Guon op 'e Tike seagen fan tofoaren lykstaesjes.
nl.verhalenbank.20884
As de eksters forgaderje, dan komt der in deaden.
nl.verhalenbank.24093
As 't ergens op in plak yn 'e nacht op in timmerjen gong, dan kom der letter op dat plak in hûs. Dat is op 'e Tike wol faek foarfallen.
nl.verhalenbank.20883
Der is hjir op 'e Tike al us in hûs ôfbrând. Guon ha dat fan tofoaren al brânnen sjoen.
nl.verhalenbank.23154
Op in joun wienen wy as bern mei beppe bûtendoar. Doe sei beppe tsjin ús: "Hear us hoe't it der dêr oan wei giet." Wy hearden earst neat, mar doe't wy ús goed nei harkjen setten, doe hearden wy ek dúdlik dat der timmere en klundere woarde en sa nou en dan wie 't klets. Krekt as woarde der mei planken en balken smiten. Letter kom op dat plak in plaets to...
nl.verhalenbank.27864
Ik wie in jonge fan sa'n jier of alve, tolve, doe haw ik ris ierappels socht op lân, dat lei oan 'e Hegewei by de Aldegeaster dyk. Der wie in âld mantsje, dy socht mei. Sy neamden him Jurjen bultsje omdat er miswoechsen wie, mar hy hiet Jurjen de Vries. Syn soan Knjillis bultsje socht ek mei.
Moarns sawn ûre kom ik dêr op it lân. Dan bigoun de âld man...
nl.verhalenbank.29447
Us beppe dy seach us in wylde lantearne yn 'e Wierren.
Letter kom der op datselde plak in boereplaets to stean.
nl.verhalenbank.27863
Ik hie twa omkesizzers, beide âld-feinten. 't Wienen Sipke en Taeke de Vries. Sipke is dea. Taeke wennet oan 'e âlde tramwei, dy buorket dêr hwat allinnich.
't Wie yn 'e lêste oarloch, doe wienen se togearre by de polderdyk. 't Wie op in saterdeijoune. Sy hienen dêr in skiep rinnen mei twa lammen.
't Woarde donker. Taeke sei tsjin Sipke: "Mast dêr us...
nl.verhalenbank.23153
Bearn Boonstra fan Sumarreheide seach fan tofoaren lykstaesjes. Dat kom altyd nei; nachts moest hy der foar út bêd wei. Mar hy koe noait sizze hwa't der stoarn wie.
nl.verhalenbank.29462
In houn spûkgûlt soms as der ien stjerre sil. Dan stiet er mei de kop nei 't plak ta, dêr't de lykstaesje lâns giet.
nl.verhalenbank.29463
Doe't wy bern wienen wennen heit en dy yn 'e Wierren by de polderdyk. (nou Tike). Doe wienen der gâns lju, dy seagen in ljocht fleanen oer Sumarreheide. Se woenen biweare dat dat it ljocht west hat fan 'e tram, dy't dêr letter kom is.
nl.verhalenbank.29449
Ik haw ek wolris fan guon heard dat se in brân fan tofoaren sjoen hienen, wylst it hûs pas letter opbrânde.
Ik ha sels ris in kear sjoen, doe wie 'k noch yn 'e hûs by ús heit en dy doe seach ik oan 'e Skieding in húske yn 'e brân stean. Doe't ik der by kom brânde 't net. Dat húske is letter ôfbrutsen, net opbrând. Dat haw ik dus net goed sjoen.
Der stie...
nl.verhalenbank.29461
Dêr't nou it húske stiet fan greate Sije (= Sije Hoekstra) op 'e Skieding hjir, tichte by Paulusma, dêr brânde froeger in ljocht. As wy tichterby kommen gong it ljocht út. As wy dan wer fuort gongen, seagen wy it wer. Dat gong sa oan trije kear ta. Letter kom op dat plak it húske to stean, dat der nou nòch stiet.
nl.verhalenbank.29460
Op 'e Sumarreheide seagen se froeger wylde lantearnen.
Beppe hat se faek sjoen. Dat wienen de foarboaden fan 'e tram, dy't dêr letter lâns ried.
nl.verhalenbank.29474
By de Skieding op 'e Tike, op it plak, dêr't Paulusma nou syn garage hat, dêr seagen guon froeger altyd ljochten. Dat wie fansels altyd jouns. Se woenen biweare dat dat de ljochten wienen fan it hûs dat dêr letter delset is, dêr't Jan Tuinstra yn kom is to wenjen.
nl.verhalenbank.29448
Hjir achter my wennen twa reiddekkers. De iene wie David. Sy hienen in gazen hok mei hinnen.
't Is nou twa jier lyn, doe sei David tsjin my: "Hwat haw ik hjir hjoed hwat bileefd. Hoefolle eksters as hjir hjoed net om 't hûs flein ha, wyt ik net. En hwat in stik leven dat se makken! Ik haw ek noch ien yn 'e hannen hawn, dy fleach hjir tsjin 't gaes oan."...
nl.verhalenbank.24094
As in houn spûkgûlt, dan giet der ien dea. Dat komt altyd út. Mar it is ûngelyk hoe't it gebeurt. Sy matte net fêst sitte. Dan binne se binaud. Dan gûle se altyd.
Myn frou wie frijhwat siik. Wy leinen op in nacht togearre op bêd. Doe bigong der in houn to spûkgûlen. Ik tocht: As se dat nou mar net heart. As se nou mar slept.
"Slepste?" sei se.
Ik sei:...
nl.verhalenbank.24095
As de eksters bigjinne to skatterjen flak by hûs en sy fljogge alle kanten út, dan giet der yn dat hûs ien dea.
nl.verhalenbank.24097
Tusken it hûs fan Tsjalling Bijma en dat fan myn neef op 'e Tike lei in stik jierappel-lân. Midden op dat stik lân stie in dikke houn to spûkgûlen. Hy seach yn 't noardwesten op. Dêr wennen Sibe Wiersma en syn frou Marij. 't Wie by dei dat dy houn spûkgûlde. Doe't ik it hearde tocht ik: "Hjir giet ien dea."
Ik makke 't net bikend. Fuort letter stoar Sibe...
nl.verhalenbank.24096
Froeger is der in hûs set by Douwe Welling op 'e Tike.
Wylst hja oan 't bouwen wienen, seagen de timmerlju wylde lantearnen oer de wei fleanen. De Hearrewei wie doe noch in sânwei. Letter binne dêr de fytsen en auto's kom. Dat wienen de wylde lantearnen.
nl.verhalenbank.20882