Hy fortelde it yn Eastemar. Dêr forstoar ridlik gau neitiid in kreamfrou, mar dy wie it net.
Letter forstoar der wer ien, dy wie 't ek net. Nòch letter forstoar der foar de trêdde kear ien. Ek dy wie it net. De fierde dy't kaem to forstjerren, dy wie it.
Dy wie troud mei in broer fan syn wiif. Mar dat barde earst twintich jier letter. Alles wie krektengelyk.
nl.verhalenbank.32490
Fan 'e tsjoensters moest der om 'e sawn jier ien dea, oars gong se der sels oan.
nl.verhalenbank.29506
Spûkgûlde in houn, dan seinen se, dat der mei gauwens ien dea gong.
nl.verhalenbank.29523
As in houn spokgûlt dan giet der mei gauwens ien dea.
nl.verhalenbank.25361
As minsken froeger net stjerre koenen, dan woarde har it buordtsje fan 'e mouwe kapot knipt. Dan gongen se samar dea.
nl.verhalenbank.25376
Yn 'e Koaten wenne in boer, dy syn frou kom to forstjerren. Op in kear gong hy de wei út, doe roan se njonken him. Hy sei: "Gean mar werom; ik wyt wol hwerst' om komste." Doe hat er datjinge dien, hwat er salang neilitten hie.
nl.verhalenbank.15730
Yn Twizelerheide sei in famke us op in joun tsjin har mem: "Sy ha âlde Antsje ek al biklaeid." Sy hie 't sjoen. Mar de oare moarns leefde Antsje noch. Mar in dei of hwat letter is âlde Antsje samar ûnforwachts forstoarn.
nl.verhalenbank.15737
Achter de Ham by in poel hearden guon minsken us de stimmen fan twa bern. Letter binne dêr twa bern fordronken.
nl.verhalenbank.15734
Der waerd altyd sein: Rin yn 'e nacht noait midden op 'e wei, hwant as der in lykstaesje oankomt kinst in rare gisel meitsje.
nl.verhalenbank.29519
As der âlde roeken of kaën oer 't hûs hinne fleagen, soe der yn dat hûs gauachtich ien stjerre.
nl.verhalenbank.29524
Keke roan hiele lange einen om by de lykstaesje to kommen. Hy gong dan troch sleatten en alles hinne. Neat koe him keare. Se ha my forteld, dat er soms it einekroas noch yn 't hier sitten hie, as er thús kaem.
nl.verhalenbank.29522
It gebeurde hiel faek dat as guon ûnderweis wienen, der ien sei: "Even oan kant gean, der komt in lykstaesje oan."
Dan seagen de oaren dy lykstaesje net.
nl.verhalenbank.29521
Der woarde ús al hiel jong leard, noait midden op 'e wei to rinnen. Hwant it koe gebeure dat der in lykstaesje oankom en dan woarde men oan kant set.
nl.verhalenbank.22678
Dy kant nei Strobos út stienen al us minsken by de feart. Dy hearden dêr in stim út 't wetter wei, dy't sei: "De tijd is verschenen, maar de man is er nog niet."
In set letter kom dêr in man op in wein oanriden. Dy ried it wetter yn en de man yn 'e wein fordronk.
nl.verhalenbank.15770
Under Kollumersweach wenne Knjillis Veenstra. Dy hat de bigraffenis fan syn eigen dochter fan tofoaren sjoen. Hja is fordronken yn 'e Spoarsleat.
nl.verhalenbank.22679
Yn Twizelerheide hat in jonge wenne, dy woarde bitsjoend. 't Wie Oene Leegsma, hy wennet nou op 'e Hillema-State to Burgum.
De jonge wie sa siik as in houn. Hy hat it op 'e dea ôf helle. Doe ha se syn kessen iepenmakke en doe founen se dêr trije krânsen fan fearren yn. De trêdde krâns wie omtrint fol. As dy fol west hie wie de jonge dea west.
nl.verhalenbank.22682
Wy mochten froeger noait midden op 'e wei rinne.
En as der in reed oer in stik lân gyng, rounen wy by jountiid oer it gers, net oer de reed, hwant der wie gjin rûmte genôch op sa'n reed om in lykstaesje passeare to kinnen.
nl.verhalenbank.29925
Yn Feanwâlden stie in plaets, dêr kommen yn 'e nacht deade minsken by de doar. Dy minsken wienen al jierren lyn stoarn. Dêr wie froeger hwat forpraet woarn, dat men net neikom hie.
nl.verhalenbank.15739
As men fan in dikke snoek droomt, dan bitsjut dat, dat der ien yn 'e famylje stjert.
nl.verhalenbank.25188
Men mat net hwat op snein naeije. Hat men it op it stjerbêd oan, dan kin men net stjerre.
nl.verhalenbank.29549