26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: overlijden
In hekse mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.29810
Doe't Minne Ael dea wie, hie se by 't bêd del lein. En hja hie hielendal slap west, as in skûldoek.
nl.verhalenbank.29743
As in houn spûkgûlde, wie der meast in wike of trije letter in sterfgefal.
nl.verhalenbank.29557
As in houn spûkgûlt, dan duorret it net lang of dêr komt in deaden yn 'e buert.
nl.verhalenbank.29609
Peije wie myn styfheit. Dy syn mem is bitsjoend woarn troch in stikje tsiis. 't Minske is der fan wei rekke.
nl.verhalenbank.24439
Bloedplakken dy't troch moart foroarsake waerden komme altyd wer tofoarskyn, as men se útwiske hat.
nl.verhalenbank.25487
As de houn spûkgûlt stjert der ien. Wy ha der wol om út bêd west, sa binaud wienen wy, as wy dat nachts hearden.
nl.verhalenbank.25336
By ús op 'e reed spoeke âlde Janke nachts altyd om. Op in nacht siet se midden op 'e reed as in roungear protsje mei de skelk om har hinne. Doe kommen wy der lâns.
nl.verhalenbank.22301
As jy hoazzen breidzje op snein, dan geane de fuotten it earst dea.
nl.verhalenbank.32476
In wearwolf kin allinne mar deasketten wurde troch in famyljelid mei in sulveren kûgel.
nl.verhalenbank.31023
Jan Oenes wenne yn Sweagerbosk. As hy der op út wie liet er syn pânse thús. Hy koe tsjoene. Sa is er op in kear stoarn. Doe bleau syn pânse achter. Der ha guon hinne west to sjen. Der lei in roune bult op 'e strjitte. Dat wie syn pânse.
nl.verhalenbank.30103
As de klok sa deadsk oan 't lieden is, komt der in sterfgefal. Dat is foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.19976
Der wienen by in boer de moandeis twa dikke bargen dea, doe't er de sneins yn 't hea west hie.
nl.verhalenbank.32477
Inkelde bloeddrippen (3) dy't falle, jowe in deaden yn 'e famylje.
nl.verhalenbank.21806
Der woarde altyd sein, as der in katûle op it dak siet, dan stoar der mei koarten ien yn dat hûs.
nl.verhalenbank.25335
Spûkgûlde in houn, dan seinen se, dat der mei gauwens ien dea gong.
nl.verhalenbank.29523
Tusken de Wylgen en Drachten spûke it. Dêr is Teadehoekje. Dy is der formoarde. Sûnt spûke hy dêr.
nl.verhalenbank.29494
As in houn spûkgûlde, wie dat in teken, dat der gau ien stjerre soe.
nl.verhalenbank.24600
Wanneer een fogel anders roept as gewoon betekent dat dat der een sal stervn, seiden se froeger.
nl.verhalenbank.20300
Op 'e Nijebrêge wenne in âld wiif, dat tsjoene koe. Doe't se fuortgong ha se har de nekke omdraeid. Dat wie fansels it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.29683