Yn Grinslân wie in pleats, dêr hearden se nachts altyd de tsjernmoune gean. Der waerd al sûnt jierren net mear tsjerne, mar de lûden wienen der alle nachten noch. Ek it rinnen fan it hynder yn 'e rounte hearden se. Dat wie spûkerij.
nl.verhalenbank.36527
Sterke Hearke hat ris pûr allinne in weinfol dong út it skerngat lutsen. It hynder koe 't net lûke. Mar hij wol.
nl.verhalenbank.36840
Yn 'e Verlengde Stationsstrjitte hjir yn 'e Westerein is 't us gebeurd, dat der in hynder en in wein oankom. De wein woe ynienen net fierder. Neffens in âld frou, dy't dêr by wenne, wie 't gjin goed spul. It wie tsjoenderij, sei se.
nl.verhalenbank.21532
Fokke Veenstra wenne hjir yn 'e Westerein. Dy wie like sterk as Sterke Hearke. Hy luts faek in wein foarút, as de hynders it net dwaen koenen.
nl.verhalenbank.26193
Njonken Foppe-om wenne in man dy siet yn 'e hynstehandel. Dy wie ek och sa sterk. Soms leinen dy hynders ûnder fuotten: dan koenen se net wer oereinkomme.
Op in kear doe wie dat wer it gefal. De buorman hie der al oaren byroppen om him to helpen, mar se krigen 't hynder net oerein meielkoar.
Doe rôp er Foppe-om der by. Foppe-om krige 't hynder by de kop...
nl.verhalenbank.36351
Nachtmerjes kommen ek by hynders. Sy makken moaije flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.33674
Últsje Klazes Huistra wenne yn Teroele. Hy wie dêr great boer. De man wie sa sterk as in hynder. Hy helle op in kear samar in haeiwein ta de feart út. Hy luts gewoan oan 't tiksel en krige him boppe. Heit hat it sels sjoen.
nl.verhalenbank.37161
Op in kear wie Hearke der mei hynder en wein op út.
De wein wie folladen. Doe wie der ien fan 'e tsjillen brutsen. Doe hie Hearke it tsjil der út krigen en doe hie er de as yn 'e hân krigen en dy hied er sa ridende wei hyltyd yn 'e hân hâlden oant er mei de wein toplak wie.
nl.verhalenbank.36273
Hjir wenne in âld minske, dy hie op in middei har dochter op bisite hawn. De jouns brocht dat minske de dochter in eintsje op stap. Underweis hearden se klear it draven fan in hynder, mar sy seagen neat. Hja woarden binaud, hwant sy tochten dat it hynder op har ta komme soe. Hja draeiden beide om en sy gongen nei in man ta dy't dêr tichteby wenne. Dy...
nl.verhalenbank.36348
Froeger wenne der yn Grinslân in boer, dy hie in tsjerne. Dêr roan in hynder foar. Dat hynder wie bitsjoend. Deis woe 't hynder net tsjernje, jouns wòl.
It roan de hiele nacht troch. Dan wie 't de oare deis allegear brokken.
nl.verhalenbank.25137
Oan 'e Godloaze Singel hat in rike âld-hear wenne. Hy wie dêr forûngelokke mei in hynder en nou sit syn skat dêr yn 'e groun. Dy âlde hear dy spoeket der sûnt altyd om en in protte minsken wienen froeger deabinaud op 'e Boppewei. It sizzen is dat de âlde hear alle jierren in hoannestap neijer komt.
nl.verhalenbank.34611
Der wie in man, dy hie in foer hea. Dêr wie er mei ûnderweis. Hy hie in kedde foar de wein. Soms koe dy kedde 't net lûke. Dan die er it sels. Dy man wie Fokke Veenstra. Hy wenne yn 'e Westerein.
nl.verhalenbank.38347
Yn Garyp wenne in bargekoopman. Dy moest altyd mei bargen yn 'e wein nei Ljouwert ta nei de merk. Dan ried er oer de Wartenster brêge. Op in kear doe wied er dêr wer. Hy hie ien hynder foar de beide weinen. Dat hynder stoar op 'e Wartenster brêge. Mar it roun noch troch oan Ljouwert ta. Doe't it dier yn Ljouwert kaem foel it del.
nl.verhalenbank.36813
Fije Wagenaar fan Burgum wie ek ôfgryslike sterk. Sterke Fije waerd er wol neamd. Heit fortelde: Fije wie ris oan 't houtriden. Dat hout forfierde er op in wein mei in hynder der foar. Hy moest dwars troch 't boulân hinne. Dat lân wie biploege en biferzen, hwant it wie yn 'e winter. 't Wienen allegearre greate gatten. As er troch sa'n gat moest die Fije...
nl.verhalenbank.32054
't Gebeurde ek wol op guon pleatsen, dat der de nachts tsjerne woarde sûnder dat der in hynder foar de tsjerne roan. Dat wie dan foartjirmerije.
nl.verhalenbank.25138
Myn man wie mei nòch ris ien mei hynder en wein achter Kollum. Doe kommen se op in plak, der koenen de hynders noait fierder. Dêr wie hwat dat net doogde. Myn man koe 't net sjen, mar de hynders wòl. Dy wienen binaud.
nl.verhalenbank.36522
Op in kear hie heit in wein fol stront laden. De wein stie yn 't djip skerngat en it hynder koe de stront der net weikrije. Doe spande heit it hynder út en krige it tiksel beet en luts de wein der sèls út. Hy wie sterker as in hynder. Myn heit hiet Fokke Veenstra.
nl.verhalenbank.19446
Fan dyselde Popke Kaert wurdt it folgjende forteld.
Hy kom in reed lâns. Doe siet der in hynder yn 'e sleat. Hy warskôge de boer. Dy kom der by.
"Hoe mat wy hjir mei oan?" sei de boer.
"Mei touwen", sei de tsiiskoopman.
"Wienen jo mar sa sterk as ik", sei de boer. "Ik kin in heal hynder tille. Dan koenen wy it der togearre úthelje."
De tsiiskoopman sei:...
nl.verhalenbank.17486
Ek in kear, doe wie Hearke oan 't dongmennen. Doe hied er in wein fol dong laden, mar doe koe it hynder de wein net ta 't skerngat út krije. Doe spande Hearke it hynder út en gong sels oan 't tiksel stean. En hy luts de wein pûr allinne ta 't skerngat út.
nl.verhalenbank.29965
Hjir wenne in âld minske, dy hie sjoen dat der weinen ride soenen sûnder hynders der foar. Dat wienen de lettere auto's.
En hja sei ek: Skielk komt it safier, dan fljogge de minsken yn weinen troch de loft. Dat wienen de lettere fleantugen. Dat hie se allegear fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.38513