As jo drome oer fisk of oer hynders, dan komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.29419
't Is wol gauris gebeurd, dat, as der ien mei hynder en wein ried by nacht, it hynder ynienen stean bleau. Dan woe 't mei gjin stok fierder. Dan seach it in lykstaesje.
nl.verhalenbank.25615
Alde Jille Pultrum fan Houtigehage kom us by it heidetsjerkhôf lâns, doe stienen dêr in pear mei redenskleden oan.
"Goeije navend", sei Jille Pultrum.
Mar sy seinen neat werom.
Trije kear sei Jille 'Goeije navend'. Mar sy wienen gelyk stean bleaun. Doe tocht er: "Dit is gjin goed spul. Nou gean 'k mar mar fierder."
nl.verhalenbank.25179
Yn 'e buert fan Fryskepeallen mat in hiel sterke keardel wenne ha. Sterke Ynse neamden se him. Froeger wienen de minsken wol oan 't stiensykjen. Dêr wienen se ek no mei dwaende yn Fryskepeallen.
Doe hie dêr in hiele grouwe bolstien lein. Net ien dy't dy bolstien tille koe. Mar Ynse hie him samar opnom en op 'e wein lein, dy't him nei de pream ta ried.
Ek...
nl.verhalenbank.19588
Boardzer is mei de helm geboaren. Wurdt de helm nei ûnderen strûpt, dan is it goed, gebeurt it oarsom, dan mat er alles sjen.
In hynder wurdt ek sa geboaren. Strûpt men de helm achterstofoar ôf, dan draecht er de kop omheech, docht men it nei ûnderen ta, dan rint er mei de kop foardel.
nl.verhalenbank.23871
Twa man fan 'e Houtigehage gongen in kear mei in wein mei bijen nei Drinte ta nei de heide. Dêr roan in hynder foar. Underweis by de Mouneleane achter Duerswâld dêr kom in grouwe swarte houn oansetten. Dat wie in pleachbeest. Dy roan by har lâns. Sy skopten him yn 'e sleat, mar in eintsje fierder, dêr wied er al wer njonken har.
Doe ha se him wer yn 'e...
nl.verhalenbank.23730
Bareld Pultrum fan 'e Houtigehage gong us op in kear nei Jonge Jan ta fan it Wytfean. Dat wie in kwaksalver en hy fédoktere in soad. Bareld woe him ris op 'e proef stelle.
Hy woe wite hoe kundich Jonge Jan wie. Hy hie it hier fan twa soune hyns meinom en dat joech er jonge Jan oer.
De hynders wienen net goed, sei er. Doe joech jonge Jan him twa doaskes...
nl.verhalenbank.28412
Hjir dwars oer wenne Feitse Mud. Dy tsjinne by in boer yn Oerterp. Hy hie in keppel bijen, dy brochten se op in kear achter Duerswâld nei de heide. Dat dienen se yn 'e nacht mei in greate wein mei twa hynders der foar. It wienen allegear kuorren op 'e wein. Feitse en de boer sieten togearre foar op 'e wein. Sa kommen se op 'e Mounleane.
Doe sei de boer:...
nl.verhalenbank.23586
Hjir is in dobbe, dêr ha se alris 'help help' yn roppen heard, sûnder dat der in minske yn wie. Nou tinke se dat dêr noch ris ien yn fordrinke mat.
nl.verhalenbank.37787
Men koe net jan en alleman by 't fé litte. Der wienen guon dy hienen de kweade hân, dy makken 't fé siik. Sokken, dêr pasten de minsken foar op.
nl.verhalenbank.37793
Yn 'e buert fan Houtigehage stie in hûs, dêr doogde 't net yn. De frou hie in kear yn 'e hoeke sitten. Doe wie der hwat by har yn 'e hûs kom, dat wie by har op 'e skelk kom. 't Wie in forstoarn minske.
De frou hie de skelk foarwei dien, doe kom it by har op 'e skoat.
Doe ha se der in doomny by helle. Dy spruts it spoek oan. Hja moest sizze hwat der oan...
nl.verhalenbank.25180
De minsken dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompel, omdat se bang wienen dat âlde Janne Luts oars by har yn 'e hûs komme soe. Janne Luts wie in tsjoenster.
De bern droegen duveldrek op it boarst. Dat wie èk om har.
nl.verhalenbank.37792
In nachtmerje wie in man of in frou, dêr't men deis oer prakkesearre en dy't dan nachts by jin kaem. Men moest hinnegean en stopje de kaeisgatten fol guod, hwant de nachtmerjes kamen altyd troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.37786
Wy mochten froeger net op in pod traepje, oars kaem der swiere tonger.
nl.verhalenbank.37790
Op it tsjerkhôf to Boelensloane hâldden altyd gâns wylde kninen ta. Myn heit gong dêr faek hinne to kninefangen. Dat die er dan mei strikken. Myn broer Miente naem er faek mei. Dat wie doe in lytse jonge.
't Wie op in winterjoun by ljochtmoanne waer. Der lei snie. Heit en Miente wienen op 't tsjerkhôf.
Doe kom krekt Germ Tuinstra (Germ Smous waerd er...
nl.verhalenbank.37784
Yn 'e Blaudobbe to Houtigehage ha guon sjoen dat twa fordrinke soenen. Mar it is oan diz tiid ta net gebeurd.
nl.verhalenbank.25169
Minse Griper fan Boelensloane - myn âldomke - hie in toverboek. Dêr hied er ris yn lêzen. Doe wie der fan alles op 'e lappen kom. Doe moest er alles like hurd werom lêze.
Mar dat koed er sa hurd net. Doe wienen de roeken allegear al om him hinne yn 'e hûs west.
Hy hie fan alles al prebearre om tiid to winnen. Hy hie earten en beannen trochinoar mingd, mar...
nl.verhalenbank.25592
Minse Griper koe mei 't toverboek ek soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.25593
Myn skoanmem seach faek wylde lantearnen. Dat wienen de lettere fytsljochten.
nl.verhalenbank.29418
Alde Taeke Pyt hie har oan 'e duvel forkocht. Doe't in oar yn 'e earmoed siet, hie hja altyd sinten. Mar sy is in rare dea stoarn.
nl.verhalenbank.28048