Der wie in dûmny dy wenne yn Neerbosch. Dy hearde op in kear dúdlik dat se mei planken en balken smieten, mar doe't hy der hinne gong wie der neat. Letter kom dêr op dat plak in great weeshûs to stean.
nl.verhalenbank.27492
Japik van der Kooi yn de Pein (Gr.) seach yn Topweer in hûs yn 'e brân. It wie it hûs fan Wiggele van der Meer. It brânde flink. Hy giet yn 'e hûs om dit to fortellen. 't Hûs stiet yn 'e brân.
Doe't er wer bûten kom, wie der neat. Mar it hat net lang mear duorre, doe is 't opbrând. 't Is wier gebeurd.
nl.verhalenbank.27493
Mem fortelde, ergens yn 'e Rottefalle sieten ris guon op in joun yn 'e hûs mei de lampe op. Doe hearden se dat dêr in kiste ta de doar yn skoud woarde. Se hearden ek de hingsels tsjin 'e kiste oanfallen.
Trije dagen letter forstoar der ien yn dat hûs.
nl.verhalenbank.33155
As de flam yn 'e kachel in blauwe kleur hat, komt der froast.
nl.verhalenbank.19376
As de mealde kofje yn 't bakje fan 'e kofjemoune ûnegael trochinoar leit, komt der hurde wyn.
nl.verhalenbank.19375
As jo oer fisken drome giet er ien dea, wie froeger altyd de hiting. As jo oer luzen drome ek. 't Is ien fan jins neiste famylje of jo binne it sels.
nl.verhalenbank.33775
As hounen spûkgûle, dan komt der in lykstaesje lâns. In houn kin foarútsjen. Sa'n dier sjocht dan de lykstaesje al.
Yn Houtigehage spûkgûlde in houn mei de kop nei in hûs ta, dêr't in frou yn forwachting wie. Der woarde in skoftsje letter in dea popke geboaren. Dat kom dêr doe lâns mei de dragers.
nl.verhalenbank.33774
As men bikkerkes hearde, dan bitsjutte dat de tiding fan in sterfgefal yn 'e famylje. Dan waerd der hyltyd kloppe. As men bot harke wie 't stil, mar as men der net folle oandacht oan skonk, dan bigong it wer. (is bikkerke itselde as deatikkerke?)
nl.verhalenbank.19315
Us heit seach froeger yn Surhústerfean in hûs yn 'e brân. Mar it brânde net yn werklikheit. Folle letter brânde it op.
Hwannear't men it yn 'e foarnacht brânnen sjocht, dan duorret it mar even. Sjocht men it yn 'e neinacht brânnen, dan duorret it noch in hiel skoft foardat it echt opbrânt.
nl.verhalenbank.26051
Ik wenne oan 'e Bethlehemsreed yn 'e Boelensloane. Dêr hearde ik nachts timmerjen. Letter kom dêr flak by ús in hûs to stean.
nl.verhalenbank.27762
By ús op 'e Noarder Dwarsfeart gebeurde it wol dat wy dúdlik ien oankommen hearden, wer letter gong de klink fan 'e doar. As wy der hinne gongen om to sjen hwa't der wie, wie der net ien by de doar. Mar in skoftsje letter kom dyselde wol degelik. Dan hearden wy de selde fuotstappen en dan gong de klink fan 'e doar. Dat wie dan de foarboade west.
nl.verhalenbank.19677
Alde Bearn van der Woude sei op in kear yn 't foarige: "Ik koe fannacht net sliepe. (Hy wenne doe op Driemunt). Der komt fêst hwat. 't Wienen allegear ljochten en in leven dat der wie - der komt fêst hwat."
Nou is de greate Rykswei 43 der troch. Flak njonken it plak, dêr't hy mei syn woanwein stie.
Der binne ek forskeidene dy't de tram fan tofoaren riden...
nl.verhalenbank.28253
Douwe Stavasius soe mei dikke Yntsje fan 'e Grinzer Pein to sichtsjen nei de klaei. De deis fan tofoaren sei Douwe tsjin Yntsje: "Ik gean moarn net mei."
"Né?" sei Yntsje.
"Né," sei er, "hwant ik ha sjoen dat der ien by ús stoarn is."
In pear dagen letter stoar ien fan syn bern.
nl.verhalenbank.26068
Yn 'e swarte spegel koe men de takomst sjen. Der kom in frommes yn of in deakiste. Dat frommes soe men mei trouwe. De deakiste bitsjutte dat men net trouwe soe.
nl.verhalenbank.29400
Yn 'e Houtigehage snieën se froeger rusken. Dêr makken se matten fan. Dy woarden dan wer útsutele. It wienen de jonges meastal dy't yn 'e nacht dy rusken ôfsnieën.
De heit hie it deis drok en moest nachts syn rêst ha. It wienen greate jonges, dy't it dienen. Op in nacht kommen dy jonges thús en seinen: "Wy doarre net mear. Der komme sokke rare lûden út in...
nl.verhalenbank.23517
Alde Bearn wenne yn Driemunt. Dy sei us op in moarn: "Ik ha de hiele nacht net slept." Hy sei tsjin ús: "Hwat wie't dêr allegear in leven en hwat in ljocht allegear. 't Gong de hiele nacht troch."
Dat wie op it plak, dêr't nou de rykswei is. Dat hat hy fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.26066
Myn heit wie timmerman. Der kom us in neef fan my, in sekere Aelsen Booi, by heit.
"Hwat is 't der fannacht oan wei gong," sei er, "ik hearde de sage en se smieten mei stiennen de hiele nacht troch. Ik koe der net fan yn 'e sliep komme. 't Wie hjir flak achter."
Heit woe 't net leauwe, mar in healjier letter kom der op dat plak in hûs to stean.
nl.verhalenbank.23483
De swarte spegel hienen se froeger altyd op 'e merken.
Dêr koe men jin takomstige frou yn sjen. Òf men seach in deakiste. Dat woe sizze dat men net trouwe soe.
Men moest achterstofoar wer ta de tinte út gean.
nl.verhalenbank.25581
Myn suster op 'e Harste yn Sumar hat yndertiid alhiel ûnforwacht in famke fan trettsjin jier forlern.
Us mem seach nachts wol gau us bigraffenisstoeten en sa. Sa seach se de wyks foardat it famke stoar yn 'e nacht ús heit alhiel yn 't swart by de Sumarre tsjerke hinne en wer kuijerjen.
It kom krekt sa út. Doe't it famke forstoarn is - in wike letter - hat...
nl.verhalenbank.21384
Yn 't bigjin fan 'e lêste oarloch haw ik yn Oud-Beierland west. Dêr wie 't merke. Doe liet ik my de takomst sizze troch in frommeske. Dy lies it út myn hân. Hja sei, ik soe yn 't koart in hiele fiere reis meitsje.
Ik wenne doe yn Stiensgea. Dêr moesten fan 'e Poepen in tritich gesinnen fan nei Dútslân of nei Frankryk ta. Dêr wie ik ek by. Ik hie wol yn...
nl.verhalenbank.19371