As in fûgel it paedtsje fan in hûs lâns komt, dan bitsjut dat, dat der in deaden komt.
nl.verhalenbank.21864
Inkelde bloeddrippen (3) dy't falle, jowe in deaden yn 'e famylje.
nl.verhalenbank.21806
As der yn 'e nacht eksters op 'e naed fan 't hûs omskatterje, dan komt der yn dat hûs gauachtich in deaden.
nl.verhalenbank.20494
Foar it Jan Koartslân wienen se ek altyd hwat skruten. Dêr hat in man him ophinge en sy sizze ek wol dat de duvel him dêr de holle omdraeid hat.
nl.verhalenbank.32809
Ik wie goed twintich jier. It gebeurde op it Swartkrús yn 1883. Ik hie om boadskippen west.
Ik stapte oer de hekke en sette earst it doekje mei boadskippen del.
Doe seach ik in deakiste mei in wyt ding foar de hekke stean. It wie tusken Swartkrús en Jistrum.
Even letter bigong it wite ding to sweven, doe letter de kiste ek. (it wie in wyt ding as in...
nl.verhalenbank.21915
By de Hegewei to Aldegea binne twa âlde minsken yndertiid formoarde woarn. It wienen Dolstra's dy't it dienen, in heit en in soan. De iene hiet fan Lammert. De hannen fan deselden dy't formoarde woarden stienen op 'e muorren. It bloed woe der mei gjin mooglikheid wer ôf. 't Is altyd op 'e muorren sitten bleaun. Us heit hat plysje west yn Aldegea, dy hat...
nl.verhalenbank.12516
Op 'e Leijen wie ien oan 't riden. Doe hearde hy in lûd út in wek wei kommen. "De tijd is verschenen, de man is er niet." woarde der sein. Even letter kom der ien oan riden op redens. Dy ried lyk op it wek ta en is fordronken.
nl.verhalenbank.20073
Ien hie op snein goudene rinkjes yn 'e earen krige.
Doe koe er net ta stjerren komme, doe 't er op it stjerbêd lei. Men nom him de rinkjes út 'e earen en fuort dêrnei stoar de man.
nl.verhalenbank.20075
Siger Veenstra wie forstoarn, in tige roungeare man. Syn lyk lei yn 't fet. Skoanheit (Piter Claus fan Boelensloane) sei: "Dêr wol 'k noch us hinne." Hy roan troch in loantsje en wie allinne. Ynienen komt him ien op side.
"Joun" seit skoanheit.
Mar dyselde seit neat werom.
"Kinstû neat sizze?"
De oare seit nòch neat.
"Dû bist in bok", seit skoanheit.
Op...
nl.verhalenbank.20087
Dikke Anders fan 'e Rotfalle hie in buchel. Hy hie himsels by 't leven forkocht.
Doe't er stoar kommen de hantlangers fan 'e kweade om him op to heljen.
Syn wiif Marij bitellen se it bidrach en sy seinen: "Segen mei 't jild."
"Segen mei Anders", sei Marij.
nl.verhalenbank.32812
Yn 'e famylje fan myn wiif to Burgumerheide wie ien tige min. De famylje kom delsetten. (Mar hy is wer better woarn).
Doe sei ien fan 'e famyljeleden: "Mei seis wiken binne wy wer byinoar."
Op 'e kop om't ôf, krekt seis wiken letter stoar der in broer fan skoanheit. Dat wie Sjouke Dykstra.
Dyselde hie 't dus wol goed sjoen.
nl.verhalenbank.32807
Wy leinen op in kear yn Klein Groningen - dat is oan diz kant Donkerbroek - mei 't skip to ierdappelladen. Ik wie noch net troud en ik slepte foar yn 'e durk.
Us Sjouk wie noch in jongfaem. Dy roun op in iere moarn troch de warring hinne nei ús ta. Hja sei: Nou ha 'k sa nuver droomd: Jehannes Boom is dea. (Jehannes Boom wie in âld Eastemarre skipper.)
De...
nl.verhalenbank.31909
Hanne Foekes wie ien fan 'e bêste fiskers út 'e omkriten. Mar sy seinen dat er in forboun mei de duvel hie. Dêr kom it fan dat er altyd safolle fangde. Hy is op 'e Leijen dearekke. De holle stie him achterstofoar op 'e romp. Dat soe neffens it sizzen, de duvel him lapt ha.
nl.verhalenbank.21868
Op it Wytfean leit in stik lân: de reamûtskekamp. Dêr matte Frânske soldaten fochten ha yn Napoleons tiid. Dy droegen reade mûtsen. Dy twa Frânske soldaten binne dêr dearekke. It lân hat der de namme reamûtskekamp fan krige.
nl.verhalenbank.12503
Frytsen wenne to Eastemar. Hja wie mei de helm geboaren. Hja moast altyd lykstaesjes sjen. Meastal wie dat yn 'e nacht. Dan gong Frytsen fan it bêd ôf. Mar hja seach ek wol oare dingen foarút. Op in kear kaem se by Rikele Pot yn 'e winkel. Dy hie in winkel yn galanteryën. Doe sei se: "Der komt hjir binnenkoarten in greate rammeling by jo."
De oare deis...
nl.verhalenbank.31209
Myn frou har omke Gjert v.d. Heide wie op in moandei-to-moarn ier fan 'e faem thús kom. Hy wie alhiel fan 'e wize. Hy sei, der wie him in lykstaesje foarby gong. Doe wied er sa binaud woarn, dat hy hie sa hurd roan, de soallen hienen ûnder 'e skuon wei west. 't Wie op 'e Trije Roede gebeurd (Boelensloane).
nl.verhalenbank.22266
Hja seach de bigraffenissen foarút. Nachts moest se der faek ôf. Sa hat se ek us op in nacht foar de herberch fan Rienk de Poel stien. Doe passearde der har in lykstaesje.
In wike letter wie de èchte lykstaesje dêr.
nl.verhalenbank.19954
Germ Visser hie op in joun mei 't wiif to jounpraten west. Underweis sei er: "Even achter my lâns gean." Doe seach er syn eigen slide (it wie in nije slide dy't krekt yn 'e swarte tar siet). Dêr stie in deafet op.
Letter kommen se om syn slide to lien. De slide moest foar syn glêzen lâns. Der wie in frommeske forstoarn. ('t Gebeurde op 'e Tike)
nl.verhalenbank.21833
Skippers to Grou seagen op in stik iis flak by Grou us in kear in freeslike ramp. In hiele smite minsken sakken der troch en fordronken. ('t Is noait gebeurd)
Letter doarsten se dêr noait wer to riden. Mar dêr is oant nou ta noch noait in ûngelok gebeurd.
nl.verhalenbank.21837
Op 'e Burgumer Nijstêd wenne in feint by in boer. Dy feint seach op in nacht in deakiste oer de flier stean. Hy hiet fan Jan. Hy miende dat er droomde. Hy frege: "Och heden, hwa mat dêr yn?" Deselde dy't yn 'e kiste [lei] sei: "Jan." Doe gong Jan fan 't bêd ôf en hy nom de skjirre en hy knipte deselde dy't yn 'e kiste lei in stik út it hier.
De oare...
nl.verhalenbank.21807