26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: spoken
By 't Godloas Tolhûs tusken Beetstersweach en Lippenhuzen spûke it ek. Ek op 'e Mûzegroppewei by Rottefalle spûke it. Op 'e Kleasterloane to Burgum spûke it ek. Dêr kreunde nou en dan hwat.
nl.verhalenbank.36261
Tichte by de Krúswei yn 'e Harkema spoeke in gleone man om, dy seach der krekt út as in koallefjûr.
nl.verhalenbank.25745
Yn Kûkherne stiet in pleats, dy neame se it Spoekhûs. Dêr mat it yn earder tiden yn spûke ha.
nl.verhalenbank.19645
Spoeken binne djûr as men se fange kin.
nl.verhalenbank.21253
Der wienen ris twa minsken dy sprutsen togearre ôf, hja woenen ien kjelmeitsje. Doe't se wisten dat hy der oan kaem gongen se boven op elkoar stean. Doe't er oan har ta wie, sei er: Ik ha wolris twa op elkoar stean sjoen, mar dêr noch noait in trêdden boppe op. Doe woarden se sa bang, dat de boppeste sprong fan 'e oare ôf en se naeiden beide hurd út.
nl.verhalenbank.37154
Hjir yn 'e Parken spoeken wite wiven en dat wie ek yn 'e Rottefalle it gefal.
nl.verhalenbank.27145
Op 'e Rysloane tusken Bomkleaster en de Harkema spoeke altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.37236
Dwoal..dweelichten nömmen wie dat. Dat mensen dan in de verte dan lichtjes zagen. Maor dat was natuurlijk soms echt wel zo. Dat d'r aine mit 'n schienvaart[?] door 't veen heenloop. Dat werd dan ook wel zegt: doar loop 'n spook of zulks wat. Moar dat waren voak stropers. D'r woaren ontzettend veel stropers.
nl.verhalenbank.44031
Op Bennema-state yn Hurdegaryp geane de hekken altyd iepen. Men hat se wol mei kettings fêstboun, mar dat joech neat. Altyd gongen se fansels wer iepen.
nl.verhalenbank.37752
Yn 'e Westerein dêr stie in hûs, dêr mochten wy net komme. Dêr spûke 't yn. Mar ik ha 't spûk noait sjoen.
nl.verhalenbank.29568
Van "de Hees" naar het centrum van Vlierden liep 'n smal voetpad tussen de akkers. Dicht daarlangs was 'n kuil met water ('n laag ven). Op gezette tijden spookte het daar, dan kwam er 'n koe uit die kuil.
nl.verhalenbank.47070
Vroeger werd d'r hier* bar veul gesproke over een zwart paard. Een zwart paard, dat gong allenig over de weg. 't Was van niemand, een soortement spookpaard. Je had daar een plek, dicht op Haastrecht daar wier 't bij tije gezien. As je 't gezien, dan kreeg ie ongeluk. Sommigte paarde wilde niet voorbij die plek.
nl.verhalenbank.70597
Yn Hurdegaryp, by dokter Bontekoe wie in hekke, dy't net tichtbliuwe woe. Dat is yn hiel Fryslân bikend.
nl.verhalenbank.29623
Yn 'e bocht fan 'e Pasterijelannen, op 'e hoeke, yn Sumarreheide spoeken altyd trije hearen om. Dy sieten dêr mei papieren yn 'e hannen.
nl.verhalenbank.24515
By de Lange Sleatten spûke de Langesleatterman. Dat is oan diz kant de Krúswetters. Dêr doarst froeger net in skip to lizzen, hwant dan woarden grif de spitten of de ankers op it dek smiten. Dat wie it wurk fan 'e Langesleatterman.
nl.verhalenbank.24918
Yn Villa Nova oan diz kant Ljouwert is een great hek. As se dat jouns ticht dienen wie it de oare moarns altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.27220
Er is dus een van die verhalen, van m'n vader....spookverhaal. Het spookt rondom...dat is een van die verhalen. [...] Van al die dorpen bint er sterke verhalen, waar dus ook een, waar dus...half wel gebeurde, half niet gebeurd....[Jan Prijs] is er een voorbeeld van, van Winsum, zeg maar, die een brugje is[?] waar van de naloop nog steeds kans is dat-ie...
nl.verhalenbank.44787
Hjir tichte by, achter Jehannes Visser ha wy de Berne-lannen. Dêr is de Griene Wei, dat is it forlingde fan 'e Spekloane. Yn 'e twadde bocht spoeket it altyd. Dêr wienen wy as bern bang. Myn suster kom dêr ris mei har feint lâns, doe seach se in klobbe fjûr, dat gong oer de dyk hinne. Myn swager woe der hinne, mar myn suster wie deabinaud woarn. Hy hie it...
nl.verhalenbank.24503
Op 'e Hearrewei, tusken Nyegea en Sumar spoeke it. In hopen doarsten dêr by nacht net lâns.
nl.verhalenbank.15721
Oan 'e Akkereed by de Brandsma-wei yn Garyp spoeken wite wiven, seinen se.
nl.verhalenbank.22990