Yn 't lân fan Klaes Schriemer wie in dobbe. 't Is oan 'e Noarderdwarsfeart. Dêr mat froeger ris in hynder yn forsûpt wêze mei de amer om 'e hals. Ik haw ek wolris heard fan in hynder sûnder kop, dat ergens spûke. As dat nou dàtselde hynder wie, wit ik net.
nl.verhalenbank.37120
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen, doe kom der in man by him. Dy woe wolris wite hwer't Sterke Hearke wenne.
Hearke die 't hynder foar de ploech wei. Doe tilde er de ploech op en stuts dy foar him út.
"Dêr wennet Sterke Hearke en hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.37131
Sterke Hearke wie mei hynder en ploech op it lân. Doe kom der ien by him dy frege nei de wei. "Dan matte jo dy kant út", sei Hearke, en wylst tilde hy de ploech op en wiisde dêr mei de rjochting oan.
nl.verhalenbank.36918
Yn Drachtster Kompenije wenne in man dy hie in siik hynder. It dier wie der slim oan ta. Doe gong dy man mei 't wetter fan 't hynder nei de duvelbander ta. Dat wie Hinse Jehannes de Boer fan 't Swartfean.
Hinse joech him in drank mei, dêr moest er fral goed op passe en dêr it hynder fuort fan ynjaen, hwant der wie haest by.
Dy man gong der mei op hûs ta,...
nl.verhalenbank.36920
Ik wie boerefaem. Op in kear lei 'k yn 'e nacht op bêd. Doe hearde ik dat der in hynder oansetten kaem. It kom al tichter by myn bêd. Doe klaude 't my mei de poat. Dat die hiel sear. Dat hat in nachtmerje west.
Hja seinen wol, fan 'e sawn famkes fan ien húshâlding wie ien in nachtmerje. Fan 'e sawn jonges fan ien húshâlding wie ien in wjerwolf.
Die men de...
nl.verhalenbank.36926
Klaes Schuurman wie in broer fan master Schuurman en wenne yn Drachtster Kompenije. Op in kear sei er: "Ik ha fannacht in bigraffenis sjoen. Foar de lykwein roannen in skimmel en in swart hynder. Mar fan hwa't de bigraffenis wie, dat wist er net.
Ridlik gau dêrnei forstoar Klaes Schuurman. Hy wie noch jong en wie troud mei in dochter fan Willem Weening....
nl.verhalenbank.36904
Der wie in boer, dy hie in feint op 'e klaei. Dy wie oan 't ûngetiidzjen. Dy feint stie nergens foar. De boer tocht: "Ik sil him ris bang meitsje."
Doe gong de boer op in joun yn 'e daem sitten mei in wyt lekken om. De feint moest dêr lâns. Dy tocht: dat wite ding, dat heart dêr net. Hy ûnderhelle de jageline fan 't hynder en sloech de boer dea.
nl.verhalenbank.25623
Op 'e Houtigehage spûke froeger in hynder om.
nl.verhalenbank.25705
Tichte by Surhústerfean, oan 'e Groninger weg hat men de Klaes Simensdaem. Dêr stiet in buorkerij by, in eintsje it lân yn. Dêr op 'e Klaes Simensdaem, is it sizzen, dêr spûket in hynder sûnder kop.
nl.verhalenbank.36954
Sterke Fije fan Burgum wie ek wol hwat mâns. Hy ried mei in weinfol dong oer licht lân mei in âld hynderke der foar. Mar as se troch de gatten moesten, spande Fije 't hynder út en krige er sels it tiksel en luts de wein der allinne troch hinne. Hy hie mear kracht as 't hynder.
nl.verhalenbank.24861
Oan 'e Lútnantsloane by Rottefalle, dêr spoeke altyd hwat yn 'e gedaente fan in hynder om.
nl.verhalenbank.19689
't Wie op in jountiid, sy sieten by de boer yn 'e hûs.
Doe kom der in âld frou by de doar. Sy woarde der ynlitten, sy woe dêr dy nachts graech sliepe.
Hja siet tusken de oaren yn en as se it wurd nom, tocht de boer by himsels: "Dû hast in manljuslûd." Wylst hja dêr sa meimankoar sieten kom der in soldaet mei in hynder oan. Hy sei tsjin 'e boer: "Kin ik...
nl.verhalenbank.23515
Alde Tsjerk Wetterrôt en Atse Griper wienen rovers. Sy wennen yn Feansterheide oan 'e Trije Roede. Nachts gongen se der stil op út. Dan stielen se in hynder út it lân. Dêr gongen se op sitten en sa gongen se op roof út. Se stielen in skiep, om mar hwat to neamen, en dat nommen se mei op 't hynder. As se omtrint thús wienen, jagen se 't hynder wer fuort.
nl.verhalenbank.28248
Yn Surhústerfean ha ek in pear ûnbidich-sterke mannen wenne.
't Wienen bruorren: Jan en Hindrik van der Meer. In fjirdel hûndert poun tilden se samar op. De iene sloech út gekheit my wolris mei twa fingers op 'e rêch. Dat kom slimmer oan as de traep fan in hynder.
nl.verhalenbank.26111
Der stie in doomny yn Aldegea, dy bipreke ek Nyegea.
Dêr woarde hy altyd hinnebrocht yn 'e glêzen wein troch Eeltsje Herder fan Aldegea. Syn achternamme wie Hoekstra.
Doomny stapte altyd achter yn 'e wein en dan sei er:
"Klaar, Hoekstra." En dan lei Eeltsje de swipe oer de rêch fan 't hynder en dêr ried it hinne, op Nyegea yn.
Der wenne in jongfeint yn...
nl.verhalenbank.33385
Sterke Hearke hie in weinfol hea laden. Dy wein kom mei de fjilden fêst to sitten yn 'e daem. Doe heakke hy 't hynder út en hy pakte sels it tiksel. En sa skoude hy stadich de wein út 'e daem wei. Doe heakke hy 't hynder wer yn en ried op hûs ta.
nl.verhalenbank.22883
As der in fôlle geboaren wurdt, hinget de boer de ham fan 't hynder heech yn 'e beam. Hwant dan kriget de fôlle de kop heech yn 'e loft.
nl.verhalenbank.23998
Jan Jagersma to Drachten wie tige sterk. Ik wie by in baes yn Drachten yn 't wurk. Dat wie in sekere Beek, dy die yn bakkerswaren. Hy forkocht fetten huning en fetten krinten ensa. Dêr moesten altyd fjouwer man oer gear om sa'n fol fet ergens del to setten. Mar Jan Jagersma tilde sa'n fet fan 100 kilo allinnich op en sette 't samar boppe op it peard fan...
nl.verhalenbank.37021
Imke en Durk fan Imke
Heit hat ik ek meimakke, dat Imke de Jong op Eastermarre merke stie te gûcheljen en doe kaam der in boeresoan ut Jistrum by. Dy wie mei in hynder op 'e merk. Hy lake wakker en hy hie in smoarge, fize bek tsjin Imke. Imke waard lulk. Hy sei: 'Jonge, dû meist wol sjen, datst thuskomste, want ik tink net datst jûn mear hellest'. Dat dy...
nl.verhalenbank.13020
Hynders hienen faek lêst fan nachtmerjes. Heit fortelde, oan 'e Dwarsfeart struiden se altyd kaf op 'e rêgen fan 'e hynders. 't Wie us gebeurd, doe hie de oare moarns de nachtmerje op 'e skerne stien, om de plúskes fan har klean ôf to sykjen. Hwant sy mocht neat meinimme.
Klaes Boelens syn heit seach de nachtmerjes nachts foar 't glês oankommen, as er op...
nl.verhalenbank.19695