As de hounen bigounen to spûkgûlen, dan soe 't net lang mear duorje as der kom in deaden yn 'e buert.
nl.verhalenbank.38661
Wy seagen oan 'e Dwarsfeart froeger wol us wylde lantearnen. Dy sweefden boven de lânnen. Mar hwat dat to bitsjutten hie, wyt ik net.
nl.verhalenbank.19691
Trapet men op in pod, dan komt der tonger, sizze se. Wy mochten froeger noait in pod deameitsje, hwant dêr kom min waer op, wie 't sizzen altyd.
nl.verhalenbank.26123
As de sémearminnen yn 't wetter bigjinne to sjongen, komt der ûnwaer, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.23488
Doe't ik jong wie sweefden der altyd wylde lantearnen boppe de heide. As dat it gefal wie, kom der in ûngelok, seinen se.
nl.verhalenbank.23497
Ik wie sa'n foech jonge en wenne by bakker Vonk.
Jouns gong ik faek nei Brant en Mintsje ta. Dy wennen, krekt as Vonk, èk yn Drachtster Kompenije. (De man hiet Brant Pool). Hja hienen in dochter, dêr hie 'k wol hwat bistek op. Op in joun wie 'k dêr wèr.
"Ha jim hjir in nij hûs krige?" frege ik. Hwant ik seach achter it hûs fan Brant Pool in ljocht...
nl.verhalenbank.33623
't Wie yn 'e mobilisaesje fan 1918, yn 'e tiid fan 'e Spaenske gryp. Ik wie elke dei mei ús heit to bûkelsykjen. Wy gongen der mei de hounekarre hinne. Moarns ier en bitiid by 't tsjuster gongen wy al fuort, as it bigong to skimerjen. Heit en ik togearre. 't Wie yn Beets by 't âldtsjerkhôf, dêr't wy sochten. Op in dei wienen it dêr allegear eksters. Dy...
nl.verhalenbank.16846
Myn mem har suster yn Stiensgea - Klaske-muoi - wie tige siik.
Hja hie longûntsteking. Mem wie neat net bygelovich.
Der komt in ekster oanfleanen by ús mem. Dy komt tsjin 't sydgleske oan. Doe blykte dat har suster overleden wie. De ekster wie de boade fan 'e dea.
nl.verhalenbank.27494
Auke Siebenga fan Nyegeaster Pein hie nei Aldegea nei de faem ta west. Hy wie op 'e weromreis en roan de Aldegeaster dyk del. Hy wie noch net oan 't brechje ta. Der stienen trije rigen swiere ikebeammen oan wearskanten fan 'e wei. Doe kom der in ljocht oan, de kant fan Nyegea út wei. Auke sprong oan kant, hwant hy tocht: dat kin wolris in auto wêze. Hy...
nl.verhalenbank.33624
Alde tante Dike, dat wie de frou fan Jan Mulder, dy seach op in nacht yn Nyegea in bigraffenis foarbygean. In wike letter wie dy bigraffenis dêr.
nl.verhalenbank.33034
Yn 'e Rottefalle wenne in man, dy seach altyd de lykstaesjes. Dan sei er: Dêr en dêr ha 'k it sjoen, mar dy of dy wie der net by. Dan wie 't altyd dyselde dy't der net by wie, dy't stoarn wie (stjerre soe).
nl.verhalenbank.33158
Myn omke Harm wie skieppehoeder. Dy hat yn 't fjild by Grinzer Pein wylde lantearnen sjoen. 't Wienen allegear ljochtsjes.
Mar in lyts skoftsje dêrnei, yn 1912 woarde der in nije tramlijn oanlein fan Grins nei Drachten. Dat wienen de ljochtsjes dy't hy sjoen hie.
nl.verhalenbank.27489
As eksters ticht by de doar skatterje, giet der ien yn dat hûs dea.
nl.verhalenbank.19374
Seach men in fjûrbol, dan bitsjutte dat swier waer.
nl.verhalenbank.23498
As in houn spûkgûlt, dan komt der in deaden. Ik ha 't sels fan ûnderfining. Wy hienen in houn dy hiet fan Bruno.
Dy siet op in dei hyltyd to spûkgûlen. Hy hâldde mar noait op. "Dy forrekte houn", sei 'k.
Even letter stoar mem oan in hartforlamming.
nl.verhalenbank.26119
As de ierdmantsjes it tige drok hienen, krige men in fruchtber jier, waerd der sein.
Der waerd by ús sein dat der in âlde widdou by ús wie, dy't nachts it wurk troch de ierdmantsjes dwaen liet.
nl.verhalenbank.23490
Wy wennen yn Boelensloane tsjin 'e iepenbiere skoalle oer.
Wy hienen dêr buorkerije. 't Wie yn 1898, doe hearden mem en ik timmerjen en oar lawaei by ús yn 'e skuorre. Mar yn werkelikheit wie der neat to rêdden. Mar letter hâldden de soasialisten har forgaderingen yn 'e skuorre, dan gong 't der soms bot oan wei, en noch letter, doe't de tsjerke op 'e...
nl.verhalenbank.29382
Ik wie in jongfeint, doe kom ik us op in kear mei myn kammeraet Japik op in joun op 'e fyts thús. (yn 'e Boelensloane) "Sjoch," sei 'k, "dêr stiet in plaets yn 'e brân." 't Wie Veenstra's plaets, dy stie yn ljochte lôge.
Doe't wy der by kommen, wie der neat to dwaen.
Trije wiken letter seach ik it wer. Mar doe brânde de plaets op. 't Wie deselde lôge.
nl.verhalenbank.23491
Spûkgûlde der in houn, dan leaude men fêst dat der in sterfgefal kom. De houn stie mei de kop nei de kant út to sjen dêr't ien stjerre soe.
As eksters skatteren kom der ek in deaden.
nl.verhalenbank.19692
Wylde lantearnen seach men meast boppe de heidefjilden.
As de minsken ien seagen, seinen se: "Sjoch, dêr komt wer in nij hûs."
nl.verhalenbank.26112