6,671 datasets found
Dutch Keywords: paard Narrator Gender: female Place of Narration: De Westereen
Yn Grinslân wie in pleats, dêr hearden se nachts altyd de tsjernmoune gean. Der waerd al sûnt jierren net mear tsjerne, mar de lûden wienen der alle nachten noch. Ek it rinnen fan it hynder yn 'e rounte hearden se. Dat wie spûkerij.
nl.verhalenbank.36527
Nachtmerjes kommen ek by hynders. Sy makken moaije flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.33674
Oan 'e Godloaze Singel hat in rike âld-hear wenne. Hy wie dêr forûngelokke mei in hynder en nou sit syn skat dêr yn 'e groun. Dy âlde hear dy spoeket der sûnt altyd om en in protte minsken wienen froeger deabinaud op 'e Boppewei. It sizzen is dat de âlde hear alle jierren in hoannestap neijer komt.
nl.verhalenbank.34611
Myn man wie mei nòch ris ien mei hynder en wein achter Kollum. Doe kommen se op in plak, der koenen de hynders noait fierder. Dêr wie hwat dat net doogde. Myn man koe 't net sjen, mar de hynders wòl. Dy wienen binaud.
nl.verhalenbank.36522
Op in kear hie heit in wein fol stront laden. De wein stie yn 't djip skerngat en it hynder koe de stront der net weikrije. Doe spande heit it hynder út en krige it tiksel beet en luts de wein der sèls út. Hy wie sterker as in hynder. Myn heit hiet Fokke Veenstra.
nl.verhalenbank.19446
Mear as ien kear is 't gebeurd dat guon rinnende of mei hynder en wein nachts ûnderweis wienen en ynienen net fierder koenen. Dan woarden se keard. Se moesten dan rûmte jaen foar in lykstaesje, dy't foarby moest. Wie dy passeard, dan koenen se sels ek wer fierder. Dat haw ik faek heard.
nl.verhalenbank.33810
Men hat nachtmerjes en nachtrunen. In nachtmerje is in fanke of in frommes, in nachtrún is in jonge of in man. De âldste of de jongste fan sawn op elkoar folgjende famkes is in nachtmerje. De âldste of de jongste fan sawn op elkoar folgjende jonges is in nachtrún. Sy komme troch 't slotsgat by jin yn 'e hûs. Jitske Jehannes (Elzinga) syn heit dy wenne...
nl.verhalenbank.20574
Geale bakker hie altyd lêst fan nachtmerjes. Op in kear tocht er: "Nou wòl 'k fannacht wekker bliuwe. Dan sil 'k sjen dat ik har fange kin." Hy hie wekker op bêd lein. 't Duorre net lang, doe wie dêr in frommes oankaem. Dy hied er beetpakt. Hy koe har tige skoan - 't wie ien út 'e Westerein - mar hy woe net sizze hwa 't it wie. Hja wie troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.36544
Bontsje Keke hat wolris prebearre op bêd lizzen to bliuwen. Mar dat joech de man neat. Dan krige er in hân op 'e rêch en dy lichte him út bêd wei. Op in kear, doe moest hy der èk wer út. Mar doe wie 't net in lykstaesje. Hy moest alhiel nei Kollumersweach ta. Letter sei er: "Hwat ik doe sjoen ha kinne jimme jim noait bigripe. Der roan in wyt hynder foar...
nl.verhalenbank.29739
Yn Sweagerbosk wenne in âld minske, dat wie âlde Buoi. Hja frijgeselle by ús beppe. Hja moest der nachts wit hoe faek ôf. Dan moest se nei bûten ta om in lykstaesje to sjen. Dan gong se oan 'e kant fan 'e wei stean. En dan sei se letter dat se in wein sjoen hie mei sa'n en sa'n hynder der foar en safolle minsken der achter. Op in kear doe wie se op 'e...
nl.verhalenbank.20911
Sterke Hearke hat ris pûr allinne in weinfol dong út it skerngat lutsen. It hynder koe 't net lûke. Mar hij wol.
nl.verhalenbank.36840
Yn 'e Verlengde Stationsstrjitte hjir yn 'e Westerein is 't us gebeurd, dat der in hynder en in wein oankom. De wein woe ynienen net fierder. Neffens in âld frou, dy't dêr by wenne, wie 't gjin goed spul. It wie tsjoenderij, sei se.
nl.verhalenbank.21532
Fokke Veenstra wenne hjir yn 'e Westerein. Dy wie like sterk as Sterke Hearke. Hy luts faek in wein foarút, as de hynders it net dwaen koenen.
nl.verhalenbank.26193
Njonken Foppe-om wenne in man dy siet yn 'e hynstehandel. Dy wie ek och sa sterk. Soms leinen dy hynders ûnder fuotten: dan koenen se net wer oereinkomme. Op in kear doe wie dat wer it gefal. De buorman hie der al oaren byroppen om him to helpen, mar se krigen 't hynder net oerein meielkoar. Doe rôp er Foppe-om der by. Foppe-om krige 't hynder by de kop...
nl.verhalenbank.36351
Últsje Klazes Huistra wenne yn Teroele. Hy wie dêr great boer. De man wie sa sterk as in hynder. Hy helle op in kear samar in haeiwein ta de feart út. Hy luts gewoan oan 't tiksel en krige him boppe. Heit hat it sels sjoen.
nl.verhalenbank.37161
Geale-om hie ek faek lêst fan in nachtmerje. Dy wenne hjir yn 'e Westerein. Doe wie der ris ien, dy rette him oan, hy moest moal struije op 't gesicht en op 'e tekkens. Doe hat er dat dien en de oare deis, doe siet der in fanke by de tafel. Dy koe net wer fuortkomme hwant sy hie moal oan har. It wie ien fan Sikke Boukes froulju, tige rike lju. 't Wie wol...
nl.verhalenbank.29756
In nachtmerje is ien fan sawn famkes dy't op elkoar folgje. Sa'n nachtmerje komt troch it kaeisgat by de lju yn 'e hûs. Alde Geale bakker hie in hynder, dêr kaem ek elke nacht in nachtmerje by. Moarns sieten der allegearre flechtsjes yn 'e moanjes fan it beest. Doe retten se Geale oan, hy moest moal struije op 'e bank, dy't by 't hynder lâns stie. Doe hat...
nl.verhalenbank.30066
Op in kear wie Hearke der mei hynder en wein op út. De wein wie folladen. Doe wie der ien fan 'e tsjillen brutsen. Doe hie Hearke it tsjil der út krigen en doe hie er de as yn 'e hân krigen en dy hied er sa ridende wei hyltyd yn 'e hân hâlden oant er mei de wein toplak wie.
nl.verhalenbank.36273
Hjir wenne in âld minske, dy hie op in middei har dochter op bisite hawn. De jouns brocht dat minske de dochter in eintsje op stap. Underweis hearden se klear it draven fan in hynder, mar sy seagen neat. Hja woarden binaud, hwant sy tochten dat it hynder op har ta komme soe. Hja draeiden beide om en sy gongen nei in man ta dy't dêr tichteby wenne. Dy...
nl.verhalenbank.36348
Froeger wenne der yn Grinslân in boer, dy hie in tsjerne. Dêr roan in hynder foar. Dat hynder wie bitsjoend. Deis woe 't hynder net tsjernje, jouns wòl. It roan de hiele nacht troch. Dan wie 't de oare deis allegear brokken.
nl.verhalenbank.25137