1,496 datasets found
Dutch Keywords: overlijden Place of Narration: Burgum
Doe't ik noch faem wie moest ik faek oppasse by in minske dat swier siik wie. Der siet ek in kear in frou by. Dy frou sei tsjin my: "Hearst it wol, der tikket hyltyd in horloazje. Nou duorret it net lang mear." En dochs wie der gjin horloazje. Men neamt dat in wyld horloazje. Deselde nachts noch is it sike minske stoarn.
nl.verhalenbank.27553
Myn suster en ik binne ris op in nacht tige kjel woarn. De buorlju soenen oan 't forbouwen en hienen de ljedder by ús weihelle. Yn 'e nacht hearden wy, hoe't de ljedder by ús tsjin 'e muorre oan set waerd. Wy tochten: hwat in nuvere tiid, om dat yn 'e nacht to dwaen. Mar der woarde net in ljedder delset. En doch hearden wy it dúdlik. It gebeurde de oare...
nl.verhalenbank.38158
Wienen guon yn 'e Westerein bang dat de duvel har krije soe, dan seinen se njoggen kearen achter elkoar: "Fuort, âlde duvel, dû krigest my net." Dan koe de duvel har net krije.
nl.verhalenbank.38170
Ien fan sawn jonges út ien húshâlding is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.38164
Yn Jistrum wienen froeger huzen, dêr spoeke it yn. Ek yn 'e Westerein wie sa'n hûs. De bern mochten dêr net komme, dat wie net fortroud. Ek yn 'e Koaten stie sa'n hûs, dêr wennen in broer en in suster yn.
nl.verhalenbank.31197
Hy wie stille plysje, mar hy joech noait ien preses.
nl.verhalenbank.31183
Sterke Feije wenne yn Burgum. Op in kear wie er op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him en dy frege him oft er ek sizze koe hwer't dy en dy persoan wenne. Doe spande Feije de hynders út en hy hie de ploege optild - dy woech sa'n tûzen poun - en dy hied er mei ien hân foar him útstutsen. En sa hied er dy man oanwiisd hwer't dy persoan wenne....
nl.verhalenbank.27642
As jy in kikkert deameitsje, dan komt der swier waer.
nl.verhalenbank.31020
Yn Burgum is in ûnderierdske gong dy't fanút de krústsjerke nei 't kleaster gong.
nl.verhalenbank.31034
Douwe en Det wennen yn in hûs op Sumarreheide, dêr waerd fan sein dat it nochris opbrânne soe. Knjillis Sudema hie it brânnen sjoen, mar it stiet der altyd noch. Hy mat fier foarútsjen kind ha -
nl.verhalenbank.31961
Men koe klaverboer fuortstjûre om in flesse drank to heljen. It earste romerfol moest ien fan 't selskip oer 't linker skouder fuortsmite en dêrby sizze: "Dat is foar dy." Dan koenen se fierder drinke.
nl.verhalenbank.31975
Heit en âlde pake Tamme wienen ris by de Prikwei oan 't meanen. De Earnewâldster polder wie der doe noch net. Hja hienen de tinte, dêr't se yn slepten, deun tsjin 't kanael oan stean. Doe sei pake yn 'e nacht: "Jelle, wy matte hjir wei." "Och," sei heit, "hwat merakels binne dat nou wer. Jow jo dochs del." Mar de âld man hâldde oan. "Wy matte hjir wei,"...
nl.verhalenbank.31578
In tsjoenster kin har yn alle swarte dieren foroarje, mar meastal yn in swarte kat.
nl.verhalenbank.31236
Hurdegaryp - de iepen hekke fan dokter Bontekoe.
nl.verhalenbank.21964
Der wie in reus oan 't kanaelgraven. Om even út to pûsten, gong er op 'e tsjerke sitten om even út to rêsten. Doe sakke de hiele tsjerke yninoar. De reus bruts 'm. Sa krige dat plak de namme Britsum.
nl.verhalenbank.21958
Der wie ek in reus dy wie ek oan 't kanaelgraven. Dy rêstte ek even tsjin 'e tsjerke út. "De lea binne my warch", sei er. Sa krige dat plak de namme fan Wargea.
nl.verhalenbank.21959
Der spoeke by Aldegea (H.O.) in wylde baerch, dêr't de lju o sa bang foar wienen.
nl.verhalenbank.21965
Mem sei froeger: Traepje noait op in pod, hwant dan krije wy swier waer.
nl.verhalenbank.31237
Alde Tsjibbe Westra wenne op 'e Sumarreheide. Alle jounen hearde hy timmerjen, mar dêr wie neat to sjen. It wie de Aldegeaster dyk út dêr't er it hearde. In skoft letter waerd dêr in rige huzen set fan 'e woaningbou. It wienen huzen fan 'e gemeente.
nl.verhalenbank.31579
Ik ha wol gauris fortellen heard dat de duvel wolris oer in brede feart hinne sprong is en dat er dan de print fan syn hynstepoat yn in stien achterliet.
nl.verhalenbank.29685