Ek spûkgûlden de hounen fantofoaren.
nl.verhalenbank.21018
Wy ha wenne oan 'e Mâllewyk to Bakkefean. Dêr is us in bern fan in jier of fiif, seis yn fordronken. Fan to foaren ha se dêr in stem yn dy wyk heard. Doe wisten se dat der ien yn fordrinke soe.
nl.verhalenbank.21041
Dêr't wy froeger wol ljochten sjoen ha, dat wienen letter de auto- en fytslampen.
nl.verhalenbank.25536
Op it plak dêr't de wylde lantearnen út gongen, kom in nij hûs to stean. De wylde lantearnen wienen de foarboaden fan nije huzen.
nl.verhalenbank.23384
Minsken seagen froeger wylde lantearnen. Dy kant nei de Sweach en de Gordyk út. Dat wienen de foarboaden west fan 'e tram, woarde der sein.
nl.verhalenbank.23810
As der nachts in houn spûkgûlde, gong der ien dea.
nl.verhalenbank.23811
As der in bigraffenis op til wie, dan woarden guon oan kant skoud, sûnder ûngelokken. Sieten jy op 'e fyts, dan woarde de fyts mei oan kant set. It gebeurde by nacht, mar ek wol by dei. As soks gebeurde seinen se: "Nou komt der in bigraffenis", en dat gebeurde ek.
nl.verhalenbank.23385
Oan 'e Hegebrechsterloane yn Oerterp wie in wylde lantearne. Dêr wienen se allegear bang foar. Letter kommen dêr fytslampen. Dêr hat it foartsjirmerije fan west.
nl.verhalenbank.23373
Op in moarntiid sieten ik en Kobe, myn frou, in kopke thé to drinken, doe hearde ik ien op 'e wei roppen. De lêste wurden dy't sein woarden, wienen: "Kobe, hè?" Doe't ik op 'e wei seach wie der net ien to sjen.
In healûre letter miskien hong Kobe in pear wiete dinkjes op 'e line. Dan kom ús buorfrou ta de doar út. Sy sei tsjin myn frou: "It droeget wer...
nl.verhalenbank.25531
Hinke hat my forteld: "Ik bin mei in helm geboaren. Hie 'k him mar net. Ik sil 't jo fortelle, ik ha der fannacht twa kear út west. Beide kearen ha 'k in lykstaesje sjoen. Hjir ien fan myn neiste buorren, dy hat der aenst west."
En hwat blykt? De oare moarns is de man wol dea. Sy sei, 't siet yn 'e helm.
nl.verhalenbank.23807
Yn Terwispel wennen Jan Hakse en syn frou. Dy forlearen in bern. Fan to foaren hienen se it jeuzeljen fan it bern al heard, doe't it yn 'e deastriid wie. Sy wisten dus fan tofoaren al dat se it misse moesten.
nl.verhalenbank.21038
Op in kear kom ik let thús. 'k Rin de skuordoarren foarby. Ik tink: "Forrek, hwat is der doch yn dy âld skuorre?" Ik hearde gekreun. Doe der hinne to sjen. Der wie neat. "Eigenaerdich", tocht ik.
De mandei-to-moarns dêrop kom ik by de froulju wei. Ik hearde wèr itselde gekreun. Ik kom mei de tilbry thús. Itselde gekreun.
Doe't ik seach, lei der in koe to...
nl.verhalenbank.23808
Wy ha to Bakkefean wenne. Wy seagen soms boppe 't Mandefjild wylde lantearnen. Dat wienen de foarboaden fan 'e lettere lampen dy't oan 'e wegen kamen en de ljochten fan 'e fytsen en auto's ensa.
nl.verhalenbank.21039
As in houn spoekgûlt komt der in deaden op 'e pôle.
nl.verhalenbank.23389
As der ien stjerre soe, wisten de bakkers yn 'e Himrik dat al fan to foaren. Hwant dan waerd der nachts by har yn 'e bakkerij mei de koekeplanken smiten.
nl.verhalenbank.21017
As in houn spûkgûlde, dan kom der in deaden op 'e buert. Dat kom faek nei.
Mei katten, as dy har waskje, komt it ek faek nei, dat der dy deis praters komme.
nl.verhalenbank.23843
Oer 't heidefjild seagen se froeger faek wylde lantearnen. Se mienden dat dêr huzen komme soenen. Dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.23841
Op in middei wie hjir in frou to praten. Myn frou en hja wienen drok oan 't petear, doe hearde ik ien by de achterdoar roppen fan 'follik!'
Ik sei: "Hark, dêr ropt ien." Mar doe't ik dat sei lake dy frou, dy't by ús to praten wie, my út. Hja hienen der beide neat fan heard. Dy frou lake my út.
Mar ik hie 't klear heard. Ik sei, 't wie 't lûd fan ien, dat...
nl.verhalenbank.25532
Yn 'e Himrik stie in woanwein, dêr wenne in man yn, dy wie mei de helm geboaren. Alle nachten moest hy der ôf en nei 't tsjerkhôf ta. Der waerd dan op 'e wein kloppe en dan sei er 'ja'.
Op in kear kom der in lykstaesje lâns by nacht. Dy koe net passeare. Hy moast mei de wein fan 't sté. Dat die er dyselde nachts.
De oare deis forstoar der ien. 't wie...
nl.verhalenbank.21019
Guon minsken binne wol oan kant set, as der in lykstaesje oankom. 't Gebeurde hast altyd by nacht.
Guon seagen sa'n lykstaesje fan tofoaren. Dat wienen guon dy't mei de helm geboaren wienen. Sy moesten dan nachts út bêd wei. Sy woarden der útkloppe. Guon stienen dan foar 't finster to sjen. Mar oaren gongen bûtendoar en moesten soms hiele einen rinne om...
nl.verhalenbank.25537