1,496 datasets found
Dutch Keywords: overlijden Place of Narration: Burgum
Heit en pake Tamme meanden op in stik lân yn Wergea. Op in moarn waerd de âld man wekker. "Jelle," sei er, "ik hie fannacht in nuvere droom. Symens Bintsje (de frou fan Symen Bergsma) is fannacht overleden." Sa wie 't ek. Dyselde nachts is se forstoarn.
nl.verhalenbank.31574
Hjir en dêr binne plakken dêr kin men bislist net oanlizze. Op sa'n plak komt dan soms in paed út, dat fan 't tsjerkhôf komt. Dêr wurdt it lyk lâns brocht en in lyk mat altyd frij paed ha, dêr mat alles foar wike. As men dêr lizzen gong, dan gong it altyd raer en it skip rekke fêst los. Gong men in eintsje fierder lizzen, dan wie it goed.
nl.verhalenbank.29689
As der in katûl op 'e nael fan 't hûs sit, dan is dat in min teken. Dan gebeurt der hwat slims. As der in ekster by 't hûs komt, is dat ek in min teken. It is faek in boade fan 'e dea. Mar binne der twa eksters by hûs, dan wol dat sizze, dat der bisite komt.
nl.verhalenbank.31398
Heit fortelde, doe't er noch in lyts jonkje wie, wenne der in fisker yn Kûkherne. Op in dei wie dy fisker samar spoarloas. Letter ha se him wer foun, doe wie de holle him fan 'e romp biten. Dat hie in greate fisk dien, seinen se.
nl.verhalenbank.30999
Omke fan Feanwâldsterwâl fortelde dat, as ien wetter by de molke die, dan gongen syn kij dea.
nl.verhalenbank.30998
Yn Burgum mat it gebeurd wêze, dat guon yn 'e winter mei iis in stim hearden: De tijd is verschenen, de man is der niet. Doe is dêr fuort dêrnei ien op redens yn in wak riden.
nl.verhalenbank.31285
Yn Noardermar wenne âlde Iebeltsje. Dy hie in dochter, dy waerd kranksinnich. Doe liet hja dy dochter wenje yn in gat, dat se yn 't hea makke hienen, dêr koe se net wer út komme. Dêr krige se har iten en dêr die se har bihoeften. Klaske hiet se, mar se seinen Kajje tsjin har. Letter doochde it dêr net mear yn 'e skuorre. Doe spoeke Kajje dêr, dy't doe al...
nl.verhalenbank.31234
Us mem fortelde, in jongfaem fan Surhústerfean gong ris nei Ljouwert ta nei in wiersizter. Hja woe graech de takomst witte. Mar dy wiersizter woe it earst net sizze. De faem hâldde oan, hja woe it witte. Doe sei de wiersizter op it lêst, hja hie de bigraffenis fan dy faem sjoen. In pear wiken letter wie dy faem dea.
nl.verhalenbank.31026
Op 'e wei fan Gariperheide nei Garyp hawwe se ris yn 'e nacht de lykstaesje sjoen fan in broer, dy't 14 dagen letter stoarn is. Syn beide foshynders rieden foar de wein. Dy't dat seach wie mei de helm geboaren, seinen se, dy wy heldersynde.
nl.verhalenbank.31973
Oan 'e Langeastloane is 't Klaesboskje. Dêr hat ien him ris ophong. Sûnt hinget er altyd jouns oer de hekke hinne.
nl.verhalenbank.31404
Yn Burgumerheide is in poel, dy't net to bidjipjen is. Yn Burgumerheide is ris in bern fordronken. Letter ware dat bern dêr soms om. Guon ha dat sjoen.
nl.verhalenbank.31200
Heit wie boerearbeider by Kees Oostenbrug op Quatrebras. Op in kear kaem er op 'e fyts fan 't wurk. Hy ried nei hûs ta. Doe krige er in takke yn 't foarste fjild. Dy soe hy der ridendewei úthelje, mar doe sloech er oer de kop. Doe hied er in stikkene pink. Dat wie nochal hwat oankaem, hwant hy moest dêr om nei 't sikenhûs ta. Trije dagen hat er dêr...
nl.verhalenbank.31007
Frijmetselders hawwe altyd jild om hannen. Dat ha se fan 'e duvel. Mar dêr matte se letter foar boetsje om de safolle jier mat der ien dea, dêr wurdt om lotte. Se binne altyd sà soun, sà dea. As se dea binne, binne se foar de duvel.
nl.verhalenbank.31239
Yn Feanwâldsterwâl hat in tsjoenster ien deatsjoend. Der wienen guon ûnder dy tsjoensters, dy koenen fleane op in biezemstok. De lju leinen duveldrek ûnder 'e drompel, dêr kaem in tsjoenster net oer. Om 'e sawn jier moest in tsjoenster op syn minst ien deameitsje, oars moest hja sels stjerre.
nl.verhalenbank.29662
Yn Ljouwert stie in galge. Dy galge waerd minder. Doe sei de boal op in kear: Der mat noadich in nije galge komme. Hwant hy kin wol stikken gean as der wer ien oan komt to hingjen. Mar dat kostte de rie tofolle jild. Der moesten mar hwat balken tsjinoan timmere wurde, ornearren se. De galge moest mar hwat oplape wurde. Sa ha de Ljouters de namme fan...
nl.verhalenbank.31299
Op Sumarreheide leauden se froeger fêst dat in tsjoenster krânsen yn 't kessen tsjoende. Wie sa'n krâns klear, dan wie deselde dy't op sa'n kessen mei de holle lei, dea.
nl.verhalenbank.31313
Yn Eastemar wenne in man dy sei op dat en dat plak op it tsjerkhôf sil in fremde blom groeije. Hy hie dêr in fisioen fan hawn. 't Wie in giele blom, dy't er noch noait sjoen hie. Dy man is koart dêrnei stoarn. Doe kaem der op syn grêf in theunisblom to stean, dy't net ien thús bringe koe, hwant dy blom kaem yn Eastemar net foar.
nl.verhalenbank.31311
De frijmitselders hawwe in wûnderdaelder. Dêrtroch ha se altyd wol sinten om hannen. Men kin har ek net deasjitte; se binne kûgelfrij. Elk jier mat der ien dea. Der wurdt om lotte, hwa't dat wêze sil. Dokter van Stapelen fan Grou wie ek frijmitselder. Dy hat himsels forjown, doe't it lot him trof dat er stjerre moest. Dy't ienkear by de frijmitselers is...
nl.verhalenbank.31324
To Bennema-state yn Hurdegaryp - nou in tehûs foar âlden fan dagen - stiet in hekke, dy't se noait ticht hâlde kinne. Docht men him ticht, dan giet er klokslach 12 ûre yn 'e nacht wer iepen. Mar as men hwat roggestrie om it slot hinne wuollen, dan bleau er ticht. De man dy't yn Bennema-state wenne hat, hie him oan 'e duvel forkocht. Doe't dy dea wie...
nl.verhalenbank.31032
Op Feanwâldsterwâl wenne Úlke v.d. Meer. Dy neamden se Úlke Bok omdat er altyd bokken en geiten hie. Ik ha him wol kend. Hy wie bot oan 'e drank. Hy sûpte sa, sei er, omdat er mei de helm geboaren wie. Hy wie altyd fuort op 'e fyts. Hy mocht graech by sé wêze. Dan seach er de dingen net. Oars seach er altyd lykstaesjes. Hy wist altyd fan to foaren as der...
nl.verhalenbank.31018