In wearwolf kin allinne mar deasketten wurde troch in famyljelid mei in sulveren kûgel.
nl.verhalenbank.31023
Op 'e Nijebrêge wenne in âld wiif, dat tsjoene koe.
Doe't se fuortgong ha se har de nekke omdraeid. Dat wie fansels it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.29683
Skoppenboer bringt immen yn great gefaer of hy bringt de dea.
nl.verhalenbank.31025
Oan 'e Simmerdyk tusken Burgum en Hurdegaryp hat men it poepekrús. Dêr ha twa hantsjemieren rúzje krigen om 't jild en doe hat de iene de oare deaslein. 't Wienen Dútsers. It krús is swart. Se ha de pôllen gers weispit en sûnt bleau it altyd swart. Dêr groeide neat mear. Nou ha se stiennen op 'e modder lein.
nl.verhalenbank.31290
Faek ha 'k fortellen heard dat moardnersbloed net wer útwiske wurde kin.
nl.verhalenbank.31244
Men mat nachts noait midden op 'e wei rinne. Men rint dan de kâns dat men troch in lykstaesje oan kant reage wurdt.
nl.verhalenbank.31325
Yn it Bûtenfjild is it ris gebeurd dat guon minsken ien roppen hearden om help. Doe't se dêr by kamen, wie der neat to sjen. In dei of hwat letter forsoop dêr ien.
nl.verhalenbank.29653
It gebeurt my wolris, hwannear't ik by in tsjerkhôf lâns kom, dat ik in lyklucht yn 'e noas krij. Dan kin men der mar wis fan op oan, dat dêr mei gauwens ien op 't hôf komt.
nl.verhalenbank.31008
As der ergens in moard gebeurd is, kinne se de bloedplakken der letter net út krije.
nl.verhalenbank.29684
As der ien formoarde wie, dan koenen se de bloedplakken letter net wer út 'e klean krije.
nl.verhalenbank.31976
Spûkgûlde in houn, dan bitsjutte dat dat der in minske yn dy buert stjerre soe.
nl.verhalenbank.31971
Frijmitselers binne minsken dy't in forboun mei de duvel ha. Jild ha se altyd genôch om hannen. Om 'e safolle jier mat der ien dea. Dy is dan foar de duvel.
nl.verhalenbank.31187
By in moart wol it bloed net wer fan 'e plakken ôf, dêr't it tolânne kaem, haw ik faek sizzen heard.
nl.verhalenbank.31193
Der wie in dûmny dy seach op in kear in blêd tsjin it glês oan by him yn 'e pasterije. 't Wie it blêd fan in beam. Hy lies dêr út, dat syn libbensrin binnen tsien dagen ôfroun wêze soe.
nl.verhalenbank.31604
Ik haw ús heit froeger wolris fortellen heard oer in stim út it wetter dy't sei dat der ien forwachte waerd, en dat der dan even letter ien yn dat wetter forsûpte. Sa'n ien waerd dêrhinne dreaun.
nl.verhalenbank.31176
Myn skoanmem wenne yn den Haech. Op in joun siet se mei de bern yn 'e keamer. Doe seagen de bern har ynienen bleek wurden. "Hwat is der, mem?" frege ien.
"Ik seach hjir sakrekt in swarte houn," sei se, "dy roun om 'e tafel hinne en is der doe wer útgien troch dy doar. Dy houn bringt it boadskip, dat der gau ien út 'e famylje deagean sil."
In pear dagen...
nl.verhalenbank.31228
By it Poepekrús ûnder Jistrum is in poep formoarde woarn. Se ha dêr in krús yn 'e groun makke, dêr wol noait wer gjers op groeije.
nl.verhalenbank.31198
Myn frou hat in skoandochter dat is in healbloed. Dy har mem docht oan swarte kunst. As hja in hekel oan ien hat dan nimt se dyselde har foto en stekt dêryn mei in nuddel. Dan wurdt dyselde siik en giet dea.
nl.verhalenbank.31238
It deadshimd dat de deade oankrige, moest yn 'e es wêze. Paste it net to goed, dan kom de deade werom. Dan hie er gjin rêst yn 't grêf.
nl.verhalenbank.29675
Heit droomde ek ris op in nacht fan in bigraffenis. Hy koe net sjen hwa't bigroeven waerd, mar hy koe oan 'e stoet, dy't achter it lyk oan roan sjen dat it famylje fan him wie.
Twa dagen letter waerd der by heit en dy op it raem kloppe: "Jimme matte op 'e Streek komme, hwant Aeltsjemuoi is samar plotseling overleden."
nl.verhalenbank.31006