Myn pake, dat wie âlde Freark Prûk. Dy fortelde us in kear, der wienen in man en in frou, dy koenen och sa min mei elkoar. Doe hie dy frou us tsjin har man sein: "As ik aenst stjer, dan sil ik lykwols de tafel en de hurd skjin hâlde."
En sy hâldde wurd. Sy stoar en woarde biierdige.
Alle nachten kom se, sahwat om in ûre of ien hinne by har man. Dan gongen...
nl.verhalenbank.21765
Yn Eastemar, tusken Skûlenburch en de Sawn húskes dêr't nou sahwat de bensinetank stiet, roan froeger altyd in houn om mei in brijpot om 'e kop. 't Wie in houn mei hiel gleone egen, seinen se. Wy wienen der as bern stjerrend binaud foar.
nl.verhalenbank.21955
Men hearde hjir yn 'e Westerein wolris praten oer minsken dy't al lang dea wienen, mar dy't men letter wer seach. Sokken koenen de rêst net fine. Hja hienen faek in bigearte.
nl.verhalenbank.32040
Yn 'e Westerein wenne in âlde hynstekoopman. It wie bikend dat hy de hynders o sa min bihandele. De dieren krigen hast neat to fretten en kamen heal fan 'e honger om. En hy bihandele se och sa wreed.
Letter kamen dy hynders, doe't se dea wienen, yn 'e nacht by him oan hûs. Dan rinkelen se oan 'e ring fan 'e doar en dan hearde dy hynstekoopman de hoeven...
nl.verhalenbank.29931
Hjir spoeken ek wol berntsjes om dy't gjin rêst founen nei de dea. Dy dounsen nachts om in skuorstile om.
nl.verhalenbank.24241
It hat dêr op 't Lange Ein altyd spûke.
Der wienen hjir trije bruorren. De âldste wie by de boom. De keppelbaes wie Jelle Japiks. Mei dy keppelbaes gong er geregeld to wjûden.
Syn beide jongste bruorren sochten op in kear gjers. Dat laedden se op 'e kroade. De âldste broer soe dat kroadfol gjers ophelje. Salang sieten de beide oaren op 'e kroade en...
nl.verhalenbank.30387
Alde Japik Mulder wenne op it Wytfean. It wie in broer fan Gauke Mulder. Hy wenne yn myn jonge jierren op 'e plaets, dêr't letter Frits Benedictus wenne hat. Myn âldste broer Jan en ik wienen dêr us op in joun oan 't hôfkesjongen. Doe kom Japik der oan. Hy roan by de hutte lâns en gong sa it paedtsje del nei it hôf ta. Japik wie doe al in pear jier dea,...
nl.verhalenbank.19964
Het spook te Well
Personen die te middernacht te Well de laan passeerden, die van het kasteel naar de molen leidt, ontmoetten er altijd een heer, die daar tot één uur heen en weer wandelde over het Broekveld, om dan in de straat die van het kasteel naar de Korte Gang gaat, om te keren en te verdwijnen.
Die heer had ogen in het hoofd als gloeiende kolen en...
nl.verhalenbank.43327
In de wijk Maaswijk, vlakbij het dorp Hekelingen, lag aan de Gaddijk een zwaar gehavend pand wat bij de inwoners van Spijkenisse bekend stond als “het spookhuis”. In 1998 vond er een gasexplosie plaats, waarbij de bewoner en zijn huisdieren zijn omgekomen. Sommige beweren er vreemde geluiden te hebben gehoord zoals het hinniken van een onzichtbaar paard....
nl.verhalenbank.49884
Yn 'e buert fan Houtigehage stie in hûs, dêr doogde 't net yn. De frou hie in kear yn 'e hoeke sitten. Doe wie der hwat by har yn 'e hûs kom, dat wie by har op 'e skelk kom. 't Wie in forstoarn minske.
De frou hie de skelk foarwei dien, doe kom it by har op 'e skoat.
Doe ha se der in doomny by helle. Dy spruts it spoek oan. Hja moest sizze hwat der oan...
nl.verhalenbank.25180
Mar et heyt up een witte pål, dår wordt een man vermourded weasen um syn paerd. En dee sucht altyd noch um syn paerd. See kunnen hum süms trevven … dan had hee een Nedderlanske vlag um hum henne, mar een nöäs had hee neet. Mar y kun ouk trevven dat e in een wit laeken was, en dat löyp hee med een doudskup, doudshöyvd, up een skåle, löyp hee derumme. See,...
nl.verhalenbank.128363
Piter Poes, de duvelbander fan Sumarreheide, hat de beide adfokaten Lubbert en Olfert út 'e Sweach weihelle mei in wein en doe hat er se nei in stik lân brocht by de Krúswetters, dat de namme Advocatelân krige. Dy advokaten spûkje dêr noch altiten om. Mei de klomp makke Piter Poes in sirkel yn 't lân en spriek de ban oer de beide mannen út.
Hja koenen...
nl.verhalenbank.31901
Ze zèie vroeger wel, Opte Hoedieks”, een stuk diek bé’j de Wieringenhoek, doar liep vroeger soaves duk ’n been. Aanders niks as één been. En da liep doar mar wa rond. Soms was er ok nog ’n klein lichje op ’t been. Da was nog griezeliger. De minse waren er bar bang vur. Ze zèie wel tege de kiender: “Kom soaves nie te loat thuus, aj over de Hoedieks mot....
nl.verhalenbank.45930
Doe't ús mem net mear op har sels wêze koe kom se by Schoppert op Wilhelmina-hoeve yn in keammerke ûnder Grinzer Pein. Dêr wie in minske yn dat keammerke forstoarn.
Op in kear fortelde mem my: "Dat minske dat hjir yn dit keammerke forstoarn is, hat by my west. Ik seach har stean en ik hâldde it gesicht op har. Hja hie sokke moaije klean oan."
"Wie mem net...
nl.verhalenbank.32825
As ien dy't stoarn wie, in to lyts bierkleed oankrige, koe er de rêst net krije. Dan dwaelde er yn 'e nacht om en koe men him rounom tsjinkomme. As er jin de hân tastuts moest men dy fral net oannimme, net beet krije. Hwant dan rekke men jins hân kwyt. Men koe him wol hwat tarikke, in bûsdoek of sa.
Dit fortelden lju fan 'e Westerein elkoar as se op...
nl.verhalenbank.29959
Uut de verhoale doarover bliekt, da vroeger de eerlijkheid diep ien de minse zat. Zij, die nie eerlijk ware, bijvoorbeeld minse, die hun schuld nie betoald hadde of geleend geld nie teruggegeve, krege gen rus ien ’t graf. En dan kwame ze er uut en wiere dör de minse gezien.
nl.verhalenbank.50243
Op 'e Deltike hat in âld minske wenne, dat wie de widdou Tiekstra. Dy roan sa bot foaroer, dat sy kom hast mei de holle op 'e groun. Dy hienen in dochter, dy tsjinne yn Grou by de boer. Dat fanke krige dêr forkearing. Mar dat stie de âlden net oan, dy woenen 't net lije dat se mei dy feint trouwe soe. Doe forwachte hja in bern.
Doe doarst se net thús to...
nl.verhalenbank.32639
Op 'e Finnen to Feanwâlden lei faek in skipper oan 'e wâl. Mar as er even fan 't skip ôf wie of hy wie mei syn frou to winkeljen, dan lei it skip altyd los, as er thúskom. It gebeurde nachts ek wol, as se op bêd leinen. Dan wie 't skip de oare deis los.
Op in kear doe wie de skipper nei in feest ta. Doe't er werom kaem wie 't hiele skip fuort. Doe seach...
nl.verhalenbank.30953
Yn 'e Hamsterpein forstoar in man. Fantofoaren hie er sein, hy woe dêr en dêr lizze op it tsjerkhôf. Hy hie in pealtsje oanbringe litten, dan koenen se 't sjen. Klaes Schievink hiet er. 't Wie in boer.
Foar syn dea sei er, hy bigearde in glês yn 'e kiste, dan koed er it lân nochris oersjen.
Hy hie de boel forerfd, mar hy wie net ticht by 't pealtsje...
nl.verhalenbank.25337
It Langpaed rint fan Readskuorre nei de Surhuzumer tsjerke. Dêr kuijeren altyd twa wite wiven. Dy spoeken dêr.
Froeger woarden de minsken warskôge: "Tink der om, gean dêr net lâns."
Dêr mat us in bigraffenis lâns kom wêze. De wein mei kiste en alles is doe yn 'e sleat rekke.
nl.verhalenbank.22060