Forskate lju ha hjir de tram fan to foaren heard, foardat dy hjir lâns kom.
nl.verhalenbank.21111
Op 'e klaei gebeurde 't wol dat nachts by de boer de tsjerne gong. Dat wie foartjirmerij. De oare deis woarde der wer tsjerne.
nl.verhalenbank.25962
As minsken fan luzen drome dan komme se yn 'e earmoed to sitten.
nl.verhalenbank.25974
Foardat de tram hjir lâns kom ha guon him al heard. Hindrik de Jong wie de earste, dy't de tram roljen en tûtsjen hearde. Sake Elzinga de twadde. In pear jier letter lei de tram der pas.
nl.verhalenbank.23134
Beppe hat wol us forteld, yndertiid seagen se oan 'e Haasterwei (gemeente Mearum) allegearre ljochtsjes. 't Wienen wylde lantearnen. Ik ha letter faek oan har wurden tocht. Hwant nou stean dêr wol achtsjin, njoggentsjin buorkerijen.
nl.verhalenbank.19494
Mem seach dêr ek wylde lantearnen. Dêr kommen letter huzen. Dat wie ek op 'e Skieding, yn 'e buert fan 'e Janke-dobbe.
nl.verhalenbank.25998
Olle Jelle fan 'e Bosweg zag voor lange tijd in hele rige lichtsjes aankoomn. 't Was bij oavend. Loater is doar de tram gekomen.
Hy het dat fan te foren sien.
nl.verhalenbank.27326
Elke oavond om tien uur kwam der altyd in groat licht answeven by de Leidyk. Mem sei dan: "Wat kan dat toch sijn", want doar was in heel groat gat. Doar kon noait wat overheen rijdn. Dat licht kwam de kant fan Mearum út weg.
Loater kwam de tram doar langs presys in deselfde tyd 's oavends tien uur. Dat het dat licht toen west.
nl.verhalenbank.25889
Op guon plakken woarde nachts brake. En ik haw ek wolris heard dat der nachts ergens tursken woarde. 't Wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.27878
Wy seagen froeger in rige ljochtsjes yn 't Súd fan 'e Pein.
Letter kom dêr de tram.
nl.verhalenbank.27301
Op in nacht sei er: "Wat sal dat nou wezen. Het bromt in de locht." It gong der bot oan wei.
Letter kom de Graf Zeppelin troch 't noarden oer ús hinne mei prins Hindrik der yn. Doe't er dat loftskip seach, sei er: "Dat mei 't west ha."
nl.verhalenbank.27303
As in houn spûkgûlt, komt der meastal in sterfgefal. Net altyd.
nl.verhalenbank.24130
De tram is hjir kom yn 1911. Mar fiif jier earder seach myn swager de ljochten al. By Likele Pama - tichte by de Wilhelmina-hoeve - wie in wissel. Dêr seach hy de tram doe al rikjen. Hindrik de Jong hiet myn swager.
nl.verhalenbank.25990
By ús heit en mem op 'e Skieding hearden se nachts faek de brake gean. Dan stompte mem heit oan op bêd en sei: "Jan, hearst de brake wol?" It wie foartjirmerije.
Dan gong it de oare deis wer op in braekjen.
nl.verhalenbank.25991
Hjirneist is us it hûs ôfbrand. Twa maenden fan tofoaren hie ik it al brânnen sjoen. Ik haw doe ús buorman roppen heard. Ik fortelde it in oare buorfrou. Dy sei: "It is net bêst dat dat gebeurt."
Mar it gebeurde in pear maenden letter wol degelik.
nl.verhalenbank.23136
To Grins haw ik wenne oan 'e Fryske strjitwei. Dêr doochde it net op dat buertsje. De buorlju kommen by my, omdat ik net bang wie. It wie dêr net plús, en sy woenen ha, ik soe der op ôfgean.
It wie nachts noait liker as woarde der ien formoarde. It wie in lawaei! En rare gelûden, freeslik! De hiele buert wie der fan oerstjûr. De lûden kommen út 'e...
nl.verhalenbank.25971
Yn 'e Houtigehage wenne in âld-minske: Akke Stoarm. Der wienen us in kear eksters by har achter hûs oan 't skatterjen. Doe sei se: "O heden, nou komt der gau in deaden yn 'e buert." Hja krige gelyk. Binnen trije dagen stoar der ien.
nl.verhalenbank.21097
De âlde pasterije yn Greategast stie leech. De buorlju wienen tige lyts bihuze en hienen altyd krapte fan reinwetter.
Doe hellen se wetter út 'e pasterije. Dat die de man jouns nei 't wurk. Doe hearde er dêr yn 'e pasterije in klok tikjen. En dochs stie it hûs leech. Hy gong nei 't plak ta dêr't er de klok tikjen hearde, mar der wie net in klok.
Fjirtsjin...
nl.verhalenbank.25999
Wylde lantearnens wienen hjir froeger in soad. Sokke lantearnens hienen in bitsjutting. Sy woarden hjir fral boppe de heide sjoen. It bitsjutte nije wegen en nije huzen seinen se.
nl.verhalenbank.23141
Frou van der Molen - hjir út 'e Pein - en har earste man wienen us op in joun fuort west to praten. 't Wie hjir achter yn 'e Juliana-buert. Sy wienen noch net troud. Doe stienen se ynienen yn 't ljocht. Sy wienen noch net oan hûs ta.
Doe't se thús kommen sei se tsjin har heit: "Hwerom ha jim de lampe sa heech brânnen?"
Doe sei har heit: "Wy ha de lampe...
nl.verhalenbank.25929