Op in kear kom ik by de faem wei sahwat om trije ûre hinne yn 'e moarn. Myn faem wenne ûnder Twizelerheide. Doe't ik yn Twizelerheide sels wie, tocht ik: "Hwat is dàt."
It wie net tsjuster. Ik seach in lykwein en in hynder mei in kleed en mannen. Ik gong alhiel oan 'e kant fan 'e wei lâns. Ik wie der sahwat in hûslingte fanôf. De mannen droegen de kiste...
nl.verhalenbank.19535
Sytse Wybenga kom yn 'e nacht us in kear by Manus Ael wei. Ael dat wie syn faem. 't Is nou sahwat in sauntich jier lyn. Doe seach er in hiele rige folk lâns kommen. Hy gong oan kant. It wie in lykstaesje.
Fuort dêrnei stoar âlde Meike. Dêr hie Sytse de lykstaesje fan sjoen.
nl.verhalenbank.21080
Ik wyt noch bêst dat heit my ris op in joune let ophelle hat, doe wie mem siik. Ik roan gewoan de wei lâns, doe sei er tsjin my: "Dû meist net midden op 'e wei rinne. Dat heart sa net. Der kin ris in lykstaesje oankomme, dan wurdst oan kant reage."
Heit seach de lykstaesjes wol fan tofoaren, mar hy wist net altyd hwa't der stjerre soe.
nl.verhalenbank.34549
Myn âld buorman wie tige siik. Op in nacht woarde der by my op it finster kloppe, mar doe't ik rôp: "Hwa is der?" krige ik gjin antwurd.
Der wie net ien. 't Wie om ien ûre hinne.
In fjirtsjin dagen letter krekt op 'e selde tiid woarde der wer by my op it finster kloppe. Krekt deselde klop.
Ik rôp: "Hwa is der?" Doe wie dat de soan fan myn sike buorman. Hy...
nl.verhalenbank.21608
Myn broer Eibert Veenstra hat hjir foaroer wenne. Hy hat in jonkje forlern fan fjouwer jier. 't Is yn in greate sleat forsûpt. Dagen fan tofoaren ha se syn lûd út 'e sleat heard.
nl.verhalenbank.19427
Doe't wy yn 't oare hûs wennen oan ditselde paed, hearde ik op in kear klear de stem fan Keimpe Wybenga syn frou. Dy wenne oan 'e hurde wei. Sy jammere: "O, myn leave man! Myn leave man!" Mar yn werklikheit wie hja der net en der skilde Keimpe neat.
In wike neitiid, krekt op deselde ûre wie 't gejammer der wer: "O myn leave man! Myn leave man!"
Doe hie...
nl.verhalenbank.19423
Op in kear doe wied er to meanen achter Ljouwert by in boer. Doe hied er in droom. Hy droomde dat syn mem dea wie.
"'k Mat nei hûs ta", sei er de oare moarns tsjin 'e boer.
Mar de boer woe der neat fan hearre, hwant it wie ien stik wurk. "In droom is in droom", sei er. "It hoeft net. Dû bliuwst hjir."
Mar pake sei: "Ik gean àl, ús mem is stoarn."
Hy gong...
nl.verhalenbank.21618
Wy ha in famke forlern, dêr ha ik nochal hwat mei to dwaen hawn. Ik bidde faek yn 'e dagen , dat se yn 'e kiste lei. De lêste joun foar de bigraffenis die 'k it lidtsje noch us wer fan 'e kiste. Ik sei: "Nou is 't de lêste joun, leave."
Doe pompte it sa bot bûten tsjin 'e muorre oan, dat ik fleach kjel oerein.
Doe sei myn man: "Sjochst nou wol, dat it...
nl.verhalenbank.19420
Myn heit fortelde us: "Op in kear siet ik op 't bartsje by hûs. 't Wie al let op 'e joun en yn 'e simmer. Doe seach ik, dat der noch hwat oankom. 't Wie in hiele rige, yn 't swart, en sy roannen stadich. Mar doe't se tichterby kommen, seach ik se net mear.
Mar in skoftsje letter seach ik se wèr, doe wienen se it bartsje al in moai eintsje foarby."
In pear...
nl.verhalenbank.20913
In omke en in muoike fan mem dy wennen yn Twizelerheide oan 't Heideloantsje. By harren yn 'e hûs doogde 't lang net.
It spoeke dêr en de boel wie der ek altyd bitsjoend.
Omke en muoike ha beide bitsjoend west. Se founen krânsen by har yn 'e kessens. Dy ha se doe forbrând en doe ha se earst alle kieren en gatten fan 't hûs tichtmakke. Ek it slotsgat....
nl.verhalenbank.34553
Knjillis Veenstra wie in omke fan my. Dy moest alles sjen. Dat hied er ta straf krige. Hwant hy wie yn syn feintejierren och sa wilewalich en in forwoest man.
Hy hat njoggen bern forlern en dat hat er allegear foarsjoen. Seis wiken fan tofoaren hat er it wol foarsjoen. Dan wie hy der nachts ôf en harke der nei as dy en dy noch wol leefde. Fjouwer...
nl.verhalenbank.19424
It sil sa'n sechstich jier lyn wêze. Ik hie nei de faem ta west. Sy brocht my in eintsje fuort. Ik sei: "Halt, hwat is dat?"
Wy hearden beide tagelyk in gejammer: Ooh... ooh...
It like op 'e stem fan in âld minske. Mar der wie net in minske yn 'e wide omtrek. 't Wie hjir yn 'e Westerein. "Hjir gebeurt hwat", seinen we.
Tichteby wie in petgat. Dêr binne in...
nl.verhalenbank.21609
Myn heit hat nou fjouwerensawntich jier wei west. Ik wie goed alwe jier doe't er stoar. Trije wiken foar syn dea sei Knjillis Veenstra tsjin ús mem: "Dû hâldst Fokke net lang mear." En doe wie heit doch noch sa soun as in fisk. Hy krige krampkolyk en hy wie sa soun en sa dea. It wie in keardel as in beam en izersterk. Hy wie noch gjin seisenfjirtich jier...
nl.verhalenbank.19425
Op in joun wienen der guon, dy seagen yn Droegeham in boereplaets yn 'e brân. Dy minsken wennen op Reahel. Sy lieten har oersette oer 't Knjillisdjip hinne en roannen de kant út fan de Ham. Hwat fierder se kommen, hwat fûlder it brânde. Se wienen oan de Ham ta, doe wie 't út. Dy plaets stiet der noch. Hy is noait opbrând. Mar 't gebeurt fêst in kear.
nl.verhalenbank.16819
Komeet: voorteken van oorlog.
nl.verhalenbank.126666
Ik stie op in joun to Jistrum achter hûs. Doe hearde ik dat it skean achter my drok op in timmerjen gong.
Mar dêr wie neat to sjen. Ik tochte by my sels: Kin dit ek foartjirmerij wêze?
En dat hat it west. Letter ha wy op datselde plak in hûs krige. Ik wist der doe noch neat fan dat wy dêr in hûs sette litte soenen. Wy binne letter yn dat hûs kom to wenjen.
nl.verhalenbank.36025
Ik haw us in kear in fjûrbol sjoen op 'e wei nei Garyp. Hy kaem út 'e loft wei en gong earst oer 't lân en rekke doe yn 't wetter, dêr't er weiwoarde.
Mar hwer't soks op tsjut, dat wyt ik net.
nl.verhalenbank.17055
De earrebarren bringe gelok oan.
nl.verhalenbank.33594
Timmerjen hearden se hiel faek fan to foaren. Dan sei de iene tsjin 'e oare: "Mast ris hearre, sa giet it dêr op in timmerjen." Dat is op forskeidene plakken gebeurd.
nl.verhalenbank.16883
As in houn spûkgûlde wie der binnen sa'n tiid in deaden.
nl.verhalenbank.38675