By ús op 'e reed spoeke âlde Janke nachts altyd om. Op in nacht siet se midden op 'e reed as in roungear protsje mei de skelk om har hinne. Doe kommen wy der lâns.
nl.verhalenbank.22301
As in ekster tichte by hûs komt, sei ús mem, dan komt der binnenkoart in sterfgefal.
nl.verhalenbank.22718
Fan heit en dy ha 'k wol heard, dat der wienen froeger wol minsken dy lieten in spylkaert út gean. Dy moest in flesse drank ophelje. Mar o wé, sei heit, as se dy flesse mei drank net oankrigen, dan kommen se der net levend foarwei.
nl.verhalenbank.15874
As der froeger ien wie dy't net stjerre koe, frege ús mem: "Hat er ek hwat oan dat op snein makke is?"
As dat sa wie, toarnde se der in knoop ôf, dan wie dyselde samar wei.
nl.verhalenbank.22716
Roanes Pander seach ek us op in nacht in lykstaesje. Doe stie er by Wierd Kooistra op 't hiem. Hy seach de lykstaesje foar him lâns gean.
nl.verhalenbank.22257
Der mat hjir us in frou stoarn wêze, dy krige in deakleed om, dat wie har to lang. Dêr kom se mei yn 'e kiste en yn 't graef.
Mar it minske koe de rêst net krije. Sy kom út it graef wei en gong nei 't hûs fan de man en dan sei se: "'t Is to lang." Dan die se de boppedoar iepen en dêr stie se dan oerhinne.
Doe sei de man op in kear: "As 't to lang is, smyt...
nl.verhalenbank.24341
Ik ha wol minsken kend, dy't op 'e joun of yn 'e nacht oan kant reage woarden, as der in lykstaesje oankom.
nl.verhalenbank.22251
Tsjerk Boonstra wenne oan 'e Mûzegroppewei. Dy hat fan tofoaren de lykstaesje sjoen fan syn eigen wiif Lys.
nl.verhalenbank.24634
Us mem hat us hwat bileefd mei in lykstaesje. Sy roan op in joun allinne midden op it paed. Sy wenne doe by de Nije Wei. Dêr is 't ek gebeurd. Sy wie boven oer de lykwein hinne stapt en der achter wer by del tûmele.
nl.verhalenbank.22292
Der ha froeger twa bern fan Simen Spinder yn 't Fliet sitten. Dy binne omtrint forsûpt. Simen hat se noch kret op 'e tiid ret. Fan tofoaren ha se dy bern dêr razen heard. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.24335
Myn âlden seinen, der wie froeger sein woarn, op it Wytfean soe in slach levere wurde. It soe der sa oan wei gean, dat de minsken soenen oan 'e ankels ta troch 't bloed gean.
nl.verhalenbank.15894
Bouke Schievink ha se de nekke omdraeid. De kop siet him achterstofoar op 'e romp. It wie in forkearden. Hy flokte, it wie in griis. De duvel hat him de nekke omdraeid.
nl.verhalenbank.15896
Djoede Rins woarde ek al us in kear yn 'e sleat set, doe't der in lykstaesje oan kaem. Dat gebeurde hjir ek oan 'e betonwei.
nl.verhalenbank.24333
Us mem roan us midden op 'e wei. Sy hie 't molkammerke yn 'e hân, hwant sy soe om molke nei 't hûs dêr't nou Mekke v. D. wennet.
Mar ûnderweis woarde se samar yn 'e sleat set. Der hie in lykstaesje west. Mei 't lege ammerke kom mem werom. Sy sei tsjin heit: "Nou hellestû mar molke op. Ik kom dêr net wer lâns."
nl.verhalenbank.24331
Ruerde Saek helle saterdeijouns altyd boadskippen op yn in âlde sek. Dy boadskippen forkocht se dan wer. Sy wenne yn 'e Smoarhoeke.
Op in kear doe hie se wer boadskippen kocht. Doe't se op 'e Fûgelkamp wie, bleau se stean. 't Wie tichte by de keet fan Albert en Tet.
Doe seach se in lykstaesje. De minsken dy't achter it lyk oanroannen, koe se wol.
Krekt yn...
nl.verhalenbank.22304
Yn it poeltsje op 'e Dunen soe ien - in famke - forsûpe mei read hier. Der wie ien dy hie dat sjoen. Mar 't is noch net gebeurd.
nl.verhalenbank.24337
Taeke Postma, in broer fan myn mem/man, hat us hwat sjoen. Hy kuijere mei noch in stik of hwat fan syn maten nei de wei ta. Wy wennen doe oan 'e Boskreed. Doe sei er tsjin 'e oaren: "Even oan kant. Der komt hwat oan. 't Is in lykstaesje."
't Wie in lytsen-ien, fan in bern.
Gau dêrnei forlearen guon in bern. Taeke sei: "Dat is 't net."
In skoftsje letter...
nl.verhalenbank.24330
Myn broer Gaetse fangde altyd fûgeltsjes, en dy makke der dan dea. Op in kear sei mem tsjin him: Jonge, jonge, dû krigest der nochris fan. De duvel draeit dy nochris de nekke om.
It gebeurde op in ljochtmoanne-joun dat Gaetse der op út gong. Mar even letter kom er werom, deabinaud.
Hwat is der nou oan, jonge? frege ús mem.
Der stie in gedaente achter de...
nl.verhalenbank.15881
Myn âldste suster Harmke wie in nachtmerje. Ik ha oardel jier by har slept, mar ik krige gjin wink yn 'e egen. Sa'n lêst hie 'k fan har.
Doe sei mem tsjin har: "Mast mar net wer by Klaske lizze."
Ik hie tiden dan smoarde ik hast. Hja lei boven op my en knypte de hân om myn hals.
Wy wienen mei ús tsienen fan susters, dêr wie Harmke de âldste fan. Hja is...
nl.verhalenbank.22030
It gebeurde ris op in kear yn 'e nacht, doe kom in sekere Praamsma by de faem wei. Hy kom troch de Bosk yn 'e Harkema.
Doe krige er dêr in lykstaesje to sjen. Hy wie sa binaud woarn, dat, doe't er letter thús kom, wied er by syn mem op bêd sprong.
Even letter kom âlde Melle Dieuwke yn 'e Bosk to forstjerren. Dêr hie hy de lykstaesje fan sjoen.
nl.verhalenbank.28497