Der spoeke op 'e Ikkers ek in mantsje mei in kroade. Dat wie in hiel lyts mantsje. Guon biwearden dat er swart wie.
Guon ha him wol sjoen. Dat mantsje flokte hiel bot.
It sil deselde west ha dy't dêr nachts yn dat húske kaem.
De measten doarsten net yn dat húske to wenjen.
nl.verhalenbank.37234
Nei tolven yn 'e nacht kom der yn Harkema net ien mear op 'e wei. Sa binaud wienen se foar de spoeken.
nl.verhalenbank.22228
By 't spul fan Albert Bakker spoeke in swarte dame om. Hja hie forkearing hawn mei ien, dêr't har heit op tsjin wie. Hja wie weikwynd en sûnt spoeke hja dêr.
nl.verhalenbank.21866
Ik haw in kammeraedtske hawn, dat wie Sjoeke. Dy wenne yn 'e Westerein. Har âlde mem kom by har yn to wenjen. Dy hie aerdich hwat sinten, mar dy rekken op. Doe wie Sjoeke hounsk tsjin 't âld-minske.
Op in kear gong se mei de feint to reedriden. Hja lei har mem achter de bêdsdoarkes del.
Doe't se werom kommen fan it riden wie har mem dea.
Letter wie 't dêr...
nl.verhalenbank.21669
Op it Lútsensloantsje to Garyp roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.31519
Oan 't Heideloantsje yn Twizelerheide hâldde froeger in wyt spoek ta. Elkenien dy't dêr lâns kaem, moest oan kant gean, oars waerd er troch dat wite spoek in ein fuort smiten.
nl.verhalenbank.20014
Op 'e Godloas Singel spoeke de âld hear. Dy mat dêr yn in slot wenne ha. Dy kiste mei jild hat fan him west.
nl.verhalenbank.29804
Op 'e Boelensloane stie in hulzeboskje. Dêr roan altyd in hountsje om mei in kuorke yn 'e bek.
Dat spoeke dêr. 't Wie doe noch sânwei. Dêr wie elk bang foar.
(is dit nu weer wat anders dan de hond met de pappot?) A.A.J.
nl.verhalenbank.24313
Yn 'e Burgumerheide wie ek in fôlle mei in brijpot om 'e nekke.
nl.verhalenbank.30428
By de Heale Wei, seinen se, roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21876
Op 'e Sumarreheide roun in fôle mei in brijpot om 'e nekke en ek op 't Lútsensloantsje ûnder Garyp.
nl.verhalenbank.31640
Yn Aldegea roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.22984
Oastlik fan 'e Brandsma-loane yn Garyp is in leantsje. Men wol ha dat dêr yn dat loantsje in fôlle spûket mei in brijpot om 'e hals. Guon doarsten der froeger net lâns.
nl.verhalenbank.32201
Wy hawwe mei de fiskersaek wol yn 'e Earnewarren lein by 't Jehannes Douwes lân. Dan seinen se: "Doare jimme dêr wol lizze?" Hwant dêr reizgen altyd trije froulju lâns, dy spoeken dêr, seinen se.
nl.verhalenbank.24853
De kant út nei Kûkherne, oan 'e Noardkant, dêr wie froeger in bosk en dêr spoeken by nacht twa famkes. Der waerd sein, dat dy dêr formoarde woarn wienen. Ik haw wolris fortellen heard dat dy famkes forgroeid (oan elkoar groeid) wienen. Guon seagen der tsjin oan om dêr jouns lâns to gean.
nl.verhalenbank.29797
Op 'e wei fan Eastemar nei Sumar (de Sumarrewei) spoeke altyd in man mei in koe. Nageat hiet dy man. Dy man is dêr formoarde woarn.
nl.verhalenbank.19791
Op 'e Spûkeloane to Jistrum roun nachts in fôle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.31196
Yn 'e Westerein, by 't spoar, hjir tichteby, by de oerwei, dêr spûken yn 'e nacht twa berntsjes om. Dy hienen reade bantsjes om 'e hals.
nl.verhalenbank.29526
Auke Roanes fan Eastemar hat op 'e Parsingel in wyt hynder spûkjen sjoen. Der siet in mynhear op mei in wyt befke foar.
nl.verhalenbank.21813
Op 'e Lútsensloane dy't op 'e Easterein yn Garyp útkomt, roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr waerden wy as bern bang foar makke.
nl.verhalenbank.32067