206 datasets found
Dutch Keywords: ronddolen
By 't Blauhûs roan in pleachbeest. 't Wie krekt in grouwe houn. Net ien doarst dêr jouns allinne lâns.
nl.verhalenbank.32419
Op 'e Godleas Singel wie in pleachbeest, dat roun dêr om. 't Wie swart en like op in houn. Guon ha 't wol sjoen.
nl.verhalenbank.30393
Yn 'e Rottefalle spûke froeger in hynder mei in fôlle yn 'e bek. Der kaem dêr in famke út 'e jounsskoalle, dat fleach sûnder klompen oan nei hûs ta. "Hwat skeelt dy?" frege har heit. "It hynder siet my achternei mei de fôlle yn 'e bek", sei se. Dit is al hiel lang lyn.
nl.verhalenbank.29615
Yn 'e Easterein fan Garyp spûke altyd in herdershoun. Ik ken wol minsken dy't him dêr sjoen ha.
nl.verhalenbank.20324
Op 'e Swarte Wei to Eastemar spoeke froeger altyd in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.20086
De ridder van het kasteel Kernhem zou hier gaan trouwen met zijn bruid. De ridder heette Udo den Boze. Op de dag van de trouwerij kwam hij niet opdagen. Sindsdien doolt de vrouw hier rond. In een Suske en Wiske komt het verhaal, en dat van de bloedsteen, voor. De bloedsteen ligt verderop op het landgoed, als je hier de laan volgt.
nl.verhalenbank.48905
By de Heale Wei rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21867
Nei tolven yn 'e nacht kom der yn Harkema net ien mear op 'e wei. Sa binaud wienen se foar de spoeken.
nl.verhalenbank.22228
By 't spul fan Albert Bakker spoeke in swarte dame om. Hja hie forkearing hawn mei ien, dêr't har heit op tsjin wie. Hja wie weikwynd en sûnt spoeke hja dêr.
nl.verhalenbank.21866
Ik haw in kammeraedtske hawn, dat wie Sjoeke. Dy wenne yn 'e Westerein. Har âlde mem kom by har yn to wenjen. Dy hie aerdich hwat sinten, mar dy rekken op. Doe wie Sjoeke hounsk tsjin 't âld-minske. Op in kear gong se mei de feint to reedriden. Hja lei har mem achter de bêdsdoarkes del. Doe't se werom kommen fan it riden wie har mem dea. Letter wie 't dêr...
nl.verhalenbank.21669
Op it Lútsensloantsje to Garyp roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.31519
Oan 't Heideloantsje yn Twizelerheide hâldde froeger in wyt spoek ta. Elkenien dy't dêr lâns kaem, moest oan kant gean, oars waerd er troch dat wite spoek in ein fuort smiten.
nl.verhalenbank.20014
Yn 'e Burgumerheide wie ek in fôlle mei in brijpot om 'e nekke.
nl.verhalenbank.30428
By de Heale Wei, seinen se, roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21876
Yn Aldegea roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.22984
Om in ûre of tolve hinne wie hjir by Bennema-State froeger altyd in swarte houn. Dat wie in pleachbeest, seinen se. Hy biet jin net, mar hy roun altyd in ein mei en makke de minsken binaud.
nl.verhalenbank.31046
Oastlik fan 'e Brandsma-loane yn Garyp is in leantsje. Men wol ha dat dêr yn dat loantsje in fôlle spûket mei in brijpot om 'e hals. Guon doarsten der froeger net lâns.
nl.verhalenbank.32201
Wy hawwe mei de fiskersaek wol yn 'e Earnewarren lein by 't Jehannes Douwes lân. Dan seinen se: "Doare jimme dêr wol lizze?" Hwant dêr reizgen altyd trije froulju lâns, dy spoeken dêr, seinen se.
nl.verhalenbank.24853
Op 'e wei fan Eastemar nei Sumar (de Sumarrewei) spoeke altyd in man mei in koe. Nageat hiet dy man. Dy man is dêr formoarde woarn.
nl.verhalenbank.19791
Op 'e Spûkeloane to Jistrum roun nachts in fôle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.31196