26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: overlijden Place of Narration: De Westereen Harkema
Ritske Bottinga wie frijmitseler. Dy moest alle jierren hwat nijs bouwe. Hy moest altyd mar timmerje oan 't hûs. Die er it net, dan moest hy der sels oan.
nl.verhalenbank.25432
Tsjoensters matte alle sawn jier op syn minst ien deatsjoene. Dogge se dat net, dan gean se der sels oan.
nl.verhalenbank.25433
Minsken dy't net stjerre kinne ha hwat oan, dêr't op in snein oan naeid is.
nl.verhalenbank.29795
In hekse mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.29810
Doe't Minne Ael dea wie, hie se by 't bêd del lein. En hja hie hielendal slap west, as in skûldoek.
nl.verhalenbank.29743
Jan Oenes wenne yn Sweagerbosk. As hy der op út wie liet er syn pânse thús. Hy koe tsjoene. Sa is er op in kear stoarn. Doe bleau syn pânse achter. Der ha guon hinne west to sjen. Der lei in roune bult op 'e strjitte. Dat wie syn pânse.
nl.verhalenbank.30103
Men leaude hjir fêst, dat, hwannear't in houn spûkgûlde, dat der dan in sterfgefal op komst wie.
nl.verhalenbank.31991
As der in moart ergens gebeurt en dêr is in beam by, dan komt der in krús yn 'e beam. En dat giet der ek noait wer út. As de beam ôfkapt wurdt en hy sprút fannijs wer út, dan komt it krús der wer yn.
nl.verhalenbank.25438
It gebeurde ris op in kear yn 'e nacht, doe kom in sekere Praamsma by de faem wei. Hy kom troch de Bosk yn 'e Harkema. Doe krige er dêr in lykstaesje to sjen. Hy wie sa binaud woarn, dat, doe't er letter thús kom, wied er by syn mem op bêd sprong. Even letter kom âlde Melle Dieuwke yn 'e Bosk to forstjerren. Dêr hie hy de lykstaesje fan sjoen.
nl.verhalenbank.28497
By ús op 'e reed spoeke âlde Janke nachts altyd om. Op in nacht siet se midden op 'e reed as in roungear protsje mei de skelk om har hinne. Doe kommen wy der lâns.
nl.verhalenbank.22301
As de klok sa deadsk oan 't lieden is, komt der in sterfgefal. Dat is foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.19976
As in ekster tichte by hûs komt, sei ús mem, dan komt der binnenkoart in sterfgefal.
nl.verhalenbank.22718
Foar sa'n 60 jier seinen se dat der by Hoogkerk-Vierverlaten ek ien forsûpe moest. Dêr woarde doe ek altyd foar warskôge.
nl.verhalenbank.12483
Yn 'Ons Huis' yn 'e Westerein wenne Hoedemaker. Dy krigen in poppe. Hja krigen de molke altyd fan Piters Willemke. Mar Willemke, dat wie ek in greate tsjoenster. Dy molke moest de poppe drinke. It bern waerd siik. Doe sei myn suster Pytsje tsjin Hoedemaker: "Tink der om, jimme bern is bitsjoend. Willemke, dat is in tsjoenster. Jimme poppe giet dea as...
nl.verhalenbank.29744
Der wienen wol mear lju dy't hwat seagen by nacht, sûnder dat dat bikend woarde. Ik ha faek fortellen heard, as sa'n ien ûnderweis wie mei in oaren, dat er dan soms sei: "Even oan kant gean." Dan seach er, dat der in lykstaesje passeare moest.
nl.verhalenbank.29802
Ien dy't op stjerren leit mat noait hwat oan ha, dat op snein naeid is. Dan kin er net stjerre. Dan matte se de klean earst dwarstroch snije.
nl.verhalenbank.25143
Us heit soe op in moarn nei 't wurk ta op 'e fyts. 't Wie noch o sa bitiid en 't wie noch tsjuster. Ynienen wurdt er mei fyts en al oan kant set en komt sa yn 'e feart tolânne. 't Wie in rjochte wei. Der kaem in lykstaesje lâns, mar dy hat er net sjoen. 't Gebeurde hjir yn 'e Westerein.
nl.verhalenbank.30363
Spûkgûlt der in houn, dan komt der in deaden. Ek as de eksters tichteby skatterje.
nl.verhalenbank.29785
Dy't bierklean foar de deade makket, mat de tried mei de skjirre ôfknippe. Hy mat de tried noait ôfbite, hwant dan rotsje de tosken út.
nl.verhalenbank.25144
Soms dan hâldden dy katten in forgadering. Dan raesden se hiel bot, as se by elkoar wienen. Dan gong der letter in minske dea. Dêr waerd dan troch dy katten oer praet. In frou út 'e Kule sei: "De katten ha fannacht wer sa bot raesd, nou giet der gau wer ien dea." 't Wie krekt as songen dy katten.
nl.verhalenbank.29781