De wylde lantearnen dat wienen de foarboaden fan 'e auto's. Ik ha se faek sjoen yn 'e Earnewarren.
nl.verhalenbank.23044
De wylde lantearnens, dat ha de foarboaden west fan 'e flychmesines. Hwant se wienen yn 'e loft.
nl.verhalenbank.23034
Doe't ik in famke wie fan sa'n jier as seis - doe wennen wy noch oan 'e polderdyk - doe seach ik op in jountyd klear de lokomotyf fan 'e tram de hoeke om gean. It wie in great, swart ding. In skoftsje dêrnei doe is de tram dêr kom.
nl.verhalenbank.21340
Myn skoanheit Sjoerd Kingma wenne op 'e ein fan Garyp yn in lyts húske flak by de oerwei fan Nyegea nei Burgum.
Hy hearde nacht op nacht it fluitsjen fan 'e tram, deunby, wylst der doe noch gjin tram wie. Dy kaem letter pas.
nl.verhalenbank.23028
Inkelden yn Sumarreheide ha de ljochtsjes fan 'e tram al fier fan tofoaren sjoen, foardat de tram der wie.
nl.verhalenbank.21339
Myn beppe dy wenne op 'e Tike. Dy sei: "It is noait liker as slagge se altyd mar op izer om, krekt as rollet it iene izer oer 't oare hinne." Hja hearde it nachts op bêd. "Toe Teade," sei se dan tsjin pake, "hear dû ek us." Mar pake dy hearde it net.
Letter is de tram dêr lâns kom. Dy hie krekt itselde lûd as dat hja heard hie.
nl.verhalenbank.21090
Op in snein-to-joun siet ik mei myn âlden en ús heit syn broer by de tafel to iten. 't Wie sahwat sawn ûre.
Doe wie 't ynienen allegear lawaei. Der woarde timmere en mei planken en stiennen smiten. Wy hearden 't allegear hiel dúdlik en woarden der kjel fan.
Doe't wy nei 't bûthús gongen om to sjen, stienen de kij allegearre oerein, dy hienen 't èk heard,...
nl.verhalenbank.23097
It is al hiel lang lyn, doe wenne ik op 'e kooi ûnder Garyp. 't Wie yn 'e nacht. Ik lei op bêd en hie lyk as altyd de kleden iepen. Doe seach ik samar ynienen hiel dúdlik in wei, dêr't auto's lâns tuften. Der wie doe hielendal noch net in wei.
Mar dy wei is der kom: de Bolderenwei, en dêr tuffe nou alle dagen de auto's lâns. Dit ha 'k sels sjoen en dat...
nl.verhalenbank.21333
Greate Taeke (= T. Wagenaar, byneamd Syngsang) wenne yn 'e Westerein fan Garyp. Dy wie mei de helm geboaren. Nachts moest hy der wolris ôf, om nei in lykstaesje to sjen, dy't dêr lâns kom. Hy wist dan wer hwa't der stjerre soe.
nl.verhalenbank.23116
Ek op in kear, doe kom myn broer fan 'e jongelingsforiening thús. 't Wie sahwat tsien ûre op 'e joun. Hy soe op bêd, mar doe wie 't ynienen allegear lawaei. Der woarde mei stiennen en latten smiten en der woarde timmere. It lûd wie op it plak dêr't er sahwat wie. Hy gong net earder op bêd foardat it lûd út wie. Hy stie der nei to harkjen en wachte oant it...
nl.verhalenbank.23098
't Wie yn 'e winter. Guon wienen op 't iis op 'e Burgumer Mar. Doe hearden se in stem: De tijd is verschenen, de man is er niet. In skoftsje letter is dêr in reedrider op dat plak yn in wek fordronken.
nl.verhalenbank.23092
Myn mem wie in Formsma. Sy gong by Aefke op it naeijen, doe wie 't in great fanke. Aefke wenne op Burgumerdaem, op Ûleflecht. Doe fortelde Aefke har: "Ik en myn jonges seagen hjir tsjalken lizzen. Dêr wienen se op oan 't moallossen. Wy seagen de minsken dragen. 't Wie allegearre ljocht."
Dêr wie doe gjin wetter. Letter (ridlik gau) woarde de feart forlein...
nl.verhalenbank.23099
Greate Hearke wenne yn Aldegea. Hy wie ôfgryslike sterk. Syn eigenlike namme wie Hearke Douma.
Hy wie us in kear oan 't ploeijen. Hy roan achter de ploeg.
Doe kom der in man oan, dy frege hwer't greate Hearke wenne.
"Hjir stiet er", sei Hearke en sloech mei de fûst op 't boarst. "En dêr wennet er", sei er, en doe krige er de ploege mei de oare hân beet en...
nl.verhalenbank.23043
Der woarde froeger altyd sein, yn it east fan Garyp roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.23094
Op 'e Burgumermerke stie froeger wol gauris in tinte mei in swarte spegel. It jongfolk makke der in bulte gebrûk fan. Sy koenen dêr de frou sjen, dêr't se letter mei trouwe soenen. Mar sy seagen ek wol us in deakiste. Dêrtroch wienen der èk in bulte dy't der nèt yn kommen.
nl.verhalenbank.22771
Doe't ik tsien jier âld wie, doe is my sjen litten hwer't ik letter komme soe to wenjen.
Ik seach tige dúdlik twa nije húskes. De doar, de finsters, it dak, it hiele model seach ik sa klear, dat ik it noait wer forgetten ha. It ienen húske is letter ôfbrutsen.
Doe't ik troude bin 'k yn 't hûs kom to wenjen. Ik herkende it. Dat wie sahwat yn 1910.
nl.verhalenbank.22981
Yn Warten koe Sjoerd Ages soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er marsjeare. Hy brûkte in toverboek mei toverspreuken.
nl.verhalenbank.22995
Sterke Feije wenne yn Burgum. Hy wie ôfgryslike sterk. Hy en syn hynderke dienen it wurk togearre. As de wein út it skerngat moest en it hynderke koe 't net dwaen, dan gong Feije der foar stean. Sa dienen se 't wurk beurt om beurt of togearre.
nl.verhalenbank.27812
Myn broer Wytse - dy't forstoarn is - en ik reizgen togearre nei Drylst nei in pear susters, skippersdochters, dêr't wy doe forkearing mei hienen. De moarns werom reizgen wy oer Dearsum. 't Wie dêr tusken twaën en trijen yn 'e nacht. Ik sei tsjin Wytse: "Ik sjoch twa froulju op 'e dyk."
"Ik èk, krektlyk", sei er.
Ik sei: "Ien mei in reade en ien mei in...
nl.verhalenbank.31527
As in minske liuwefet by him hat, dan krijt net in houn him, as is 't ek noch sa'n kweaden-ien.
nl.verhalenbank.31533