26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: spoken Place of Narration: Harkema
It spoeke altyd op 'e Skoukepaden ûnder Droegeham.
nl.verhalenbank.20835
By de Wopke-poel dêr kuijerje nachts altyd in pear famkes. Dy spoekje dêr om. Alde Tsjip van der Bij hat se wolris sjoen. Hy gong der hinne, mar doe wienen se samar ynienen fuort west.
nl.verhalenbank.23536
By de Krúswei spoeke in neakene keardel.
nl.verhalenbank.27292
By de dikke beam roan in paed lâns, dêr koe men oerdwars gean. Dêr spoeke it altyd.
nl.verhalenbank.22711
It spoeket op it âld-tsjerkhôf. (it s.n. earme-tsjerkhôf)
nl.verhalenbank.12360
By de dikke ikene beam oan 'e Ryksloane spoeke it altyd.
nl.verhalenbank.24340
Op 'e Krúswei doogde it net. Dêr spoeke it. In bulte minsken doarsten dêr by jountiid net lâns.
nl.verhalenbank.23952
By de grouwe beam oan 'e betonwei spûket it.
nl.verhalenbank.12353
As wy froeger nei Eastemar ta gongen to skoaijen mochten wy noait de Swarte Wei lâns. Dat woe mem net lije, hwant dêr spoeke it. Wy moesten altyd de Boerestreek del.
nl.verhalenbank.12321
By de grouwe ikebeam yn 'e Harkema spoeke it altyd.
nl.verhalenbank.26246
Op 'e Lytse wei spoeke altyd in hynder.
nl.verhalenbank.21139
Myn man syn heit fortelde altyd in bulte fan spûkerij yn 'e buert fan 'e dikke beam oan 'e betonwei yn 'e Harkema. Dêr seagen se altyd fan alles.
nl.verhalenbank.25804
Op 'e Krúswei yn 'e Harkema spoeken wite wiven.
nl.verhalenbank.19522
Oan 'e Boskwei stie in hûs, der spûke it altyd yn. Sy wolle wol ha, dat dêr yndertiid in poep yn formoarde woarn is en dat dy dêr yn spûket.
nl.verhalenbank.28562
Oan dyselde Boskreed spoeke froeger ek altyd in baerch. Dêr woarden wy as bern al bang foar makke.
nl.verhalenbank.27005
Oan 'e Boskreed - fan 'e Betonwei ôf oan it húske fan Rinse Stoarm ta en dwarsoer roan altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals (yn Harkema).
nl.verhalenbank.27004
Tichte by de Krúswei yn 'e Harkema spoeke in gleone man om, dy seach der krekt út as in koallefjûr.
nl.verhalenbank.25745
Spoeken binne djûr as men se fange kin.
nl.verhalenbank.21253
Hjir yn 'e Homear woarden nachts altyd twa lytse neakene berntsjes yn in kroade hinne en wer riden. Dy kroade gong soms hiel hurd hinne en wer, krekt as woarde der mei dy bern boarte.
nl.verhalenbank.27291
Op it Langpaed, by de Harkema, spoeke in baerch mei biggen.
nl.verhalenbank.25519