenberg is 't Spookhuisje. Een huisje met daarachter kreupelhout en riet. Bij dat huisje spookte 't altijd, werd vroeger verteld.
nl.verhalenbank.127583
It Spûkeloantsje rint fan 'e herfoarme tsjerke fan 'e Kompenije nei Luchtenfeld. De namme is nou Klamersreed. Dêr spûket it, is de hiting.
nl.verhalenbank.31949
Op it tsjerkhôf spoeke it ek.
nl.verhalenbank.21025
By de Master Reitsma-wei yn 'e Harkema is in poel. Op 'e pôllen yn dy poel, dêr spûket it.
nl.verhalenbank.36799