Op 'e Fogelsang yn 'e Westerein waerd op in plak algeduerigen timmerjen heard, mar der wie neat to sjen. Letter setten se dêr in boerespultsje del.
nl.verhalenbank.19534
Wy ha in berntsje forlern. Yn 'e nacht moest ik Antsje der útklopje. In wike foartiid hie Antsje al sein: "Hja hâlde dat jonkje net. Ik ha 't klopjen al heard."
nl.verhalenbank.21082
De wylde lantearnens dy't wy froeger seagen, dat wienen de lettere strjitlampen.
nl.verhalenbank.19537
Froeger seagen se hjir wol wylde lantearnen. Dat ha de foarboaden west fan 'e ljochten fan 'e auto's.
nl.verhalenbank.26194
As heit hwat oan mem fortelde, dan paste mem der op of it ek neikomme soe. Hwant hja twifele soms oan syn wurden. Mar it kom altyd út. Hwat hy fan tofoaren sjoen hie, dat gebeurde letter.
nl.verhalenbank.34547
Yn it houtstek fan Dalstra yn 'e Westerein ha guon timmerjen heard, wol forskeidene kearen tusken njoggen en tolwe ûre op 'e joun, as se dêr lâns kamen. Mar as se der hinne gongen wie der neat to sjen en wie alles yn 'e rêst. It wie it timmerjen fan 'e oare deis, dat se hearden.
nl.verhalenbank.19327
By de Falom haw ik us wylde lantearnen sjoen yn 'e nacht, doe't wy dêr oan 't fiskjen wienen.
Der wurdt wol sein dat dat de foarboaden wienen fan lampen fan fytsen en auto's ensa.
nl.verhalenbank.21624
't Is sa'n fyftich jier lyn, doe wennen wy noch yn 't âld hûs hjirneist. Wy leinen op bêd, 't wie yn 'e nacht. Doe sei myn frou: "Ik hear timmerjen, hiel dúdlik, hjir flak neist." Dêr ha wy in skoftsje letter in hûs krigen.
nl.verhalenbank.21610
As der in swarte ka op 'e dampeal fan 't hiem stie, bitsjutte dat dat der ien út 'e famylje stjerre soe, dy't fierôf wenne.
Mar stie der ien yn 't finsterbank, dan gong der ien dea út eigen gesin.
nl.verhalenbank.19403
It gebeurt faek dat ik 'folk' roppen hear. Dan tink ik: Der komt aenst ek ien. En dat giet altyd troch.
nl.verhalenbank.21611
Net sa fier hjir fandinne stiet in hûs, dêr wennet Hindrik Elzinga yn. Se ha dat hûs froeger yn 'e brân sjoen, mar 't is noait opbrând, 't stiet der nòch altyd.
nl.verhalenbank.26196
It spoekgûlen fan in houn hat bitsjutting. Ik ha hjir neist wenne, doe't dit hûs hjir noch net stie. Yn 'e nacht lei de houn ûnder 'e tafel. En dy bigoun dêr to spûkgûlen. En wylst seach er mar nei 't bêdsté, dêr in bern fan uzes yn lei. It bern skeelde doe noch neat. Mar in wike letter wie 't dea.
nl.verhalenbank.21472
In soad lju hjir yn 'e Westerein ha fan tofoaren de trein riden sjoen mei ljochtsjes en al. Auke van der Sluis fortelde my, dat er de trein tiden tofoaren yn 'e nacht faek fluitsjen hearde.
nl.verhalenbank.21467
Froeger wienen der gjin wekkers en ek gjin horloazjes. Dan tikke it achter it bêdsket en ek wol ûnder 'e weech. Dat wienen de wylde horloazjes! "Dat binne de wekkers woarn," sei ús mem, "dy't nou op it bêdsbuordtsje stean."
(foartsjirmerij)
nl.verhalenbank.33867
Myn suster wenne dat in eintsje út. Hja hie in âlde buorfrou, dy hie in geit. Dy geit, dat wie suver har breawinning. Dêr hie se de molke fan en dan makke se ek noch bûter en tsiis.
Op in kear kom se by myn suster en sei: "O o, 't is net bêst, it binne allegear dragers by my yn 'e hûs (dragers = aasvliegen). As de geit mar net dea giet!" (Hja tocht dat dy...
nl.verhalenbank.33864
Wy sieten meielkoar yn 'e hûs. Ik wie doe noch hiel lyts, dat ik haw der sels gjin herinnering mear fan. Mar myn trije susters wienen doe al jongfammen. Der wie ek in jonge buorman by ús. It wie op in joun.
Doe hearden se ynienen in lûd, noait liker as rieden se mei in kroade oer de telle hinne en as foelen de bynten kreakjend del. En 't wie ien en al...
nl.verhalenbank.33860
Mem en dy hawwe ek ris heard dat it sa bot rûsde yn 'e loft. Hja der út nei bûten ta. Mar der wie neat. Folle letter hearden se datselde rûzjen wer. Mar doe dienen de fliechmesines it. Doe't hja it de earste kear heard hienen wie dêr noch gjin sprake fan.
nl.verhalenbank.34560
Yn Twizelerheide, oan 't Wyldpaed, stie in hûs yn 'e brân. Us folk seach it barnen. Der allegear hinne, mar it stie net yn 'e brân. Ik wie doe in famke, 'k ha der ek noch hinne west to sjen. It is net opbarnd, mar de hiting is dat dat noch gebeure sil. Dat leauden ús heit en dy ek grif en ik sels èk.
nl.verhalenbank.33807
By ús woarde it hûs fortimmere. Wy hienen in greate húshâlding, der wienen 9 bern en mem forwachte it tsiende. Doe kom der in frou by ús op bisite. 't Wie âlde Auke Tryn. Dy biseach alles fan de fortimmerderije.
Doe't se thúskom, sei se tsjin har man: "Och och, 't wie dêr allegear folk yn 'e hûs/yn 't achterhûs en om 'e doar. Sil ik dy ris hwat sizze?
Het...
nl.verhalenbank.34562
Wy wennen yndertiid oan 'e Koopmanswei. Fan in trein wie doe noch gjin sprake. Mar doe hearden se op in kear klear de lûden, krekt as ried der in trein oer rails hinne. Doe binne se allegearre dêrhinne gong dêr't dat lûd weikom. Mar der wie neat. Letter ried dêr de trein lâns, krekt op itselde plak dêr't se 't lûd weikommen heard hiene.
nl.verhalenbank.34559