As minsken fan luzen drome dan komme se yn 'e earmoed to sitten.
nl.verhalenbank.25974
Mem seach dêr ek wylde lantearnen. Dêr kommen letter huzen. Dat wie ek op 'e Skieding, yn 'e buert fan 'e Janke-dobbe.
nl.verhalenbank.25998
Olle Jelle fan 'e Bosweg zag voor lange tijd in hele rige lichtsjes aankoomn. 't Was bij oavend. Loater is doar de tram gekomen.
Hy het dat fan te foren sien.
nl.verhalenbank.27326
Op guon plakken woarde nachts brake. En ik haw ek wolris heard dat der nachts ergens tursken woarde. 't Wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.27878
As in houn spûkgûlt, komt der meastal in sterfgefal. Net altyd.
nl.verhalenbank.24130
De tram is hjir kom yn 1911. Mar fiif jier earder seach myn swager de ljochten al. By Likele Pama - tichte by de Wilhelmina-hoeve - wie in wissel. Dêr seach hy de tram doe al rikjen. Hindrik de Jong hiet myn swager.
nl.verhalenbank.25990
By ús heit en mem op 'e Skieding hearden se nachts faek de brake gean. Dan stompte mem heit oan op bêd en sei: "Jan, hearst de brake wol?" It wie foartjirmerije.
Dan gong it de oare deis wer op in braekjen.
nl.verhalenbank.25991
Forskate lju ha hjir de tram fan to foaren heard, foardat dy hjir lâns kom.
nl.verhalenbank.21111
To Grins haw ik wenne oan 'e Fryske strjitwei. Dêr doochde it net op dat buertsje. De buorlju kommen by my, omdat ik net bang wie. It wie dêr net plús, en sy woenen ha, ik soe der op ôfgean.
It wie nachts noait liker as woarde der ien formoarde. It wie in lawaei! En rare gelûden, freeslik! De hiele buert wie der fan oerstjûr. De lûden kommen út 'e...
nl.verhalenbank.25971
De âlde pasterije yn Greategast stie leech. De buorlju wienen tige lyts bihuze en hienen altyd krapte fan reinwetter.
Doe hellen se wetter út 'e pasterije. Dat die de man jouns nei 't wurk. Doe hearde er dêr yn 'e pasterije in klok tikjen. En dochs stie it hûs leech. Hy gong nei 't plak ta dêr't er de klok tikjen hearde, mar der wie net in klok.
Fjirtsjin...
nl.verhalenbank.25999
Als een hond spûkgûlt of de eksters skatteren komt der in dode.
nl.verhalenbank.27325
As in sémearmin har fortoant, dan gebeurt der in ûngelok op 't skip.
nl.verhalenbank.27873
De wylde lantearnen dy't se hjir froeger seagen dat wienen de lettere wegen en huzen.
nl.verhalenbank.25719
Geart Zijlstra wenne oan 'e Fryske dyk ûnder Greategast tusken de Mieden en Strobos. Dy seach op in joun in hiele streek ljochten fleanen by de kym lâns. Hy wist net hwat dat wie. 't Wie allegearre ljocht.
Letter kom dêr de spoarlyn lâns.
nl.verhalenbank.25707
Heit wenne letter op Driemunt. (Bearn v.d. Woude)
Op in joun lei er op bêd, 't wie moai ljochtmoannewaer. Hy seach ta it sydfinsterke út en doe seach er in ljochte glêdde streek, krekt as wie 't in iisbaen, samar midden troch 't lân. Dêr leit nou de rykswei 43.
Heit wie doe sahwat tachtich jier âld. It gebeurde in pear jier foardat de wei der kom.
nl.verhalenbank.26033
De bigraffenissen sjoch ik altyd by nacht. Dat is de foarboade fan 'e dei. Meastal stean 'k oan 'e kant yn 'e barm, en dan gean se foarby. Dat duorret mar even. Op syn langst duorret it dan noch trije dagen, dat se komme mei 't lyk.
Ik wurd net kloppe. Ik wurd twong om der út. Ik bliuw noait lizzen.
Ik bin nou sawn en tachtich. Ik gean der nou net mear...
nl.verhalenbank.24123
Op in kear stie 'k op 'e wei mei noch in pear minsken. Doe sei 'k: "De man, dy't yn dàt húske wennet, komt joun dea thús."
En dy man kòm dy jouns dea thús. Hy hie tofolle fan 'e warmte hawn. Hy lei op hwat strie op 'e wein mei in swart hynder der foar. Sa brochten se him de jouns thús. 'k Hie 't allegear al sjoen.
nl.verhalenbank.24122
Heit en mem wennen by de Janke-dobbe. Op in nacht gong it bûtendoar lûd op in timmerjen. Mem sei de oare moarns: "Och, och, hwat gong it der fannacht bot oan wei by de Janke-dobbe. En hwat gong 't op in timmerjen. Dêr koe wolris in hûs komme." 't Wie op 'e Skieding. Dat hûs kom der al gau.
nl.verhalenbank.25997
Oan 'e Skieding wie froeger in wylde lantearne. Op it plak dêr't er stean bleau is letter, nei safolle tiid, in hûs kom to stean. De minsken seinen doe al dat dat letter gebeure soe.
nl.verhalenbank.27992
Ik bin mei de helm geboaren. Sy ha my by myn geboarte de helm net ûntnom. Sadwaende moest ik alles altyd sjen. Hoefolle minsken as ik net fantofoaren dea sjoen ha. Ik ha wol gauris minsken warskôge. It kom altyd nei. Ik seach de lykstaesjes tusken tolven en ienen yn 'e nacht.
Alle nachten moest ik der dan ôf. En dan seach ik se passearen as 'k foar 't rút...
nl.verhalenbank.24119