Der kom us in man fan in houtforkeaping werom. Doe't er by de Liuwepoel kom, hearde er 'Help!' roppen. 't Lûd kom út 'e poel wei. Hy der hinne, mar der wie neat to sjen.
Der sit hwat yn 'e Liuwepoel, dat soms alles yn biroering set. Dan is de hiele poel oerstjûr. Men tinkt, dat der in munster yn húsmannet.
Sy ha der wol us in dik beest sjoen oan 'e kant...
nl.verhalenbank.21295
Froeger woarde ús forteld, as men in slak dea die, dan bigoun it to tongerjen.
As in houn spûkgûlde gong der ien dea.
As in ekster op in pealtsje siet kom der bisite. De kant dêr't de ekster de sturt hie, fan dy kant kom de bisite wei.
As in kat him wasket en hy slacht him mei de poat oer 't ear dan komme der praters.
nl.verhalenbank.33450
Oardel jier en in wike neidat ús Gees geboaren is, soenen wy nei ús wurk ta. Doe't wy fuort gongen, sei ús mem: "Nou is 't myn tiid ek."
Deselde deis stoar se. De nachts fan tofoaren hie se in lyts dea popke krigen. Sy woarde mei 't bern bigroeven, togearre yn ien kiste. Der kom in wite pakdoek oerhoeks oer de kiste to lizzen. Sa stie dy op 'e boerewein....
nl.verhalenbank.27419
As in fûgeltsje tsjin 't glês oan hipte, kom der in deaden, of der gebeurde in ûngelok.
As de eksters skatteren ek.
As de kleasterklok deadsk lette of as de regenkleden wapperen, dan wie der gau in deaden yn 'e buert.
As hja yn in lykstaesje net goed achterinoar oan roannen kom der ek gau wer in deaden.
As it wicht fan 'e klok foel ek.
nl.verhalenbank.21294
Hjir yn Tsjummearum hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren.
Sahwat yn 1902 is hjir in fanke stoarn, dat hiet fan Anne. Hja moast omke tsjin my sizze.
Dy man dy't mei de helm geboaren wie gong op in dei by harren foar de ruten lâns. Doe stie er even stil en gyng doe wer fuort. Soks die er oars noait.
De twadde deis die er itselde wer.
De trêdde deis...
nl.verhalenbank.20611
It wie yn Grinzer Pein. Ik en myn earste man kommen op in jountiid út it tsjerkje. Wy kommen fan 'e sangforieniging. 't Wie tsjuster. Ynienen stienen wy yn 't folle ljocht.
Wy gongen nei heit en dy ta. Dêr fortelde ik hwat wy sjoen hienen. "Hwat soe soks nou bitsjutte?" frege ik.
Doe sei heit: "Moarn sil ik jimme fortelle hwat jim sjoen ha."
De oare...
nl.verhalenbank.23132
Harm en Janke wennen oan 'e Swâdde yn 'e gemeente Kollumerlân. Sy hienen twa jonges. Letter krigen se der ek noch in famke by.
Doe't dat famke noch net geboaren wie, doe seach ik al dat se de frou nei 't tsjerkhôf droegen.
Ik stie oan 'e kant fan 't paed. Knjillis Veenstra stie der ek al. Knjillis moest alle bigraffenissen sjen. Hy wist it altyd fan...
nl.verhalenbank.27397
Op Trimunt binne yn 'e oarloch in protte minsken delsketten troch de poepen.
Even fan tofoaren kom hjir in fint. 't Swit roan him yn straeltsjes by de holle del. Hy siet ûnder it swit en wie alhiel oerstjûr. Om mar by in hûs to kommen kom er by ús, hwant hy koe net mear.
Ik sei: "Hwat skeelt dy?"
Hy sei: "Der siet my iderkear in klute fjûr nei. Ik kom fan...
nl.verhalenbank.23133
Doe't ús heit al min wie, hearden wy by ús op in nacht timmerjen en weibrekken fan planken. Mar der wie neat to sjen.
Wy wennen yn in foech krot, dat doe't ús heit der ôf rekke, sa'n fjirtsjin dagen letter, koenen se de kiste net yn 'e hûs krije. Doe moesten der planken útbrutsen wurde. Dat wie itselde lûd dat wy in fjirtsjin dagen fan tofoaren dy nachts...
nl.verhalenbank.19586
Yn 'e Himrik stie in woanwein, dêr wenne in man yn, dy wie mei de helm geboaren. Alle nachten moest hy der ôf en nei 't tsjerkhôf ta. Der waerd dan op 'e wein kloppe en dan sei er 'ja'.
Op in kear kom der in lykstaesje lâns by nacht. Dy koe net passeare. Hy moast mei de wein fan 't sté. Dat die er dyselde nachts.
De oare deis forstoar der ien. 't wie...
nl.verhalenbank.21019
Op 'e merk wie froeger altyd in tinte mei in swarte spegel. Men seach dêryn in frommes. Dat wie dan deselde dêr't men letter mei trouwe soe. Of de duvel, dêr't men jin oan forkeapje soe. Of in deakiste. Dan soe dyselde net trouwe.
nl.verhalenbank.21554
Alde Merk wie mei de helm geboaren. Hy seach ek lykstaesjes. By 't Súdlaerdermeer moat hy ris sitten ha to fiskjen. Hy wie plysje. 't Wie tsjuster. Mar samar ynienen wie 't ljocht woarn. "En seagen wy dêr de wettermoune net yn 'e brân stean oan 'e kant fan 'e Súdlaerder Meer?" sei er. "'t Wie sa ljocht, dat wy koenen de dobber en alles goed sjen. Krekt as...
nl.verhalenbank.20648
Yn Drachtster Kompenije wenne Klaas Schuurman. Dy wie troud. Hy seach op in nacht himsels dea yn 'e kiste lizzen. Doe liet er him forsekerje foar tsientûzen goune. Dêr moest wyks in ryksdaelder foar bitelle wurde. Doe't er de polis goed en wol hie, doe stoar er. Doe koe syn wiif útkearing krije en har letter rêdde. Hja is doe troud mei syn broer Harm.
nl.verhalenbank.24163
Achter Surhuzum is in greate poel. Dy is midden yn 't lân, dêr't Piter van Bruggen ^ wenne hat. In famyljelid fan ús hat dêr us op in joun om healwei alven by helder ljochtmoannewaer in stim út 'e poel heard.
Der waerd sein: "De tijd is der wel, maar de man is der niet."
Twa jier letter is dêr in man fordronken. It wie Piterom syn kammeraed. Hy weage him...
nl.verhalenbank.17740
Heit wie nei Stadskanael ta to baggeljen. Doe miste er syn pipe op in kear. Hy wist eins net of er him forlern hie of dat se him stellen hienen. 't Lêste wie 't wjerskynlikste en hy fortocht eins ek wol ien, dy't it dwaen kinnen hie.
Doe gong er nei in wiersizter ta, dy't dêr wenne. Dy bigoun der út har sels oer. Sy skildere de persoan út dy't de pipe...
nl.verhalenbank.21180
Ien fan ús dochters wennet op Koatstertille. Sy krige in poppe en myn wiif rekke der hinne op bisite. De baekster wie der ek noch. De poppe lei boven. Dy wie siik. Dy wie lang net goed. It bern joech hiele rare lûden, it doochde lang net.
Myn wiif sei: "Dêr skilt hwat oan. Ik mei net oer sokke lûden."
Doe hearden se ynienen in eigenaerdige slach, krekt in...
nl.verhalenbank.21547
Guon minsken binne wol oan kant set, as der in lykstaesje oankom. 't Gebeurde hast altyd by nacht.
Guon seagen sa'n lykstaesje fan tofoaren. Dat wienen guon dy't mei de helm geboaren wienen. Sy moesten dan nachts út bêd wei. Sy woarden der útkloppe. Guon stienen dan foar 't finster to sjen. Mar oaren gongen bûtendoar en moesten soms hiele einen rinne om...
nl.verhalenbank.25537
Op in kear doe wied er to meanen achter Ljouwert by in boer. Doe hied er in droom. Hy droomde dat syn mem dea wie.
"'k Mat nei hûs ta", sei er de oare moarns tsjin 'e boer.
Mar de boer woe der neat fan hearre, hwant it wie ien stik wurk. "In droom is in droom", sei er. "It hoeft net. Dû bliuwst hjir."
Mar pake sei: "Ik gean àl, ús mem is stoarn."
Hy gong...
nl.verhalenbank.21618
Wy ha in famke forlern, dêr ha ik nochal hwat mei to dwaen hawn. Ik bidde faek yn 'e dagen , dat se yn 'e kiste lei. De lêste joun foar de bigraffenis die 'k it lidtsje noch us wer fan 'e kiste. Ik sei: "Nou is 't de lêste joun, leave."
Doe pompte it sa bot bûten tsjin 'e muorre oan, dat ik fleach kjel oerein.
Doe sei myn man: "Sjochst nou wol, dat it...
nl.verhalenbank.19420
Kees Janse zag veul dingen al van teveure. Hé’j zèj ’s ’n keer tegen iemand: “Kom ’s op zij van ’t huus stoan”. De man gieng mee. En Kees zèj: “Zie gé’j da? Dor geet ’n liek hen en d’r is mar één wage achter en mar weinig volk”. Den aandre zag niks. Inkele dage lotter kwam er ’n ouwe moeder logere bé’j Hendrik Aarntzen. Ze stierf gaauwechtig. Ze zou ien...
nl.verhalenbank.50356