Pake (oan 'e frou har kant) bihandele beppe net bêst.
Trije dagen foar syn dea seach er beppe op 't fuottenein. Doe wie beppe al jierren wei. Letter kom heit by 't bêd en doe sei er hyltyd mar: "Leave memke, leave memke."
nl.verhalenbank.22923
Men heart wolris fan wite juffers dy't spoekje. Dêr hoeft men net bang foar to wêzen. Wyt kin fordreaun wurde, mar swart net.
nl.verhalenbank.29719
Op it Lútsensloantsje to Garyp spûke in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Ek op 'e Sibe Jantsjes-loane.
nl.verhalenbank.31966
Op 'e Spûkloane yn Opperkoaten roan èk in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dy kom ús achternei, seinen se, as wy net om 't lyk woenen.
nl.verhalenbank.32672
Op 'e Sweager lânnen rint in fôlle om mei in brijpot om 'e hals, dêr't in sleef yn sit.
nl.verhalenbank.20510
Yn 'e Houtigehage ha minsken wenne, dy hienen twa berntsjes forlern. Dy berntsjes wienen bigroeven woarn sûnder deakleantsjes oan. Doe kommen dy berntsjes dêr nou en dan to boartsjen mei de oare bern. Dan wienen se alhiel neaken. Doe hat de mem op in joun deakleantsjes dellein op 'e stoel, dy't yn 'e hoeke stie.
De oare moarns wienen de deakleantsjes...
nl.verhalenbank.20100
Der spoeke yn Aldegea ek in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.22702
By de Bosk yn 'e Harkema roannen twa neakene bern. Der woarde altyd foar warskôge, dêr moest men net lâns gean. Dy bern wienen dêr formoarde, wie 't sizzen altyd. Dy wienen hjir of dêr bistoppe. Dy koenen de rêst net krije.
nl.verhalenbank.22312
Froeger spoeke it op 'e Skeanpaden achter de Rottefalle. Dêr ha se yndertiid in berntsje formoarde. Dat berntsje spoeke dêr letter by 't houtsje.
nl.verhalenbank.25455
To Jistrum hat men de Spûkloane. Dêr spûket in fôle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.31405
To Wâlterswâld roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Der wienen de minsken froeger bang foar.
nl.verhalenbank.30860
By de Simmerdyk oan 'e Klaes Piersreed (Burgumerheide) roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Der siet gjin sleef yn 'e brijpot.
nl.verhalenbank.20333
By Boelensloane om, sahwat tusken it Blauhûs en de Boelensloane, roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals, wie 't sizzen altyd.
nl.verhalenbank.25467
Op 'e Boppewei spûke de âlde hear. Dêr siet earne in skat yn 'e groun, dêr't hy op ta gong.
nl.verhalenbank.31994
Yn Sumar spûket in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.30334
By glêdde Klaes yn 'e Bosk (yn 'e Harkema) hat in húske stien. Dêr spoeken altyd twa neakene berntsjes om.
nl.verhalenbank.22095
Yn Garyp, tusken de Sumarrehoeke en it eigenlike doarp spoeke altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.20278
Tusken de Sawn Hûskes en de Skûlenburgster brêge spûke in houn mei in brijpot om 'e hals. Dêr waerden wy as bern bang mei makke. Op in joun moesten myn broer en ik as jonges ris in brief yn 'e bus bringe by de brêgedraeijer. Doe kaem dêr in ûnbikende swarte houn op ús ta. Wy binne fan bangens wer nei hûs gong.
nl.verhalenbank.31403
As deaden gjin klean meikrije yn 'e kiste, of net genôch, dan komme se werom.
nl.verhalenbank.22245
Yn 'e plaets fan Theunis Oostenbrug op Burgumerheide roannen nachts in pear famkes it bûthús op en del en dy kuijeren dêr sa'n hiele nacht hân yn hân hinne en wer. Der waerd wol biweard dat ien fan dy famkes dêr yndertiid formoarde woarn is.
nl.verhalenbank.20335