1,336 datasets found
Dutch Keywords: omen Place of Narration: Twijzelerheide
As in houn spokgûlt, is der in sterfgefal op til. Soms giet er lizzen foar de doar fan deselde, dy't gau stjerre sil. Wy ha 't faek meimakke.
nl.verhalenbank.28449
Myn wiif har folk wenne achter de âld Staetsskoalle yn Broek. Op in kear doe kom har broer de jouns thús. Hy sei: "Hwat wurdt der timmere yn 'e âld-skoalle." Dat wie foartjirmerij. "Harkje ris", sei er, en doe hearden de oaren it ek. De hiele skoalle is koarte tiid dêrnei fornijd.
nl.verhalenbank.28429
Foardat it spoar hjir wie, ha de minsken it al riden heard, krekt like dúdlik as doe't it der letter wie, sei myn âlde omke.
nl.verhalenbank.28431
As ik op bêd lei yn 'e Falom hearde ik nachts it timmerjen oan 'e huzen, dy't der letter kom binne. Dat wie ek foartjirmerije.
nl.verhalenbank.28432
Us mem wenne yn Twizelerheide. Op in middei hearde se in swier gebrom yn 'e loft. It minske woarde sa bang dat hja sprong op 'e kop yn 'e dobbe. 't Wie foartsjirmerije. Trije dagen letter hienen jo itselde gebrom wèr yn 'e loft. Mar doe wie 't in luchtskip: de Zeppelin. It lûd wie doe noch dúdliker. It gong fan noardoast nei súdwest.
nl.verhalenbank.34460
Froeger wienen 't hjir op 'e heide allegear ljochtsjes by jountiid. Dat neamden se wylde lantearnen. Dat binne letter allegear huzen woarn. Dêr wie 't foartsjirmerije fan.
nl.verhalenbank.34472
De wylde lantearnen dy't wy froeger seagen, dat ha de fytsljochten fan letter west.
nl.verhalenbank.23419
As it ûnwarich wie en der wie rein en stoarm op til, dan kommen der allegear ljochtsjes by de reden lâns. Dat woarden letter allegear ljochtsjes by de reden lâns. Dat woarden letter allegear huzen. Ien fan dy ljochtsjes sloech ris in kear fêst yn in hage - dat hat dêr doe wit hoe lang brând. (Dy huzen kommen to stean tusken Frijstêd en Broek yn. Dêr...
nl.verhalenbank.28430
Myn man wie noch in jonge baes, hy wie hjir us op 'e wei mei oaren. Sy praetten hwat, doe hearden se yn 'e Kule timmerjen. Guon seinen: wy sjogge ljochten. Mar dêr stie net in hûs. Letter is dêr boud woarn. Der binne nije huzen yn 'e Kule delset. Myn man hat it sels fan to foaren heard en sjoen.
nl.verhalenbank.23414
Myn man wie in great jonge, syn heit en mem leefden noch. Doe sei er op in kear: "Hearre jim Baeije wol roppen en razen?" De oaren seinen: "Wy matte der gau us hinne to sjen." Mar doe't se der hinne gongen wie der neat to rêdden mei Baeije. Mar in skoft letter raesde se krekt sa as dy kear. Doe wie har bern forstoarn.
nl.verhalenbank.23415
Yn 'e Falom, op 'e Breedte gebeurde 't faek, dat de tsjernmoune yn 'e nacht gong. Hja hearden it hynder klear yn 'e rounte gean. Dat wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.28450
Myn âldste suster wie twa jier âlder as ik. Sy stoar. Myn broer en ik leinen op bêd. Krekt in ûre foardat se de kiste foar myn suster brochten, hearde ik tige klear en dúdlik dat se 't hynder by ús útsloegen. De izeren sile foel op 'e groun. 't Wie jouns. Doe hearde ik dat se hwat tilden en dat yn 'e hûs brochten. "Dêr binne se", sei 'k tsjin myn broer....
nl.verhalenbank.27373
Myn suster Hiltsje, dy't oan 'e Grinzer Strjitwei wennet by Koaten wyt mear as sljochtwei. Sy woarde mei de helm geboaren. Sterfgefallen en al sokke dingen mear wyt hja fan tofoaren. Ik bin der wolris bang foar west. Op in kear wie 'k by har to praten. Doe sei se: "Astû aenst thús komste dan fornimste dat der ien út jim famylje tige siik is. Dy sil ek wol...
nl.verhalenbank.33512
As de sémearminnen sjonge komt der stoarm. In sémearmin is heal minske, heal fisk.
nl.verhalenbank.28443
Alde Knjillis Veenstra wenne by 't spoar. Hy wie mei de helm geboaren. Hy útfanhûze wol gauris by syn suster. Dy hat wolris forteld, as hy kom, dan rûme hja bûten alles op, hwat mar yn 'e wei lizze koe. Hwant it gebeurde wit hoe faek dat hy der nachts op út gong, en dan koe 't wolris gebeure, ornearre se, dat er oer dingen yn 't tsjuster stroffelje soe....
nl.verhalenbank.23770
By nacht mat men noait midden op 'e wei rinne, hwant men kin dan oan kant reage wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.38339
Myn beppe wie Hindrik Eatses Gjertsje. Sterker frommeske hat der noait west. Hja wie noch faem en hie forkearing mei myn pake. Op in snein-to-joun wienen se togearre oan 't kuijerjen by de Swâdde lâns. Sy wienen op in âld reedtsje. Doe kommen dêr twa jonge bazen oan: Tsjipke Postma en Jan Kommerij. Dy beide knapen dy hienen ek wol smucht op beppe, mar dy...
nl.verhalenbank.28843
Ien fan 'e sawn famkes út ien húshâlding wie in nachtmerje. Foar in nachtmerje sette men de toffels achterstofoar foar 't bêdsket. Men struide moal op 't gesicht.
nl.verhalenbank.38649
Us pake en dy hienen in helm fan ien fan 'e bern. Dêr wie dat bern mei geboaren. Dy helm koe pake djûr forkeapje. De dokter wie der tige hyt op. Hy sei: "Daar wil ik van der Veen wel veel geld voor geven." Mar pake die't net. Letter hat pake dy helm fuort dien. Dy't sa'n helm yn besit hat is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.22003
It wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Myn man wie yn Dútslân oan 't wurk. Ik wist noch net hwannear't er thúskomme soe. 'k Siet op in joun by de tafel. Dêr stie myn man foar 't glês, in bytsje roungear. Hy hie roetswart hier en in swarte snor. Sa stie er foar 't glês to sjen. Ik draeide my even om. Doe't ik wer seach, wied er fuort. "Nou komt Kei gau thús,"...
nl.verhalenbank.22017