Ritske Bottinga wie frijmitseler. Dy moest alle jierren hwat nijs bouwe. Hy moest altyd mar timmerje oan 't hûs. Die er it net, dan moest hy der sels oan.
nl.verhalenbank.25432
Tsjoensters matte alle sawn jier op syn minst ien deatsjoene. Dogge se dat net, dan gean se der sels oan.
nl.verhalenbank.25433
In hekse mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.29810
Men leaude hjir fêst, dat, hwannear't in houn spûkgûlde, dat der dan in sterfgefal op komst wie.
nl.verhalenbank.31991
As der in moart ergens gebeurt en dêr is in beam by, dan komt der in krús yn 'e beam. En dat giet der ek noait wer út. As de beam ôfkapt wurdt en hy sprút fannijs wer út, dan komt it krús der wer yn.
nl.verhalenbank.25438
Der wienen wol mear lju dy't hwat seagen by nacht, sûnder dat dat bikend woarde. Ik ha faek fortellen heard, as sa'n ien ûnderweis wie mei in oaren, dat er dan soms sei: "Even oan kant gean." Dan seach er, dat der in lykstaesje passeare moest.
nl.verhalenbank.29802
Ien dy't op stjerren leit mat noait hwat oan ha, dat op snein naeid is. Dan kin er net stjerre.
Dan matte se de klean earst dwarstroch snije.
nl.verhalenbank.25143
Dy't bierklean foar de deade makket, mat de tried mei de skjirre ôfknippe. Hy mat de tried noait ôfbite, hwant dan rotsje de tosken út.
nl.verhalenbank.25144
Gebeurt der in moart en dêr falt bloed by, dan kinne se dat bloed wol útwiskje, mar it komt hyltyd wer.
nl.verhalenbank.25437
De kant út nei Kûkherne, oan 'e Noardkant, dêr wie froeger in bosk en dêr spoeken by nacht twa famkes. Der waerd sein, dat dy dêr formoarde woarn wienen. Ik haw wolris fortellen heard dat dy famkes forgroeid (oan elkoar groeid) wienen. Guon seagen der tsjin oan om dêr jouns lâns to gean.
nl.verhalenbank.29797
Liuwe de Haan fan 'e Westerein seach soms ek fan to foaren lykstaesjes by dei. Hy wennet oan 'e Verlengde Stationsstrjitte.
nl.verhalenbank.25132
Jan Visser fan 'e Westerein seach by dei de bigraffenis foarút fan Jan Meijer, dy't achter him wenne.
Doe frege Jan Visser syn mem him of er it wol goed sjoen hie.
"Jawis ha 'k it goed sjoen", sei er, en doe neamde er de nammen op fan 'e lju dy't der by wienen.
In pear dagen letter stoar âlde Meijer. Deselden dy't er sjoen hie roannen achter 't lyk oan....
nl.verhalenbank.25130
Letter hie Jan Visser nòch sa'n gefal, nou mei syn eigen jonkje. Doe wie er al troud en hy wenne yn Kollum. Dat wie doe't syn jonkje stoar.
Hy soe der krekt even op út mei syn mem, dy't by har yn wenne. Sy stienen al yn 'e gong. Doe sei Jan: "Gean even oer side tsjin 'e muorre oan stean."
Hja gongen oer side.
Der gong in kistje foarby. Jan seach it, syn...
nl.verhalenbank.25131
It is wol gebeurd dat ien midden op 'e wei lâns roan sûnder dat er it lykfolk oankommen seach. Dan woarde sa'n ien oer de boerewein hinne smiten, dêr't it lyk op lei. Alles wie foar him ûnsichtber.
nl.verhalenbank.25128
Guon wurde mei de helm geboaren. Wurdt dy helm op 'e forkearde menier forwidere dan mat sa'n ien letter altyd lykstaesjes sjen. Dy matte der dan nachts faek út.
nl.verhalenbank.29713
De minsken roannen hjir noait midden op 'e wei. Oars koenen se troch in lykstaesje oan kant reage wurde.
nl.verhalenbank.31990
As de doarpsklok op in bipaelde menier let (as er klept) komt der mei koarten in deaden.
nl.verhalenbank.29957
Ik haw ris hwat nuvers bileefd. Ik wie boerearbeider yn Feankleaster, by Sikke Oostenbrug. 't Wie yn 'e simmer, de moarns om in ûre of fjouwer. It wie al ljocht. Ik ried op 'e fyts nei de boer ta. 'k Ried op 'e rjochter kant.
Doe waerd ik samar ynienen mei fyts en al oan kant set. Doe ried ik oan 'e linkerkant. Hwat dat west hat, wit ik hjoed-de-dei nòch...
nl.verhalenbank.32144
As in houn spûkgûlt komt der altyd in deaden wurdt der sein.
As eksters skatterje gebeurt der hwat. Dat hat in bitsjutting. Hwat dat is, dat wite de minsken meastal net.
nl.verhalenbank.29955
Oan 'e âlde Harstewei sit sa'n krús yn 'e groun. Dêr wol neat groeije. Dat krús bliuwt dêr altyd. Dêr is yndertiid in poep formoarde.
nl.verhalenbank.25439