1,064 datasets found
Dutch Keywords: omen Place of Narration: De Tike
Rinse Hamstra seach us in kear, dat se yn Droegeham in deakiste net troch de doar krije koenen. Doe skouden se in finster omheech en dêr woarde de kiste troch skoud. Doe woarde de kiste op 'e wein set en hy seach it folk der achteroan. De froulju hienen regenkleden om. Sa gong de staesje toch de buorren. 't Wie jountiid. Yn datselde hûs forstoar in...
nl.verhalenbank.19568
Warmolds wie de man dy't hjir yn 'e Harkema it kristendom brocht hat. It wie in boerke. Hy hâldde earst syn preken yn in hokje. Doe wienen der minsken, dy hearden dêr nachts timmerjen. Mar as se der hinne gongen wie der neat to sjen. Ridlik gau dêrnei ha se der in gebouke achter set. Op dat plak stiet nou de herfoarme tsjerke.
nl.verhalenbank.19541
Alde Wierd Kooistra syn soan Rinse hat Rapke timmerman (Wijma) formoarde. In maend foardat dat gebeurde hat Wierd syn wiif hwat sjoen. Doe kom der in wein oan sûnder hynders der foar. 't Hat sahwat yn 1912 west. Dy wein treau har en har nichtsje Pôpe Jantsje hast yn 'e hage. Mar der wie yn werklikheit neat. Fjouwer wiken neitiid hâldde dêr in auto stil...
nl.verhalenbank.21223
Wessel en Jan Opslach (= J. v.d. Heide) wienen us togearre yn 't boskje oan 'e Trije Roede. 't Wie yn 'e nacht. Der lei in stikje bou yn dat boskje. En dêr sieten faek hazzen yn. Dêr wie 't Wessel en Jan om to rêdden. Mar Wessel syn wiif wie oan 't omfallen ta. Mar dêr steurde Wessel him net oan. Sy sieten dêr stil op 'e hazzen to passen. Hwant mei 't...
nl.verhalenbank.21633
Alde Lyske wenne op 'e Bulten yn 'e Harkema yn 'e Malmoune (een vierkant huis voor vier gezinnen). Dy wie by ús to praten, doe wennen wy op 'e Bulten. 't Wie al aerdich let op 'e joun, doe gong Lyske by ús wei, mar even letter, dêr wie se al wer. Wyt om 'e holle en alhiel fan 'e wize. Sy hie in swart ding sjoen mei in great kleed om. En dat rattele...
nl.verhalenbank.28154
Myn man syn pake wie bitsjoend troch de boer, by hwa't er arbeider wie. Hy lei siik op bêd. De boer kom alle dagen by him. Dan gong er op 'e stoel by 't bêd sitten. Doe hat pake syn âldste dochter syn holkessen iepen makke. Doe siet dêr in kat fan fearren yn. Dy wie omtrint klear. Sy skuorde de hiele kat útelkoar. Wylst se dêr mei dwaende wie, kom de boer...
nl.verhalenbank.18097
As jo op jou stjerbêd in ding oan ha, dêr't op snein oan naeid is, dan kinne jo net stjerre. Beppe hat it meimakke mei in berntsje dat wie noch mar sawn maenden âld. It wie hiel bot siik. Mar it koe noait stjerre. "Hat er ek hwat oan dat op snein naeid is?" sei doe de buorfrou. "Ja," sei beppe, "dat himdsje." Doe ha se him dat himdsje útdien en doe...
nl.verhalenbank.33776
Ik wie in famke. Wy wennen yn Visvliet. Heit moest der op út to slachtsjen. Buorfrou sei tsjin mem: "Dan kom ik joun by jimme." Wy krigen thé en doe't it al aerdich let yn 'e joun wie, kom heit werom. Hy hie 't slachtsjen dien. Doe soe buorfrou fuort. Wy wennen doar oan doar. Wy gongen mei nei de doar om even bûten to sjen. Doe sei heit: "Dêr is hwat."...
nl.verhalenbank.20859
Wy wienen froeger net fan dy makke knapen en krigen wolris mei de plysje to dwaen. Ik hear ús mem noch sizzen: "Der sit wer in brief oan 'e lampe. Der komt wer in dachfaerding oan foar de jonges." Dan siet der in tútsje oan 't lampeglês. Sy seach ek wolris yn in kofjekopke. "Der komme ek twa plysjes," sei se, "jim ha fansels wer hwat útheve." It kom altyd...
nl.verhalenbank.23570
Ik lei ûnder tsjinst yn Brabân yn 'e jierren 1914-18, flak by de Belgyske grins. Goorle hiet it doarpke dêr. Ik moest mei noch ien patrouilleare yn 'e nacht. Der gong noch in trêdden frywillich mei. Yn 'e nacht metten wy noch trije. Wy roannen mei ús seizen fierder. Doe hearden wy ynienen achter ús in hiel sterk lûd as fan in keppel hynders, dat der oan...
nl.verhalenbank.28194
Wy hawwe in broer hawn, dy hiet fan Okke. Hy is fordronken wylst er to riden wie op 't iis. Ik en myn suster slepten yn 'e keamer hjir foar yn 't bêdsté. Wy ha in pear nachten fan tofoaren alles dúdlik heard. Wy hearden guon by de doar kommen en ien dy't hiel bot kleide. In nacht letter hearden wy dat guon de fuotten fagen by de foardoar en dat der hwat...
nl.verhalenbank.23611
Myn heit fortelde us: "Op in kear siet ik op 't bartsje by hûs. 't Wie al let op 'e joun en yn 'e simmer. Doe seach ik, dat der noch hwat oankom. 't Wie in hiele rige, yn 't swart, en sy roannen stadich. Mar doe't se tichterby kommen, seach ik se net mear. Mar in skoftsje letter seach ik se wèr, doe wienen se it bartsje al in moai eintsje foarby." In pear...
nl.verhalenbank.20913
In omke en in muoike fan mem dy wennen yn Twizelerheide oan 't Heideloantsje. By harren yn 'e hûs doogde 't lang net. It spoeke dêr en de boel wie der ek altyd bitsjoend. Omke en muoike ha beide bitsjoend west. Se founen krânsen by har yn 'e kessens. Dy ha se doe forbrând en doe ha se earst alle kieren en gatten fan 't hûs tichtmakke. Ek it slotsgat....
nl.verhalenbank.34553
Ik ha ek wol by Thomas Clare west. Dy wenne yn Feansterheide. Dat wie dêr in rûge húshâlding. Dêr wienen allegear greate jonges yn 'e hûs. Clare skodde de kaerten trije kear troch. Dan lei se der trije kaerten by wei, dy lei se omkeard op 'e tafel. Sy kearde doe earst de earste om en sei: "Dit acht je niet." Doe kearde se de twadde om en sei: "Dit...
nl.verhalenbank.19370
Die zelfde schipper was op 't Havenrak (een groote kom water in het dorp), toen de torenklok juist vol slag sloeg. Daar was een verkeerde slag bij. "Die kon wel ers voor mijn wéze," zei die. Een week later werd ie naar Amsterdam gebracht om geopereerd te worden voor een beklemde breuk en is an de operatie bezwéke. (C. van de Nadort)
nl.verhalenbank.9342
I. De duivel 1. Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt? Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...
nl.verhalenbank.14720
To Feanwâlden, op 'e hoeke fan 'e Westerwâl wenne Fokke Boonstra. Hy wie bakker en wie ôfkomstich fan Burgum. Hy sutele altyd mei syn breaspullen en hie ek klanten yn Burgum sitten en dêromhinne. "t Wie op in winter en 't iis wie sterk. Doe fytste Boonstra oer de Burgumermar, om gauwer by syn klanten to wêzen. Dat die er altyd as it sterk iis wie, hwant...
nl.verhalenbank.24219
Us mem wie us mei in kammeraedtske op Feanwâldster merke. Doe gongen se dêr togearre in tinte yn. Dêr koenen se de takomst yn in spegel sjen. Mem krige ús heit to sjen. Dêr soe se letter mei trouwe, seinen se en dat is ek útkom. Mar har kammeraedtske seach oars net as in deakiste. Sy seinen tsjin har: "Oer trije wiken sille jo toplak komme oan 'e westkant...
nl.verhalenbank.18084
Op in kear kom Kees by de buorlju. Dêr moest er in sage weihelje. De frou stie yn 'e keamer. Doe't er omtrint oan har ta wie, koed er ynienen net fierder. Hy bleau stean. "Hwerom bliuwe jo stean?" frege hja. Hy sei: "Der moest my in lyk foarby." In pear dagen letter stoar dy frou har heit, dy't by harren ynwenne. (Hy seach nachts faek bigraffenissen)
nl.verhalenbank.28145
Der hat in boerefeint op 'e Suderdwarsfeart wenne, dy wie ek mei de helm geboaren. Dy tsjinne to Drachten by in boer op it Súd. Tichteby wenne in arbeidersfrou, dat minske wie yn forwachting. Mar hja wie sa soun dat, hja die al har wurk oan it lêste ta. It fremde wie, as de feint tafallich by har wie of mei har praette, wie er och sa stil en seach mar...
nl.verhalenbank.33773