Op 'e Gariper wei fan 'e Tramwei nei de hoeke ta roan froeger in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
Ek seach men wylde lantearnens yn dy buert.
nl.verhalenbank.21781
Yn 'e Sumarreheide op 'e Fiifhoek, dêr spoeke it. Dêr doarsten de minsken yn 'e nacht net komme. Op 'e Pasterijelânnen spoeke it ek. Op 'e Brandsma-loane to Garyp roun in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.32116
Yn Aldegea roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr woarden de bern wol bang mei makke. Der wienen minsken yn Aldegea, dy wienen bang dat se de fôlle tsjinkomme soenen.
nl.verhalenbank.21790
Yn Beetstersweach wennen twa advokaten. Dy wienen fan 'e duvel biseten en dienen folle kwea. Der wie in duvelbander - guon biweare dat it Piter Poes fan de Sumarreheide wie - dy gong mei de boerewein nei de Sweach ta en krige dy beide mannen by him op 'e wein. Twa grouwe gudzen roannen der foar.
Dy twa hynders switten ôfgryslik doe't dy beide advokaten op...
nl.verhalenbank.31500
Oan 'e Hearrewei, op it eintsje tusken bakker Welling en Nyegeasterhoek, dêr brânde nachts in great fjûr, en dêr sieten in man of trije omhinne.
Dat wienen advokaten, dy spoeken dêr.
Doe binne se dêr us mei in doomny hinne gong. dy hat dy trije spoeken oansprutsen en doe ha se de trije advokaten mei hynder en wein dêr weiriden. De hynders switten sa bot...
nl.verhalenbank.22901
Ik haw in boer kend, dy wie troud. Mar syn frou stoar. Hy hie har foar har dea biloofd, hy soe net wer trouwe. Mar hy krige wer in frou.
Mar as hy der mei syn twadde frou op út soe mei de tilbry en sy spanden it hynder yn, dan stie de earste frou al ré by de takkebult. Dy woe èk mei.
Sy koe de rêst net krije omt hy him net oan syn bilofte hâlden hie.
nl.verhalenbank.22779
Us heit wie in soan fan Teade Hietkamp en Liuwkje de Jong. Se wennen op 'e Tike. 't Wienen arbeidersminsken en sy hienen it och sa krap. Beppe gong wol to kreamheinen om der hwat by to fortsjinjen.
Us Anne-om en heit, dat wienen de beide âldsten.
Dan wienen der ek noch in Jehannes, in Feike en in Goaitsen en letter kom dêr noch in fanke by, dat wie...
nl.verhalenbank.21088
Op 'e Tike wie in houtsje, dêr spûke it ek altyd.
Net ien koe dêr oerkomme sûnder dat der hwat gebeurde. Dat der doarst op 't lêst net in minske mear oer.
Doe ha se de dûmny der by helle. Dy hat it spûk oansprutsen. Doe hat dy dûmny de ried jown, sy moesten in wite bûsdoek op it houtsje lizze. Dat ha se ek dien en sûnt dy tiid ha de minsken dêr fan...
nl.verhalenbank.20323
Ien fan Garyp ried yn 'e twintiger jierren op in joun de Brandsma's loane del. Hy hie in tige bêste karbidlantearne op 'e fyts, dy't wol fjouwer telefoanpeallen fier ljocht joech. Doe seach er tige dúdlik oan 'e kant fan 'e wei in pearke rinnen. Hy stapte fan 'e fyts om better to sjen. Doe wie der net ien.
Ek fytste dyselde us nei Sumarreheide ta. Hy wie...
nl.verhalenbank.20317
Harmkemuoi wenne flak by ús, èk oan 'e polderdyk ûnder Aldegea. (nou ûnder 'e Tike) Hja hie nei de winkel fan Abrahams Tryn ta west op 'e Sumarreheide. (Dat wie 't tichtsteby) Werom gong se in eintsje de trambaen del. Dat wie 't koartste. Doe seach Harmkemuoi dat de beammen samar oan 'e groun ta bûgden en dat by blêdstil waer. Hja woarde deabinaud en gong...
nl.verhalenbank.20246
Der wenne in boer yn Sumar, dy joech syn arbeiders fierstomin lean. Dêr wie ien arbeidershúshâlding by, dy liet er sahwat forrekke. De berntsjes hienen suver gjin klean oan. De iene nei de oare is fan 'e honger en fan 'e ellinde stoarn.
Doe't se allegear dea wienen, hearden dy boer en boerinne alle nachten bernelûden yn 'e skuorre. Dat wie by 't twade...
nl.verhalenbank.31622
Hjir yn Garyp wenne froeger in widdou. Dat minske wie der deis altyd op út to arbeidzjen om in deihier to fortsjinjen. Har famkes moesten dan it wurk thús dwaen. Mar dêr kom noait hwat fan. It spul wie noait in kear fan kant as de widdou thús kom. Doe biskrobbe se de famkes. Mar doe seinen dy:
"Hjir komme alle dagen twa famkes by ús. Dy binne neaken en sy...
nl.verhalenbank.20250
Greate Hearke wenne yn Aldegea. Hy wie ôfgryslike sterk. Syn eigenlike namme wie Hearke Douma.
Hy wie us in kear oan 't ploeijen. Hy roan achter de ploeg.
Doe kom der in man oan, dy frege hwer't greate Hearke wenne.
"Hjir stiet er", sei Hearke en sloech mei de fûst op 't boarst. "En dêr wennet er", sei er, en doe krige er de ploege mei de oare hân beet en...
nl.verhalenbank.23043
Op 'e Burgumermerke stie froeger wol gauris in tinte mei in swarte spegel. It jongfolk makke der in bulte gebrûk fan. Sy koenen dêr de frou sjen, dêr't se letter mei trouwe soenen. Mar sy seagen ek wol us in deakiste. Dêrtroch wienen der èk in bulte dy't der nèt yn kommen.
nl.verhalenbank.22771
Doe't ik tsien jier âld wie, doe is my sjen litten hwer't ik letter komme soe to wenjen.
Ik seach tige dúdlik twa nije húskes. De doar, de finsters, it dak, it hiele model seach ik sa klear, dat ik it noait wer forgetten ha. It ienen húske is letter ôfbrutsen.
Doe't ik troude bin 'k yn 't hûs kom to wenjen. Ik herkende it. Dat wie sahwat yn 1910.
nl.verhalenbank.22981
Yn Warten koe Sjoerd Ages soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er marsjeare. Hy brûkte in toverboek mei toverspreuken.
nl.verhalenbank.22995
Sterke Feije wenne yn Burgum. Hy wie ôfgryslike sterk. Hy en syn hynderke dienen it wurk togearre. As de wein út it skerngat moest en it hynderke koe 't net dwaen, dan gong Feije der foar stean. Sa dienen se 't wurk beurt om beurt of togearre.
nl.verhalenbank.27812
As in minske liuwefet by him hat, dan krijt net in houn him, as is 't ek noch sa'n kweaden-ien.
nl.verhalenbank.31533
Froeger wenne der yn 'e Westerein yn Garyp, yn it hûs dêr't Taeke Wagenaar wenne hat, in man, dy wie mei de helm geboaren. Der woarde soms by him op it rút kloppe. Dan gong dy man der út en hy frege ek net hwat it wie. Even letter kom er wer yn 'e hûs. Dan sei er:
"Wy krije binnenkoart ek wer in deaden yn Garyp."
"O ja?" sei syn wiif.
"Ja," sei er, "ik...
nl.verhalenbank.21091
Myn beppe dy wenne op 'e Tike. Dy sei: "It is noait liker as slagge se altyd mar op izer om, krekt as rollet it iene izer oer 't oare hinne." Hja hearde it nachts op bêd. "Toe Teade," sei se dan tsjin pake, "hear dû ek us." Mar pake dy hearde it net.
Letter is de tram dêr lâns kom. Dy hie krekt itselde lûd as dat hja heard hie.
nl.verhalenbank.21090