Der waerd sein dat der nachts tusken Blaufallaet en Bûtenpost in frommes yn in regenkleed omspûke.
nl.verhalenbank.31115
Yn 'e buert fan Houtigehage stie in hûs, dêr doogde 't net yn. De frou hie in kear yn 'e hoeke sitten. Doe wie der hwat by har yn 'e hûs kom, dat wie by har op 'e skelk kom. 't Wie in forstoarn minske.
De frou hie de skelk foarwei dien, doe kom it by har op 'e skoat.
Doe ha se der in doomny by helle. Dy spruts it spoek oan. Hja moest sizze hwat der oan...
nl.verhalenbank.25180
Hjir spoeken ek wol berntsjes om dy't gjin rêst founen nei de dea. Dy dounsen nachts om in skuorstile om.
nl.verhalenbank.24241
By de hulzenhage, tichte by 't Blauhûs spûke altyd in grouwe houn, seinen se.
Myn neef wie boerearbeider fuort by 't Blauhûs. Dy moest alle moarnen om fjouwer ûre dêr lâns, dan moest er nei Tsjerk Poppinga ta. Op in kear doe wie der sa'n grou beest by him kom en dat beest sette him de poaten op it boarst. Dat neamden se in pleachbeest. Sûnt dy tiid hie...
nl.verhalenbank.32777
Yn 't Wêst fan Bûtenpost wie in Spûkereedtsje. Dat is nou in hurde wei woarn. Dêr roan froeger altyd in fôlle mei in tsjettel om 'e hals. Dy spoeke dêr. Ik ha wol famkes kend dy't dêr jouns net lâns doarsten.
nl.verhalenbank.22854
To Feankleaster, by de beide slotten, dêr spoeket it. Guon ha dêr wite wiven spoekjen sjoen. By de daem hingje soms sokke wiven mei de earms oer de hekke hinne.
nl.verhalenbank.20537
Us pake fortelde, dat der spûke froeger in wite dame op 'e Kletten. Mannichien hie har by nacht sjoen. De Kletten lizze by Drachten. Pake wenne op 'e Tike.
nl.verhalenbank.29612
By 't Blauhûs roan in pleachbeest. 't Wie krekt in grouwe houn. Net ien doarst dêr jouns allinne lâns.
nl.verhalenbank.32419
Yn 'e Rottefalle spûke froeger in hynder mei in fôlle yn 'e bek. Der kaem dêr in famke út 'e jounsskoalle, dat fleach sûnder klompen oan nei hûs ta.
"Hwat skeelt dy?" frege har heit.
"It hynder siet my achternei mei de fôlle yn 'e bek", sei se. Dit is al hiel lang lyn.
nl.verhalenbank.29615
Hjir is in dobbe, dêr ha se alris 'help help' yn roppen heard, sûnder dat der in minske yn wie. Nou tinke se dat dêr noch ris ien yn fordrinke mat.
nl.verhalenbank.37787
Men koe net jan en alleman by 't fé litte. Der wienen guon dy hienen de kweade hân, dy makken 't fé siik. Sokken, dêr pasten de minsken foar op.
nl.verhalenbank.37793
De minsken dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompel, omdat se bang wienen dat âlde Janne Luts oars by har yn 'e hûs komme soe. Janne Luts wie in tsjoenster.
De bern droegen duveldrek op it boarst. Dat wie èk om har.
nl.verhalenbank.37792
In nachtmerje wie in man of in frou, dêr't men deis oer prakkesearre en dy't dan nachts by jin kaem. Men moest hinnegean en stopje de kaeisgatten fol guod, hwant de nachtmerjes kamen altyd troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.37786
Wy mochten froeger net op in pod traepje, oars kaem der swiere tonger.
nl.verhalenbank.37790
Op it tsjerkhôf to Boelensloane hâldden altyd gâns wylde kninen ta. Myn heit gong dêr faek hinne to kninefangen. Dat die er dan mei strikken. Myn broer Miente naem er faek mei. Dat wie doe in lytse jonge.
't Wie op in winterjoun by ljochtmoanne waer. Der lei snie. Heit en Miente wienen op 't tsjerkhôf.
Doe kom krekt Germ Tuinstra (Germ Smous waerd er...
nl.verhalenbank.37784
Yn 'e Blaudobbe to Houtigehage ha guon sjoen dat twa fordrinke soenen. Mar it is oan diz tiid ta net gebeurd.
nl.verhalenbank.25169
As jo drome oer fisk of oer hynders, dan komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.29419
Minse Griper fan Boelensloane - myn âldomke - hie in toverboek. Dêr hied er ris yn lêzen. Doe wie der fan alles op 'e lappen kom. Doe moest er alles like hurd werom lêze.
Mar dat koed er sa hurd net. Doe wienen de roeken allegear al om him hinne yn 'e hûs west.
Hy hie fan alles al prebearre om tiid to winnen. Hy hie earten en beannen trochinoar mingd, mar...
nl.verhalenbank.25592
Minse Griper koe mei 't toverboek ek soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.25593
Myn skoanmem seach faek wylde lantearnen. Dat wienen de lettere fytsljochten.
nl.verhalenbank.29418