1,496 datasets found
Dutch Keywords: overlijden Place of Narration: Burgum
As heit it oer sokke dingen hie sei mem: "Dû mast dy dêr stil oer hâlde. Dêr meije wy net oer prate." Mem hie der in hekel oan. As hy der yn 'e nacht op út west hie, sei mem: "Hè, hwerom hast der nou wer út west?" Mar hy koe net oars, hy moest it sjen.
nl.verhalenbank.27551
Ik haw in kammeraed hawn, dy syn heit, dat wie in raer man. Dy koe 't net folle skele hwat er sei. En hy mocht sa graech in slokje, dat hy wie hast altyd dronken. Op in kear kom er wer út 'e herberch. Hy wie smoardronken. Syn soan wie by him. Hja rounen de Simmerdyk del. Doe woarde dy man samar ynienen optild en in ein fuortsmiten. Dat hat de duvel dien....
nl.verhalenbank.38129
De Ritsma's poel oan 'e wei fan Burgum nei Quatrebras is yn 'e midden sa djip, dat men gjin groun bifiemje kin. Yn 'e Warren is de Sluterspoel; dy is ek sa djip.
nl.verhalenbank.31247
Der wie in man dy hie och sa'n forlet fan jild. Doe kaem de duvel by him, dy sei: "Dû kinst wol jild fan my krije. Sjoch," sei er, "dan jow ik dy in ammerfol jild mei in dikke kop der op. Mar binnen safolle jier mat ik it ammerfol jild wer ha. Dan hoeft der net in kop op to sitten. Oars is dyn siele foar my." De man sette in amer klear en de duvel smiet...
nl.verhalenbank.31291
Op 'e Heideloane by 't swarte krús (poepekrús) oan 'e Simmerdyk fan Burgum nei Hurdegaryp spoeke it.
nl.verhalenbank.31246
Der waerd ús al jong yndruid: Nachts net op 't midden fan 'e wei rinne, hwant der kin wolris in lykstaesje ûnderweis wêze, en dan wurde jo oan kant smiten.
nl.verhalenbank.38128
Ik wyt ek noch dat er us sei: Hedzers Baeije Hedzer is nou noch soun, mar dat duorret net lang mear. Ik ha sjoen dat er to hôf brocht wurdt. It is neikom. It duorre mar in pear wiken doe woarde er siik en doe is er stoarn.
nl.verhalenbank.27550
As de bern froeger to ticht by it wetter kamen seinen de minsken: Tink der om, de kikkerts pakke dy.
nl.verhalenbank.31326
Us mem kom fan Hurdegaryp. Mem fortelde, sy hienen dêr dúdlik it puffen fan 'e trein al heard, fier fantofoaren foardat hy der wie. Krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.27552
Greate Pier wie op 't lân oan 't ploeijen. Hy wenne to Kimswerd en wie fan boereôfkomst. Doe kamen der twa man oan dy't him net koenen. Hja fregen him: Hwer wennet sterke Hearke? [greate Pier?] Doe krige er syn ploege mei de rjochterhân beet, tilde him op en wiisde dêrmei nei syn hûs. En doe sloech er mei de linkerhân op it boarst en sei: "en hjir stiet...
nl.verhalenbank.31330
De foarboaden fan 'e tram neamden se yn 'e Sumarreheide ek wol wylde lantearnen. Dy gongen by de wâl lâns.
nl.verhalenbank.31318
Sudema's jonges har heit, âlde Knjillis Sudema hat sjoen dat it hûs fan Douwe Veenstra yn'e brân stie. Hy sei altyd: "Dat brânt nochris in kear op." Mar it is noch net gebeurd.
nl.verhalenbank.17122
Op Burgumerdaem stie in herberch. Dêr wenne Jehannes Kramer yn. Dikke Taeke moest omke tsjin him sizze. Der wienen in stik of hwat mannen yn 'e kroech, dy kamen hjir net wei. Taeke wie dêr ek. Dy gnyske sa'n bytsje. Dat die er wol faker, mar alhiel net willemoeds. Mar dy mannen tochten dat er har de gek oanstuts. Sy hellen it mes foar 't ljocht en soenen...
nl.verhalenbank.36729
Us heit fortelde, ien fan syn maten, in skipper lyk as heit, wie frijmitseler. Dy keardel wenne allinne op in skip en hy koe dwaen hwat er woe, noait forlet fan jild. Dêr soarge de duvel foar. Op in kear, op in joun noadige hy in pear kamaraden by him op it skip. Dêr wie heit ek by. Der woarden nochal hwat buorrels dronken en hy sloech himsels ek net...
nl.verhalenbank.31287
To Hurdegaryp stie altyd in hekke dy koenen se mei gjin mooglikheit ticht hâlde, dy gong altyd fansels wer iepen. Dat wie by it hûs fan dokter Bontekoe.
nl.verhalenbank.31245
Der wienen twa Amerikanen, dy gongen nei de griezelkelder to Ljouwert, dy stie yndertiid op 'e hoeke fan 'e Twabaksmerk en de Koaningsstrjitte, tsjin it museum oer. Doe't se dêryn kamen, skopte ien fan 'e beiden by ûngelok tsjin in lyts katsje oan. Dat kaem sa bot oan, dat it katsje wie dea. Dat seach de memmekat en dy roun dy Amerikaen iderkear...
nl.verhalenbank.31090
De van der Meer's fan Sumar wienen tige sterk. Dêr hienen jy Folkert, Melle, Sjoerd, Sweitse, Taeke, it wie allegearre folk dat hiel hwat yn 'e bouten hie. De potskippers neamden se har. Mar 't wie eins fiskersfolk. Ien der fan hat 27 jier by ús op 'e boat fard; dat wie Taeke. Dy hie letter aeihandel yn Burgum. Op in kear moesten wy op Oldenburg in baerch...
nl.verhalenbank.36728
Gâns minsken fan Sumarreheide ha fan to foaren de ljochtsjes fan 'e tram sjoen, foardat dy noch ried.
nl.verhalenbank.17123
De lju fan Sumar wurde katten neamd. In âld rymke: Sumarre katten rinne oer de latten, fange mûzen yn oarmans hûzen.
nl.verhalenbank.31319
Der wienen ris trije reuzen oan 't slatten, tichte by Ljouwert. De iene sei: "Dat is ús deel." Sa hat it Deel de namme krige. De oare sei: "Mar wy ha mear." Sa is de namme Lange Meer ûntstien. En de trêdde gong mei de earms oer de tsjerke hinne stean en sei: "Warge, warge lea." Sa is de namme fan dat plak Wargea (Wergea) ûntstien.
nl.verhalenbank.31331