Trape men op in pod dan krige men swier waer.
nl.verhalenbank.29345
Alde Roel fan 'e Harkema sei, hy hie in fordekte wein sjoen sûnder hynders der foar en 't gong hurd, hurd, hurd. Letter kommen de auto's.
nl.verhalenbank.23527
Op in nacht hearde heit timmerjen en klopjen. Hy gong der ôf en nei de jonges ta. Hy sei: "Hwat wie dat? Hwat dogge jimme?"
Mar de jonges leinen to sliepen, der wie alhielendal neat. Doe't heit op bêd gong bigong it timmerjen en sa wer opnij. Letter is 't hûs fan binnen fortimmere woarn. 't Gebeurde yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema.
nl.verhalenbank.23518
Us mem hat wolris forteld, dat guon in lûd hearden dat út it wetter wei kom - dan moest der ien forsûpe.
Even letter kom der ien oanriden en dy rekke yn 't wetter en forsûpte. Ik wyt net mear hwer't dat gebeurde.
nl.verhalenbank.29332
As in houn spûkgûlt, komt der mei gauwens in deade op 'e buert. Ik ha 't sels meimakke.
nl.verhalenbank.29339
Myn man wie in jonge fan sa'n sawntsjin jier. Der wenne in âld minske yn 'e buert, dy hie twa dochters. Ien fan dy famkes wie ûngelokkich, it minske droech har altyd op 'e rêch.
Op in nacht kom myn man dêr us lâns, doe seach er dêr in lykstaesje. In skoftsje letter stoar dat ûngelokkige bern.
nl.verhalenbank.23519
Op in kear kom myn man op in joun let thús. Hy wie noch net troud. Doe seach er njonken har hûs yn 'e daem in kistje stean. Hy taestte der mei syn hân nei mar de hân gong der dwars trochhinne en doe wie it kistje ek wer fuort.
Njonken myn man har folk wennen minsken, dy hienen in fremd famke yn 'e hûs, dat wie dêr bisteld. Dat hienen se dêr yn 'e kost....
nl.verhalenbank.23520
By de brêge fan Readskuorre ha de minsken ris in stem heard dy't út 'e feart weikom: "De tijd is verstreken, en de man is der niet."
Fuort dêrnei is Japik Schorsje dêr fordronken yn 'e kolk.
nl.verhalenbank.23523
Mem hat faek forteld, dat se froeger timmerjen hearden yn 'e Harkema op plakken dêr't dan letter in nij hûs kom to stean.
nl.verhalenbank.29329
De Liuwepoel is ôfgryslike djip. Nachts ha se wolris ien roppen heard om help. Dat lûd kom út 'e poel wei. Dat bitsjut dat der nochris ien yn forsûpe mat.
nl.verhalenbank.23930
Op in joun wienen der guon, dy seagen yn Droegeham in boereplaets yn 'e brân. Dy minsken wennen op Reahel. Sy lieten har oersette oer 't Knjillisdjip hinne en roannen de kant út fan de Ham. Hwat fierder se kommen, hwat fûlder it brânde. Se wienen oan de Ham ta, doe wie 't út. Dy plaets stiet der noch. Hy is noait opbrând. Mar 't gebeurt fêst in kear.
nl.verhalenbank.16819
It wie yn 1907. Wy wennen yn 'e Warmoldsstrjitte, hjir yn 'e Harkema. Mem en dy slepten yn 'e foarein fan 't hûs, mar sy hearde nachts timmerjen yn 'e achterein. Dat hearde se wol trije nachten achter elkoar.
Mar der wie neat. Der woarde net timmere. Doe't se ècht oan 't timmerjen rekken, wie 't wol tsien wiken letter. Mar doe timmeren se oerdeis, mar net...
nl.verhalenbank.21220
Doe't ús mem in famke wie, hearde se bern sjongen en sy seach ek ljochtsjes. Sy rôp beppe der by en sei: "Mat mem hjir us sjen, sa'n moai ljocht is dêr." Sy hearde dúdlik it getrappel fan berneklompkes en dat der sein woarde: "Jullie moeten stil zitten."
Yn werklikheit wie der doe neat. Mar letter hat âlde Warmolts op dat plak in lyts tsjerkje bouwe...
nl.verhalenbank.21222
Timmerjen hearden se hiel faek fan to foaren. Dan sei de iene tsjin 'e oare: "Mast ris hearre, sa giet it dêr op in timmerjen." Dat is op forskeidene plakken gebeurd.
nl.verhalenbank.16883
Alde Wierd Kooistra syn soan Rinse hat Rapke timmerman (Wijma) formoarde. In maend foardat dat gebeurde hat Wierd syn wiif hwat sjoen. Doe kom der in wein oan sûnder hynders der foar.
't Hat sahwat yn 1912 west. Dy wein treau har en har nichtsje Pôpe Jantsje hast yn 'e hage. Mar der wie yn werklikheit neat.
Fjouwer wiken neitiid hâldde dêr in auto stil...
nl.verhalenbank.21223
As in minske in sykte ûnder 'e lea hat, dêr't er mei gauwens oan stjerre sil, dan gûle de hounen.
nl.verhalenbank.16827
Trapen se froeger op in pod, dan bigong it to tongerjen, seinen se.
nl.verhalenbank.25781
Froeger hat der in wettermoune stien by de Wide Petten, op 'e Polderdyk. Op in joun om 8 ûre kom ik thús. Ik seach de moune brânnen. Hy stie yn ljochte lôge. Ik fortelde it oan 'e minsken. Mar de oare moarns stie hy der noch, hy wie net ôfbrând. Mar it oare jiers, op in moarntiid mei in dikke bui en in stoarmwyn doe rekke de moune los, doe koe de mounder...
nl.verhalenbank.16820
Op in kear doe wie 'k yn 'e Stûken. Doe hearde 'k dêr by in hûs hiel dúdlik, dat se stiennen tsjin elkoar oan klapten. Letter is 't hûs dêr opbrând. Doe ha se 't opnij wer opboud en kom der in boerewein mei stiennen. Doe hearde ik dêr krekt itselde lûd.
nl.verhalenbank.16881
Bareld van der Wyk wenne yn 'e Stûken. Jouns hearden se 't lûd fan in hynder. It wie krekt as skarrele der in hynder om 'e doar. Letter kom yn datselde hûs in man to wenjen mei in hynder.
nl.verhalenbank.16882