5,848 datasets found
Dutch Keywords: overlijden Narrator Gender: female Place of Narration: Kootstertille
Doe't myn skoanmem stoar, is der op 't selde momint by ús in wite knyn stoarn.
nl.verhalenbank.29562
As in houn spûkgûlde, wie der meast in wike of trije letter in sterfgefal.
nl.verhalenbank.29557
As der eksters by in hûs kamen, dan kom der in sterfgefal yn 'e buert. De eksters binne dan de boardskippers.
nl.verhalenbank.29561
Ik haw in kammeraedtske hawn, dat wie Sjoeke. Dy wenne yn 'e Westerein. Har âlde mem kom by har yn to wenjen. Dy hie aerdich hwat sinten, mar dy rekken op. Doe wie Sjoeke hounsk tsjin 't âld-minske. Op in kear gong se mei de feint to reedriden. Hja lei har mem achter de bêdsdoarkes del. Doe't se werom kommen fan it riden wie har mem dea. Letter wie 't dêr...
nl.verhalenbank.21669
Rin noait by nacht midden op 'e wei, seinen se froeger altyd, hwant jo kinne dan oan kant set wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.29556
Us mem sei soms, as se de klok lieden hearde: "Hwat let de klok wer raer. Der komt wer in deaden."
nl.verhalenbank.29691
Myn suster lei mei t.b.c. hjir njonken. Hja wie tige min. Op in moarn kaem ik by har. Doe sei se tsjin my: "It is sa fremd, ik hear hyltyd dat se oan 't timmerjen binne." Fuort dêrnei is se stoarn. Hja hat it timmerjen oan har eigen kiste heard.
nl.verhalenbank.29702
Doe't ús mem stoar krige se de skjirre en de nuddel, dy't brûkt wienen by it meitsjen fan har bierklean, mei yn 'e kiste. En noch folle mear. Ek twa boarstrokken.
nl.verhalenbank.29567
Bontsje Keke moest der nachts altyd út. Dan wie 't krekt as sieten se him achter. Dan moest er in lykstaesje sjen.
nl.verhalenbank.29558
Ik hear altyd fan to foaren de klokken lieden, as der ien op 't hôf komt.
nl.verhalenbank.24849
Myn buorman Bauke Brinkman wie tige min. Hy hie kanker en sy seinen allegear, hy soe stjerre. Hy lei yn 't sikenhûs. Mar ik sei: "Bauke giet net dea en hy komt wer." De lju seinen: "Dat kin net. Hy is sà min." Mar ik sei: "Hy bliuwt yn libben." Hwant ik hie mear sjoen. Hy libbet nòch. 't Is nou al jierren lyn. Syn soan wennet nou op 'e buorkerij.
nl.verhalenbank.24848
Hwat in kat bisjocht, giet net dea. As der ien tige siik is en de kat komt by him en bisjocht him, dan wurdt dy pasjint wer better.
nl.verhalenbank.21663
As der sawn swarte roeken oer 't hûs hinne fleagen, kaem der yn dat hûs in deaden.
nl.verhalenbank.29560
Myn suster yn Twizelerheide kom op in jountiid thús doe stie der in lykwein by har buorlju by de homeije. Even letter ried er fuort. Hja tocht: dat wol 'k ûnthalde. Ik wol wite foar hwa't dat is. In wike letter is har buorman forstoarn. Doe stie de lykwein op itselde plak.
nl.verhalenbank.21672
Us Gjetsje is stoarn oan 'e Spaense gryp yn novimber 1918. Us mem hat alles in wike of seis fan tofoaren sjoen. Mem sei doe: "Hwat mat dy lykwein hjir op 't hiem?" Der wie doe hielendal net in lykwein. Hja hearde de wein draeijen en piipjen. De kiste stompte tsjin 'e doar oan en kraste tsjin 't kezyn. Letter is 't krekt sa gebeurd. De kiste stompte tsjin...
nl.verhalenbank.29555
Dy't mei de helm geboaren wie, moest alles foarút sjen. Sa'n ien moast nachts faek fan bêd ôf, dan moest er nei in lykstaesje sjen, dy't passearde. Yn dizze buert hat ek sa'n man wenne. 't Is ris in kear gebeurd, dat dy man de nachts wer thús kaem by syn frou, doe hied er in hiel sear plak oan 'e holle. Doe wie er net fier genôch oan kant gong, doe't de...
nl.verhalenbank.29693
Doe't myn beide twillinkjes, dy't dea geboaren wienen, biierdige wienen, doe sei skoanmem: "Ha se wol kleantsjes meikrigen yn 't kistje? Hwant oars komme se skielk om 'e doarren hinne om klean."
nl.verhalenbank.29705
Ik krige op in kear twalingen. Beide berntsjes waerden dea geboaren. Doe't it hjir bikend woarde, sei in minske in eintsje fierderop: "O, ik tocht al, dêr is hjir op 'e streek hwat gebeurd, hwant ús houn hat hyltyd mar stien to spûkgûlen, mei de kop dy kant út."
nl.verhalenbank.29703
Us mem en dy soenen us in kear nei 't Fean ta. Dêr roannen se hinne. Sy hienen in lytse jonge by har. Doe seagen se ûnderweis in lykstaesje oan 'e oare kant de wei. Dat doogde lang net. Sy binne fuort werom gong.
nl.verhalenbank.22316
In minske moat by joun of by nacht noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin er in rare reis meitsje. Dan rinne jy by in lykwein op en ploffe der achter wer by del. Men kin ek wol oan kant skoud wurde.
nl.verhalenbank.22317