Op Hústerheide (ûnder Burgum) dêr spoeke soms ien om mei in great wyt ding op 'e holle. Dat gong nou us omheech en dan wer omleech. Forskate lju ha it sjoen.
nl.verhalenbank.20276
Op 'e Lútsensloane dy't op 'e Easterein yn Garyp útkomt, roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr waerden wy as bern bang foar makke.
nl.verhalenbank.32067
By de Simmerdyk oan 'e Klaes Piersreed (Burgumerheide) roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Der siet gjin sleef yn 'e brijpot.
nl.verhalenbank.20333
Diuwke by Nacht spûke nei har dea yn Garyp fan 'e buorren nei Sumar. Der binne genôch dy't har sjoen ha. Dit is wrachtich wier.
nl.verhalenbank.32481
Yn Garyp, tusken de Sumarrehoeke en it eigenlike doarp spoeke altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.20278
Yn 'e plaets fan Theunis Oostenbrug op Burgumerheide roannen nachts in pear famkes it bûthús op en del en dy kuijeren dêr sa'n hiele nacht hân yn hân hinne en wer. Der waerd wol biweard dat ien fan dy famkes dêr yndertiid formoarde woarn is.
nl.verhalenbank.20335
Op 'e Achterwei yn Sumar, dat yndertiid in sânreed wie, spûke in grouwe swarte houn. Hy kom by de minsken en woarde ek samar fansels wer wei.
nl.verhalenbank.20391
Folkerts Antsje wenne op 'e Tike. Hja is wol 40 jier dea. Hja wenne oan 'e Susterwei op 'e Skieding. Elke saterdeijoun moest it minske nei Nyegea om boadskippen. Dêr hie se in great hekel oan, hwant dan moest se oer in brechje dat oer de Tykster feart lei en dêr spûke it. Dêr húsmanne de duvel.
Op in kear hie se wer nei Nyegea to boadskipjen [west], doe...
nl.verhalenbank.32156
By de hulzenhage, tichte by 't Blauhûs spûke altyd in grouwe houn, seinen se.
Myn neef wie boerearbeider fuort by 't Blauhûs. Dy moest alle moarnen om fjouwer ûre dêr lâns, dan moest er nei Tsjerk Poppinga ta. Op in kear doe wie der sa'n grou beest by him kom en dat beest sette him de poaten op it boarst. Dat neamden se in pleachbeest. Sûnt dy tiid hie...
nl.verhalenbank.32777
Piter Poes, de duvelbander fan Sumarreheide, hat de beide adfokaten Lubbert en Olfert út 'e Sweach weihelle mei in wein en doe hat er se nei in stik lân brocht by de Krúswetters, dat de namme Advocatelân krige. Dy advokaten spûkje dêr noch altiten om. Mei de klomp makke Piter Poes in sirkel yn 't lân en spriek de ban oer de beide mannen út.
Hja koenen...
nl.verhalenbank.31901
Piter Poes kaem út 'e kusten fan Liphuzen. Dêr wie er wol hwat bikind. Op in kear wie er dêr hinne. Doe't er wer nei Sumarreheide ta soe trof er twa advokaten.
Dy soenen út to riden nei Garyp ta. It wienen Lubbert en Olfert. Piter Poes koe se wol. It wienen greate stjonkerts. Se rûpelen it gewoane folk út. It wienen hiele minnen.
Piter frege of er mei...
nl.verhalenbank.32069
Yn Aldegea spoeke de man fan 't slot.
Yn 't West spoeke it ek hiel bot. Dêr wienen bern forstoarn, dy't har gerak net krigen hienen mei 't biklaeijen.
Der wie ek in tsjoenster. Dy fleach mei in gleone latte om 't hûs hinne en tsjoende krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.32467
Dêr't nou Hamburg wennet hat earder in kastlein wenne, dy hat syn mem ophong, ek in hûs opbrând en syn eigen wiif forsûpt. Haeije Pyl fan de Tike (ek Haeije Klaphakke of Haeije Smyt oan 'e Balke) hat it foar him dien. Letter spoeke dêr altyd in dame yn 't swart. De kastlein joech him oan 'e drank oer.
nl.verhalenbank.32464
Yn 't Wêst fan Bûtenpost wie in Spûkereedtsje. Dat is nou in hurde wei woarn. Dêr roan froeger altyd in fôlle mei in tsjettel om 'e hals. Dy spoeke dêr. Ik ha wol famkes kend dy't dêr jouns net lâns doarsten.
nl.verhalenbank.22854
To Feankleaster, by de beide slotten, dêr spoeket it. Guon ha dêr wite wiven spoekjen sjoen. By de daem hingje soms sokke wiven mei de earms oer de hekke hinne.
nl.verhalenbank.20537
Us pake fortelde, dat der spûke froeger in wite dame op 'e Kletten. Mannichien hie har by nacht sjoen. De Kletten lizze by Drachten. Pake wenne op 'e Tike.
nl.verhalenbank.29612
By 't Blauhûs roan in pleachbeest. 't Wie krekt in grouwe houn. Net ien doarst dêr jouns allinne lâns.
nl.verhalenbank.32419
Yn 'e Rottefalle spûke froeger in hynder mei in fôlle yn 'e bek. Der kaem dêr in famke út 'e jounsskoalle, dat fleach sûnder klompen oan nei hûs ta.
"Hwat skeelt dy?" frege har heit.
"It hynder siet my achternei mei de fôlle yn 'e bek", sei se. Dit is al hiel lang lyn.
nl.verhalenbank.29615
Tichte by de Drachtster Pipe is Teadehoekje, by de Slingerwei. Dêr spûket it. Dêr op 'e hoeke ha se froeger in fékoopman formoarde. Dat wie Teade. Hy hie nei de merk ta west dêr't er in koe forkocht hie. 't Jild hied er yn 'e bûse hawn. Dat hienen se him ûntstellen. Letter seagen guon dêr yn 'e nacht in man oer de wei hinne krûpen mei in koe oan 't tou....
nl.verhalenbank.36260
Ruerd Veenstra is letter troud en hy kom yn 'e stêd to wenjen. Op in snein kochten hy en syn maet in glês bier yn in kroech. Dêr siet doe krekt in roerich ploechje jonkfolk. Dy wienen och sa lestich. Hja hellen de messen ta de bûsen út en wienen drok en healwiis.
't Bigoun Ruerd to forfelen. Ruerd sei tsjin syn maet:
"Ik hie der wol sin oan om dat folkje...
nl.verhalenbank.36248