2,006 datasets found
Dutch Keywords: omen Place of Narration: De Westereen
As heit hwat oan mem fortelde, dan paste mem der op of it ek neikomme soe. Hwant hja twifele soms oan syn wurden. Mar it kom altyd út. Hwat hy fan tofoaren sjoen hie, dat gebeurde letter.
nl.verhalenbank.34547
Froeger wienen der gjin wekkers en ek gjin horloazjes. Dan tikke it achter it bêdsket en ek wol ûnder 'e weech. Dat wienen de wylde horloazjes! "Dat binne de wekkers woarn," sei ús mem, "dy't nou op it bêdsbuordtsje stean." (foartsjirmerij)
nl.verhalenbank.33867
Myn suster wenne dat in eintsje út. Hja hie in âlde buorfrou, dy hie in geit. Dy geit, dat wie suver har breawinning. Dêr hie se de molke fan en dan makke se ek noch bûter en tsiis. Op in kear kom se by myn suster en sei: "O o, 't is net bêst, it binne allegear dragers by my yn 'e hûs (dragers = aasvliegen). As de geit mar net dea giet!" (Hja tocht dat dy...
nl.verhalenbank.33864
Op 'e Fogelsang yn 'e Westerein waerd op in plak algeduerigen timmerjen heard, mar der wie neat to sjen. Letter setten se dêr in boerespultsje del.
nl.verhalenbank.19534
Wy ha in berntsje forlern. Yn 'e nacht moest ik Antsje der útklopje. In wike foartiid hie Antsje al sein: "Hja hâlde dat jonkje net. Ik ha 't klopjen al heard."
nl.verhalenbank.21082
Wy sieten meielkoar yn 'e hûs. Ik wie doe noch hiel lyts, dat ik haw der sels gjin herinnering mear fan. Mar myn trije susters wienen doe al jongfammen. Der wie ek in jonge buorman by ús. It wie op in joun. Doe hearden se ynienen in lûd, noait liker as rieden se mei in kroade oer de telle hinne en as foelen de bynten kreakjend del. En 't wie ien en al...
nl.verhalenbank.33860
De wylde lantearnens dy't wy froeger seagen, dat wienen de lettere strjitlampen.
nl.verhalenbank.19537
Mem en dy hawwe ek ris heard dat it sa bot rûsde yn 'e loft. Hja der út nei bûten ta. Mar der wie neat. Folle letter hearden se datselde rûzjen wer. Mar doe dienen de fliechmesines it. Doe't hja it de earste kear heard hienen wie dêr noch gjin sprake fan.
nl.verhalenbank.34560
Yn Twizelerheide, oan 't Wyldpaed, stie in hûs yn 'e brân. Us folk seach it barnen. Der allegear hinne, mar it stie net yn 'e brân. Ik wie doe in famke, 'k ha der ek noch hinne west to sjen. It is net opbarnd, mar de hiting is dat dat noch gebeure sil. Dat leauden ús heit en dy ek grif en ik sels èk.
nl.verhalenbank.33807
By ús woarde it hûs fortimmere. Wy hienen in greate húshâlding, der wienen 9 bern en mem forwachte it tsiende. Doe kom der in frou by ús op bisite. 't Wie âlde Auke Tryn. Dy biseach alles fan de fortimmerderije. Doe't se thúskom, sei se tsjin har man: "Och och, 't wie dêr allegear folk yn 'e hûs/yn 't achterhûs en om 'e doar. Sil ik dy ris hwat sizze? Het...
nl.verhalenbank.34562
Wy wennen yndertiid oan 'e Koopmanswei. Fan in trein wie doe noch gjin sprake. Mar doe hearden se op in kear klear de lûden, krekt as ried der in trein oer rails hinne. Doe binne se allegearre dêrhinne gong dêr't dat lûd weikom. Mar der wie neat. Letter ried dêr de trein lâns, krekt op itselde plak dêr't se 't lûd weikommen heard hiene.
nl.verhalenbank.34559
Yn 'e Westerein is 't faek gebeurd dat de minsken it timmerjen al fier fan tofoaren hearden fan in hûs dat noch boud wurde moest, mar ik kin sa net sizze fan hokker hûzen dat it gefal wie.
nl.verhalenbank.33746
Dy't mei in helm geboaren wie moest alles sjen. Alde Tsjits, de widdou Rekker seach altyd lykstaesjes. Op in kear stie se yn 'e nacht op in hoeke bûtendoar. Doe seach se allegear regenkleden, dy't wapperen en hja woarde oan kant skoud. Hja hie de lykstaesje yn 'e wei stien. Hja fortelde 't hjir de oare moarns. De oare wyks wie der in sterfgefal op 't...
nl.verhalenbank.33752
As de houn spûkgûlde koe men der mar fan op oan dat der in deaden kom. Ik wit noch bêst dat der by ús yn Twizelerheide in houn sahwat de hiele dei spûkgûlde. Hy hie de kop omheech en seach mar ien kant út. Der is doe ien stoarn, tichteby, de kant út dêr't de houn de kop hinne draeid hie.
nl.verhalenbank.33814
Wylde lantearnen ljochten froeger op 'e wei. Dat wienen de tekens fan de lettere fytsljochten en de autolampen.
nl.verhalenbank.33818
It gebeurde ris in kear dat in jongfaem de Lange Reed delgong om molke to heljen. Hja hat it my sels forteld. "O heden," sei se, "doe trof ik dêr in wein mei in kiste der op. In eintsje fierder waeide it kleed yn 'e hichte. En wer in eintsje fierder stie deselde wein stil." Dêr stoar in wike letter in âld frou. It is doe presys sa gebeurd lyk as dy faem...
nl.verhalenbank.34557
Froeger seagen se hjir wol wylde lantearnen. Dat ha de foarboaden west fan 'e ljochten fan 'e auto's.
nl.verhalenbank.26194
It wie yn 'e tiid, doe wie ús mem yn forwachting fan my. Doe krigen se op in kear praters, dat wienen Jan de Haan en syn frou. Dy lju hienen in greate húshâlding en Jan syn mem wenne by harren yn. Dat wie in âld minske. It wie âlde Iebeltsje. Dat âld minske woe by mem en dy wenje. Doe nom heit har mei hjirhinne. 't Ald-minske wie smoarch en sy siet ûnder...
nl.verhalenbank.34546
Pake en beppe wennen oan it paed dêr't letter de spoarbaen kom is. It spoar wie der doe noch net. Hja seagen twa greate fûle ljochten oankommen, dat gong har hurd foarby. Letter kom dêr de trein. Dêr hienen hja de ljochten fan tofoaren al fan sjoen.
nl.verhalenbank.34544
Yn it houtstek fan Dalstra yn 'e Westerein ha guon timmerjen heard, wol forskeidene kearen tusken njoggen en tolwe ûre op 'e joun, as se dêr lâns kamen. Mar as se der hinne gongen wie der neat to sjen en wie alles yn 'e rêst. It wie it timmerjen fan 'e oare deis, dat se hearden.
nl.verhalenbank.19327