Klaes Wybenga hie forkearing mei in faem, dy wenne op 'e Frijstêd. Doe't er dêr foar de earste kear hinne gong seinen de minsken tsjin him, hy moest foarsichtich wêze, hwant dêr roan in strûpt hynder. Mar Klaes swearde by heech en by leech dat it him neat skele koe.
Op in snein-to-joun soed er wer ris nei de faem ta, doe seach er dêr it strûpte hynder...
nl.verhalenbank.33426
Japik Ingberts wie ôfgryslike fluch. Se ha him us achternei sitten, doe ried er op it hynder al mar yn 'e rounte. Se koenen him noait krije.
nl.verhalenbank.23427
De heit fan myn skoandochter hat faek nei de Grinzer klaei ta west to arbeidzjen op 'e bou. Hy hat dêr ris yn in spûkskuorre oernachte.
Se hearden dúdlik dat der dêr midden yn 'e nacht yn dy skuorre terske woarde. De skuorredoarren gongen iepen en de hynder-en-wein kom der oanriden; en dan waerd der sein: "Fuort, kedde!"
Dat hied er allegear klear heard.
nl.verhalenbank.23767
Us heit tsjinne by de boer. Der wie yn dat plak in feart mei in brêge der oer. Op in kear doe stie der in protte folk by dy brêge. Heit wie der ek by. Doe hearden se in stem út it wetter wei: "De tijd is der al, maar de man is der niet." Dat woarde in pear kearen achter elkoar sein. Mar der wie neat to sjen.
Doe kom der in seas oan riden mei in hynder der...
nl.verhalenbank.20091
Us heit tsjinne by in boer. Hy hie der us op in kear op út west en kom op in joun thús.
Doe stie Rikele Myt by de boer op 't hiem. Hja stie by 't hynder en kaerde 't yn 'e moanjes om. Rikele Myt wie in tsjoenster.
De oare moarns sei heit tsjin 'e boer: Dat en dat haw ik sjoen - "Ik doar wedzje," sei er, "dat it hynder fan 'e wike dea leit."
't Kom krekt...
nl.verhalenbank.20098
Ik ha twa jier lang forkearing hawn mei in feint, dy hiet fan Oene. Dy syn broer wie mei de helm geboaren. Hy seach altyd lykstaesjes.
Op in kear wied er mei oar jongfolk op 'e wei.
"Even oan kant," sei er, "der komt hwat oan."
Mar de oaren seagen neat en laken him út en sy bleauwen stean.
Doe is ien fan har oer hynder en wein en alles hinne smiten. Hy...
nl.verhalenbank.21993
Sterke Hearke fan de Ham wie ris oan 't ploegjen op it lân. Hy hie net in hynder foar de ploech. Doe kom der ien by him.
Dy sei: "Kinne jo my ek fortelle hwer't sterke Hearke wennet."
Hearke krige de ploech beet en tilde him mei ien hân fan 'e groun. Doe wiisde er mei dy ploech nei syn hûs.
"Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28841
Egbert Golo wie mar in lyts mantsje. Mar 't wienen allegearre spieren. Hy wie oersterk. Hy hie buorkerije.
Op in kear doe wienen der trije jonge bazen, dy seagen Egbert Golo oankommen mei hynder en wein. Sy seinen tsjin elkoar: "Nou kinne wy in moaije grap ha, dan wite wy ek, hoe sterk hy is."
Doe lei dêr in dikke, grouwe beam, dy wie ôfkapt.
De trije...
nl.verhalenbank.28846
Alde Foppe van der Ploeg syn heit fan Koatstermoune fortelde, Hearke hie ris in weinfol dong út it skerngat lutsen, doe't de hynders it net dwaen koenen.
nl.verhalenbank.38638
Sterke Hearke wie ris oan 't ploegjen mei twa hynders foar de ploech. Der kaem in man by him, dy frege him hwer't Hearke wenne, hwant hy moest nei Hearke ta.
Hearke hie de beide hynders útheakke en de ploege beetpakt. Dy hied er optild en sein: "Dêr wennet er."
nl.verhalenbank.38637
Yn 'e Falom, op 'e Breedte gebeurde 't faek, dat de tsjernmoune yn 'e nacht gong. Hja hearden it hynder klear yn 'e rounte gean. Dat wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.28450
Op 'e Boppewei by de Westerein rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals, sizze se.
It sizzen is ek, dat der oan 'e Boppewei in brún hynder stiet mei de kop oer de hekke hinne.
nl.verhalenbank.28444
Fokke ried ris mei in weinfol baelders. Doe briek der ûnderweis in rad fan 'e wein.
Doe krige Fokke it rad beet en tilde dat op wylst er it hynder mende en dat hâldde er sa fol oan hûs ta.
nl.verhalenbank.38335
Dedde kom op in joun thús, doe hied er in weinfol tsiis ophelle. 't Wienen allegear dikke fjirtich-pouners.
Mar doe rekke de wein yn 't sân en kom tsjin in dampeal oan. Dedde fan 'e wein ôf. 't Hynderke koe neat mear dwaen.
Dedde set de wein samar even oan kant troch der achter tsjin oan to stean, mei de rêch en de beide hannen der ûnder.
Sa fortilde hy...
nl.verhalenbank.27386
Fan ien fan 'e sawn opelkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje.
Nachtmerjes flechtsje hynders flechtsjes yn 'e moanjes.
Mem sei wolris, in nachtmerje wie sa'n leaf, lyts mantsje.
Ik ha wolris heard dat se oer it wetter farren komme en dan tige moai sjonge, en dat se troch it kaeisgat yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.28442
Fokke Veenstra moest omke sizze tsjin Bontsje Keke (= Knjillis Veenstra). Fokke wie ôfgryslike sterk.
Op in kear brochten seis spoarwachters yn 'e Westerein in stik izer by 't spoar wei. En dat brochten se op in plak dêr't Fokke Veenstra lâns moest. Hja woenen ris sjen hoe sterk as er wie en forburgen har. It stik izer lei Fokke yn 'e wei. Hy moest dêr...
nl.verhalenbank.38334
Japik Ingberts wie in greate dief. Dy stiel alles by elkoar.
Hy hie ris wer hwat bidreaun. Doe sochten de plysjes him mei hynder en wein. Hja sochten him tusken Ljouwert en Burgum. Mar hja koenen him net fine. Doe wie dêr in man op 'e wei west, dat like in foarname hear. Hy hie in hege hoed op hawn, it like wol in doomny. Dy mynhear hâldde de plysjes oan...
nl.verhalenbank.28707
De dichter Joost van den Vondel moest nei Leiden ta. Hy wie to gean, mar doe kom der him in man achterop mei hynder en wein. Vondel tinkt: "Miskien kin 'k mei ride."
Hy koe de boer wol, dy't op 'e wein siet. Dat wie net sa'n bêsten ien. Nachts dan forweide er syn beesten yn in oar syn lân. Dat wist Joast allegear wol.
"Kin 'k ek mei ride?" frege er.
De...
nl.verhalenbank.28399
Doe't skoanheit wei wie, spoeke it noch like goed yn it húske. It hat dêr altyd spoeke. De hinnen sieten boven op 'e matte boven de beesten en dy gongen soms midden yn 'e nacht sa bot to kear, dat de minsken woarden der wekker fan. Dan raesden dy hinnen moart en brân. Krekt as soenen se formoarde wurde.
It hynder stie moarns soms los op 'e stâl.
De doar...
nl.verhalenbank.21996
It wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Myn man wie yn Dútslân oan 't wurk. Ik wist noch net hwannear't er thúskomme soe.
'k Siet op in joun by de tafel. Dêr stie myn man foar 't glês, in bytsje roungear. Hy hie roetswart hier en in swarte snor. Sa stie er foar 't glês to sjen.
Ik draeide my even om. Doe't ik wer seach, wied er fuort.
"Nou komt Kei gau thús,"...
nl.verhalenbank.22017