Har âlden wennen yn Kollumerpomp. Sy hienen wol gauris arbeiders en feinten, dy't spoekforhalen fortelden. Sa sei der ris ien: Oan 'e Oosterboereweg ûnder Kollum stie it Godhûs. Dat wie in arbeidershúske. Dêr stienen in hynstepoat en in bokkepoat. Kaem dêr ien om alve ûre yn 'e joun lâns, dan waerd der in stim heard dy't sei: "Ho, niet verder."
Dat wie de...
nl.verhalenbank.16519
De dûmny en de rovers.
Der wie in dûmny, dy moest to preekjen. Hy ried op in hynderke. Doe kommen der rovers oan, dy foelen him oan. Sy klaeiden de dûmny hielendal út, bounen him de polsen fêst en smieten him yn 't wetter. It hynderke nommen se mei.
Mar de dûmny krige de touwen los, dêr't se him mei fêstboun hienen, en alhiel neaken, sette hy de rovers...
nl.verhalenbank.16536
As it hynder foar de lykwein stean bliuwt foar de daem fan in hûs en mei de poat skrabbet, dan komt dêr ûngefear trije à sawn dagen neitiid ien to fortsjerren.
Itselde hynder rint dan wer foar de lykwein.
nl.verhalenbank.20003
Marten Wagenaar en Hindrik de Graaf fan Eastemar gongen der us togearre op in nacht op út mei de bijewein. Soks moest altyd yn 'e nacht gebeure, hwant de oerdeis swermen de bijen út. Sy kommen op 'e Swarte Wei. Doe't se al hast op 'e ein fan dy wei wienen, komt dêr ynienen in sniewite sjeas oanriden mei in sniewyt hynder der foar. De beide mannen wurde...
nl.verhalenbank.16501
De dûmny en de rovers.
Der wie in dûmny, dy moest nei in oar plak ta to preekjen. Hy ried op in hynderke. Doe kommen der rovers oan, dy foelen him oan. Hja klaeiden de dûmny hielendal út, sy bounen syn polsen fêst en smieten him doe yn 't wetter. It hynderke nommen se mei.
Mar de dûmny krige de touwen, dêr't er mei boun wie, los en, alhiel neaken, sette...
nl.verhalenbank.20168
In nachtmerje is in frommeske, dat komt troch 't kaeisgat.
Sy komt ek by de hynders. Nachts komt se. Dan docht se knopen yn 'e moanjes en dan binne de hynders alhiel oerstjûr. Dan sitte se der op.
nl.verhalenbank.28650
Heit handele wol gauus. Hy fortelde, dat op in snein hienen hy en syn broer Remmert oan 't handeljen west mei hynders. Doe soenen se dan op 'e hoeke fan 'e Swarte Wei by 't Wytfean elkoar ôflosse. Se hienen twa hynders foar de glêzen wein.
By Jan Tsjerks plaets oan 'e Achttsjinde Wei bleau de wein samar ynienen stean. De hynders woenen net in stap...
nl.verhalenbank.19469
Jan Koenes to Bûtenpost koe omraek lige. Hy ried froeger mei de postkoets, dy't ried fan Harns nei Grins. Dêr kommen trije hynders foar, dy't ûnderweis hyltyd forwiksele woarden. Op alle stasions gongen se oan.
Doe gebeurde it dat it middelste hynder by it tolhûs to Twizel dearekke.
Mar it beest roan noch oan it posthûs to Bûtenpost ta, sa wied er it...
nl.verhalenbank.22112
Jierren herwaerts - ik wie doe noch mar in jonkje, - doe wenne der op 'e Hoek ûnder Feanwâlden in âld-minske, dat sei: "Der komme aenst weinen to riden sûnder hynders der foar. Ik ha se riden sjoen. En de wei, dêr't se op ride, dy komt troch 't Bûtenfjild to rinnen."
't Is presys sa útkaem.
nl.verhalenbank.38435
Der wie us ien dy sei tsjin dûmny: "De natuer giet boppe de leare, dûmny."
"Soa," sei dûmny, "tinkt jo dat. Nou, dan sil ik jo us hearre litte dat dat net altyd it gefal is.
Ik ha 't us meimakke, doe stie ik yn Peasens, mar ik bipreke Ljussens ek.
Sa moest ik op in kear nei Ljuessens ta to preekjen, doe wie 't wetter och sa heech. Der wie yn 'e omkriten...
nl.verhalenbank.21285
De ûngetiid wie omtrint dien, allinne it lêste foer hea moest noch toplak. Dat wie hwat ryklik dik woarn, dat it koe net ta de skuorredoarren yn. Twa hynders lutsen de wein en sawn man holpen mei, mar 't hea bleau stykjen oan 'e sydkanten en oan 'e bovenkant.
Dêr kommen ús heit en Hearke oan.
"Hearke," sei de boer, "ik bin bliid, dat ik dy sjoch, hwant wy...
nl.verhalenbank.29298
Mem en dy wennen yn 't oast fan Bûtenpost. Sy hienen wol gau us in hynder dea. Dat kom fan 'e tsjoenderij, seinen se.
Doe gongen se nei Wopke ta, dat wie de duvelbanner fan Kûkherne. Dy kom dêr by mem en dy.
Hy lei guod ûnder 'e drompel en preuvele der hwat by. Doe wie de tsjoenderij foarlopich oer.
Mar letter bigong it wer. De hynders stienen los yn 'e...
nl.verhalenbank.21279
Alde Hindriks Kike wenne achter ús. Mem sei op in kear:
"Der sil ûnwaer komme, dan rekket âlde Hindriks Kike har hûs der ôf. Ik ha 't brânnen sjoen. En op 'e Foarwei sil de boerepleats fan Dedde Wybenga ôfbrânne en alle fé sil der yn omkomme."
't Is allegear sa gebeurd. Hja sei: "Ik sjoch allegearre fjûr." De oare deis gebeurde it. Der kom in greate...
nl.verhalenbank.36300
Stammerige Harm fan Twizelerheide wie in tsjoenster, seinen se. Hekse-Harm seinen se ek wol. Hy koe him yn in kat mei gleone egen foroarje, seinen se.
Hie ien krinten om 'e mûle of in seare holle, dan wie sa'n ien bitsjoend.
In bern dat bitsjoend wie hie in krâns yn 't holkessen. Dy krâns woarde der úthelle en opbrând. Earder woarde 't bern net better. By...
nl.verhalenbank.36314
In soan fan âlde Jan Oenes hiet fan Oene. Dy koe knoffelbannen lizze. Hy wie op snein geboaren. Hy wenne yn Sweagerbosk.
Ik hie us mei twa geiten nei de bok west. Underweis knoffele ik by in dyk del. Myn earmtakke die rare sear. Doe nei Oene.
Ik sei: "Ik bin by de dyk del dondere."
"Wyt ik wol," sei er, "hâld de earm rjochtút."
Doe mompele er allerhande...
nl.verhalenbank.20006
Oene Gjet hie ek nei Lamke ta west. Hja krige fan Lamkje in tsiiskoarste. Sy joech har famke der in stik fan. Dat bern krige in freeslike pine. Doe't se thús kom bigong se to koarjen. It wienen allegearre kikkertskoppen, dy't se útkoarre.
nl.verhalenbank.20012
In boer soe mei in sekfol jild nei hûs ta. Hy hie handel dien.
In soldaet kom him achterop.
"Sil ik dat foar jo sjouwe, boer?"
"Graech", sei de boer, hwant hy wie warch.
De soldaet kom mei en rekke by de boer yn 'e hûs.
"Jo kinne hjir fannacht wol bliuwe", sei de boer.
Dat gebeurde.
Doe kom der de jouns in frommes by de doar, dy woe dêr dy nachts graech...
nl.verhalenbank.20167
Sake Postma syn wiif yn Twizelerheide is ek deatsjoend. (Ik ha letter by Sake wenne as húshâldster) Hja hie krânsen yn 't bêd. Se tinke dat Janke dat dien hat. De krânsen ha se forbrând. Ik sei, hja hienen alles ticht dwaen matten, de skoarstien en alle kieren en ek de kaeisgatten. Dan hie de tsjoenster in jiskebult woarn.
Janke wie Sake syn buorfrou.
Myn...
nl.verhalenbank.20013
Sa hat er ek wol guon holpen, dy't de foet forknoffele hienen.
Piters Hil hie de earm stikken. Sy kom by Oene.
Oene sei: "Wachtsje even. 'k Mat earst even mei 't mantsje prate."
Doe gong er nei bûten ta. Even letter kom hy der wer yn en sei: "'t Is foar inoar. 'k Ha mei him praet." (Dat wie net ien oars as de duvel, hwant Oene wie in raren-ien)
Trije kear...
nl.verhalenbank.20007
As ien op in pod trape kom der tonger.
nl.verhalenbank.36315