5,851 datasets found
Dutch Keywords: omen Narrator Gender: female Place of Narration: Eastermar
Ik stie op in joun to Jistrum achter hûs. Doe hearde ik dat it skean achter my drok op in timmerjen gong. Mar dêr wie neat to sjen. Ik tochte by my sels: Kin dit ek foartjirmerij wêze? En dat hat it west. Letter ha wy op datselde plak in hûs krige. Ik wist der doe noch neat fan dat wy dêr in hûs sette litte soenen. Wy binne letter yn dat hûs kom to wenjen.
nl.verhalenbank.36025
Trape men op in pod, dan kom der tonger.
nl.verhalenbank.28383
As der in gewicht fan 'e klok foel bitsjutte dat dat der yn 't koart in deaden komme soe.
nl.verhalenbank.28377
Wy hienen in âld buorfrou, dat wie Minke. Dy wie siik. Op in kear sei heit: "Hear dy katûle ris roppen. It komt net goed mei Minke." Heit krige gelyk. Minke is al gau dêrnei stoarn.
nl.verhalenbank.28376
Yn Garyp yn 'e buorren ha se us heard: De tijd is verstreken, de man is er niet. Fuort dêrnei fordronk der ien yn 'e wide Ie.
nl.verhalenbank.20885
Myn man Bounse fortelde, hy wie ris in kear mei in pear maten op 'e wei fan 't Wytfean nei de Rottefalle. Yn 'e hoeke, dêr't nou Jurjen Kloosterman wennet, hearden se ynienen in hiel lûd gebrom yn 'e loft. It wie sahwat boven Rottefalle dêr't it lûd wie. Sy woarden sa bang dat sy gongen yn 'e kant fan 'e sleat lizzen. Dat hat de foarboade west fan 'e...
nl.verhalenbank.28381
Soms woarde der achter 't bihang kloppe. Dan kom der in deaden yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.28394
Myn swager hat in jonge, dy is mei de helm geboaren. Hy sjocht de dingen dy't gebeure sille nou en dan fan tofoaren. Op in kear doe wienen myn swager en 'e frou fuort. Doe't se thús kommen, sei er: "Hjir hat hoed ek in frou by de doar west. Dy seach der sa en sa út. Trije kear hie se der west. Mar sy wie der yn werklikheit net west. De oare deis kom se.
nl.verhalenbank.28368
Foardat ús Marten stoarn is, wienen it allegearre eksters by ús om 'e doar hinne. Ik ha der doe gjin acht op slein, mar even letter hat hy it ûngelok krigen. Doe't Marten dea wie, hâldde de kanarje him stil. Hy hat nei dy tiid net wer sjonge wold. Doe't ús heit stoar, gong ien fan 'e katten by him op 'e kiste sitten. Jagen se him der wei, dan wie hy der...
nl.verhalenbank.28378
Trapet men op in pod, dan komt der tonger, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.29319
Nei Eastemar út seagen se dêr froeger gauris ljochtsjes. Dat wienen wylde lantearnen, sa neamden se dy ljochtsjes. It ha de foarboaden west fan 'e fytslampen.
nl.verhalenbank.33849
Us heit wenne froeger oan 'e Hearrewei ûnder Sumar. Faek hat er forteld dat se soms achter hûs lûden hearden; it wie krekt dat der izer oer izer hinne glied. Al gau dêrnei is de tram dêr kom. Dat ha de lûden doe west fan 'e tram dy't oer de rails glied.
nl.verhalenbank.33848
Heit hat ek faek forteld dat der minsken wennen oan 'e Hearrewei dy hearden dêr op in plak hyltyd timmerjen en klopjen en mei balken smite ensa. Letter is op datselde plak de grifformearde tsjerke kom. 't Wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.33850
It wie yn 't bigjin fan ús trouwen, wy wennen noch yn Jistrum. Wy leinen de nachts op bêd, doe hearde myn frou ynienen dat it bûten drok op in timmerjen gong. Sy tocht: hoe kin dit nou sa, midden yn 'e nacht? De oare moarns sei se tsjin Sibbele Tryntsje, de buorfrou: "Ha se by jimme fannacht sa timmere?" It minske wie forbaesd en sei: "Né minske, hoe...
nl.verhalenbank.29305
It gebeurde faker as iens dat ik jouns let oer Eastemar nei Skûlenburch roan en dan in timmerjen hearde op it plak dêr't nou de dokter wennet, op it Heechsân. Fuort neitiid woarde dêr it 'Hooghof' delset fan Rypke Atsma. Dat timmerjen hat foartsjirmerije west.
nl.verhalenbank.20219
By ús yn 'e Houtigehage gebeurde 't froeger, dat se in pod troch 't lichem hinne stutsen mei in stôk, dêr't se in punt oan makke hienen. Dy pod kom dan yn 't oes fan 't tek. Dêr fordroege er. Siet der wrang yn 't jaer fan in koe, dan woarde dy fordroege pod yn in stik brea birolle en sa moest de koe him dan opite. Dan woarde dy koe wer better.
nl.verhalenbank.12529
By guon wie de tsjerne wolris bitsjoend. Dat gebeurde altyd as Lutske der west hie. Dan koenen de lju mei gjin mooglikheit bûter meitsje. Dêr woarde dan ek duveldrek foar brûkt. Sy gongen earst nei de duvelbander ta. Dat wie Hinse Jehannes de Boer, dy wenne op it Swartfean.
nl.verhalenbank.12515
Lutske wenne to Houtigehage. Sy wie in tsjoenster. De minsken koenen it wol oan har egen sjen, dat wienen fan dy spleetsjes, krekt as katte-egen. Sy foroare har ek faek yn in kat. Op in kear hie se in bern fan Ritske Aeltsje deatsjoend. It bern hie 3 krânsen yn 't kessen. Dy hie Lutske dêr yntsjoend. Ritske Aeltsje hat dernei altyd duveldrek ûnder 'e...
nl.verhalenbank.12514
Tsjoensters komme troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.12528
By de Hegewei to Aldegea binne twa âlde minsken yndertiid formoarde woarn. It wienen Dolstra's dy't it dienen, in heit en in soan. De iene hiet fan Lammert. De hannen fan deselden dy't formoarde woarden stienen op 'e muorren. It bloed woe der mei gjin mooglikheid wer ôf. 't Is altyd op 'e muorren sitten bleaun. Us heit hat plysje west yn Aldegea, dy hat...
nl.verhalenbank.12516