As de hounen bigounen to spûkgûlen, dan soe 't net lang mear duorje as der kom in deaden yn 'e buert.
nl.verhalenbank.38661
As it slachtoffer trije folle krânzen yn 't kessen hie, gong se dea. (Antsjemoai hie trije folle krânzen yn 't kessen)
De hiele Feansterheide hat der west om dy krânzen to sjen.
nl.verhalenbank.25213
Aelsen Booi fan Houtigehage wie in broer fan myn skoanheit. 't Wie yn 'e nacht en hy gong de wei lâns. Doe waerd er ynienen samar oan kant set. Hy koe net fierder komme. Dêr hat doe in lykstaesje west.
nl.verhalenbank.24673
Fan 'e frijmitselders mat der om de sawn jier ien dea. Fan 'e tsjoensters ek.
nl.verhalenbank.19859
Myn neef Wessel Gal wie in kear op 'e wei, doe moest er oerside, hwant der kom in lykstaesje oan.
De èchte lykstaesje wie pas in dei of hwat letter.
Hy hat ek fan to foaren sjoen dat se syn earste wiif biklaeiden.
nl.verhalenbank.25218
Ik wenne yn 'e Boelensloane by Bareld Bijma yn 't keammerke. Wy wienen krekt troud. Wy wienen sahwat seis en twintich jier en hienen al in pear bern.
't Is nou sa'n fyftich jier lyn.
Wy leinen op bêd. Doe sei 'k tsjin myn frou: "Ik ha hjir in kistje yn 'e hûs sjoen. Dêr matte wy oerhinne stappe as wy fan 't bêd ôfkomme.
Sawn jier letter ha wy in jonkje...
nl.verhalenbank.22934
Men mat nachts der om tinke altyd op 't fuotpaed to bliuwen. Rin noait op 'e wei. Hwant der binne in bulte lykstaesjes. Jo wurde oan kant treaun of oer de lykwein hinne smiten.
nl.verhalenbank.25478
De geast fan 'e forstoarne wurket noch altyd op 'e levende, as dy levende de deade net jown hat hwat him takomt.
nl.verhalenbank.24943
Durk Pultrum hat kastlein west yn Houtigehage. Letter wenne hy dêr net mear. Doe sei er us in kear: "As ik hjir wei brocht wurd, dan wol ik hjir noch even oan om in slokje."
Doe't er dea wie en dêr lâns riden woarde nei 't tsjerkhôf ta, doe bleau it hynder stean. En doe't de koetsier it opjage, bigoun it to steigerjen.
nl.verhalenbank.22936
Pake (oan 'e frou har kant) bihandele beppe net bêst.
Trije dagen foar syn dea seach er beppe op 't fuottenein. Doe wie beppe al jierren wei. Letter kom heit by 't bêd en doe sei er hyltyd mar: "Leave memke, leave memke."
nl.verhalenbank.22923
Op Fryskepeallen wenne Alle Bergsma. Hy wie skuonmakker. Syn frou wie mei de helm geboaren, dy seach de bigraffenissen foarút.
nl.verhalenbank.24946
Myn sweager fan 'e Boelensloane kuijere us in kear op in snein-to-joun tusken it jongfolk. Doe woarde hy samar oan kant set. Hy hie neat sjoen, mar nei alle gedachten hat dêr in lykstaesje west.
nl.verhalenbank.22927
Tabe Bergsma fan Drachtster Kompenije fortelde dat hy hie in famke forlern. Wiken fan tofoaren hie er it famke al yn 'e kiste lizzen sjoen, by syn bêd. 't Wie yn 'e nacht, doe't er it sjoen hie. Hy lei doe op bêd.
Sa hat er 't ek sjoen, doe't it bern nei 't hôf brocht waerd. (Tabe Bergsma wennet nou op 'e hoeke fan de Knipe).
nl.verhalenbank.30885
By jountiid mat men noait midden op 'e wei rinne. Hwant dan kin men oan kant stompt wurde. Yn 'e Wylgen is sa ris ien fan 'e wei smiten woarn. Letter kaem dêr dan in bigraffenis lâns.
nl.verhalenbank.29642
Jehannes Wytske wie in tsjoenster yn 'e Houtigehage. Tije Luts wie ek in tsjoenster. Dy koe har foroarje yn in kat.
In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.22924
Boardzer Bruining ^ fan Boelensloane hie sjoen dat Frans Tuinstra in famke forlern hie. De hiele lykstaesje hat er sjoen mei alle minsken dy't der achter roannen.
nl.verhalenbank.30886
Yn Grins (Helperwestsingel 44) wenne in wiersizter. Dy hat harsels forbrând.
Om 'e sawn jier mat in wiersizter ien dea meitsje, oars giet se der sels oan of sy meitsje har sels fan kant. (zelfmoord)
Dat hûs is noch stees ûnbiwenne. Der sitte planken foar de finsters
nl.verhalenbank.22925
As in houn spûkgûlt, komt der in deaden. Dat gebeurt binnen trije dagen. Sa'n houn sjocht dat.
Op 'e Pipe (to Drachten) hat de houn ek fan tofoaren gûld, doe't âlde Fokke dêr stoarn is.
nl.verhalenbank.29643
De jouns foar har dea woarde der hwat by ús oer de flier smiten.
Doe seinen wy: "Hark ris." Wy tochten dat de kat it die op 'e souder.
Mar letter, doe''t hja dea wie, kommen de dragers hjir en dy smieten twa bankjes oer de flier, dêr't de kiste op stean moest. Dat wie krekt itselde lûd.
nl.verhalenbank.25464
Ik ha wolris fortellen heard, dat guon in stem út it wetter fornommen. De tijd is verstreken, de man is er niet. - Even letter fordronk dêr ien. Mar hwer't dat gebeurde, wyt ik net mear.
nl.verhalenbank.24593