Stammerige Harm woarde ek wol neamd Ekse Harm (= Hekse Harm?). Hy koe tsjoene en foroare him soms yn in kat. Minne Ael, dy't by de Swôdde wenne, wie ek in tsjoenster.
nl.verhalenbank.23776
It hûs, dêr't wy yn wennen froeger, stie yn 'e Smoarhoeke, flak by de Liuwe-poel. De minsken neamden dat hûs altyd it Spoekhûs.
nl.verhalenbank.21452
Sterke Hearke wie de sterke keardel dy't altyd neamd waerd. Mar ik ken der net in forhaeltsje fan.
nl.verhalenbank.38292
As ien tige sterk wie, dan seinen se: "Dû bist in sterke Hearke, hear!"
nl.verhalenbank.32788
Mevrouw kende geen echte bijnamen. Ze merkte alleen op dat de mensen uit Nieuwe-Rode, Roders, werden genoemd. Hiermee werden alleen de oude oorspronkelijke bewoners bedoelt. Nieuwe bewoners worden niet als Roders gezien.
nl.verhalenbank.42860
Mannetje in de maan.
“Het mannetje in de maan zit daar om ons uit te lachen. Wordt ook wel ‘Vrouwtje takkebos’ genoemd.”
nl.verhalenbank.42917
Ierdmantsjes hearde men hjir net fan. Der wie allinne in man fan Twizelerheide, dy neamden se Hindrik Ierdmantsje. Dy sutele mei stoven en ierappelskyldersbakjes.
nl.verhalenbank.24073
It wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Myn man wie yn Dútslân oan 't wurk. Ik wist noch net hwannear't er thúskomme soe.
'k Siet op in joun by de tafel. Dêr stie myn man foar 't glês, in bytsje roungear. Hy hie roetswart hier en in swarte snor. Sa stie er foar 't glês to sjen.
Ik draeide my even om. Doe't ik wer seach, wied er fuort.
"Nou komt Kei gau thús,"...
nl.verhalenbank.22017
Hiltsje hie soks al oan har, doe wie 't noch mar in fanke. Doe seach se al dingen dy't letter gebeure soenen.
nl.verhalenbank.22016
Ien dy't op it stjerbêd hwat oan him hie, dat op snein naeid wie, dy koe net ta stjerren komme
nl.verhalenbank.22160
Dêr't de swel syn nêst bout, dêr komt gelok.
Dêr't de earrebarre tahâldt, ek.
nl.verhalenbank.22148
Op in kear doe hienen wy ús hûs forkocht. Mar wy hienen noch net in oar hûs, dat wy wisten net, hwer't wy de maeijes komme soenen.
Hiltsje kaem by my. Wy wennen doe noch oan 't Wyldpaed. Hja woe wite of wy al wer in hûs hienen.
"Hast al plak?" frege se my.
Ik sei: "Né. Kei is der om fuort. 'k Wyt net hoe't it komt."
Kei bleau wei. Hiltsje gong op 't lêst...
nl.verhalenbank.22014
To Grins kochten Ymke en Auke en Wytse in pakje tabak foar in dûbeltsje. Ymke bitelle de man. Hy lei de sinten op 'e toanbank del. Mar doe't de man se krije soe, leinen der gjin sinten.
Ymke sei: "Nou opgepast. Nou sil 'k se jo yn 'e hân dwaen."
Hy lei se de man yn 'e hân, mar doe't er him omkearde wie de hân leech.
Sokke kueren hied er altyd. De man hat...
nl.verhalenbank.22028
Op in kear kaem myn suster Hiltsje by my, doe siet myn dochter ek by ús yn 'e hûs. Dy hie in poppe oerwoun. Dêr hie se net in man foar. 't Like dus net sa aerdich foar har. Sy wie hwat fortrietlik.
Doe sei Hiltsje tsjin myn dochter: "Nou fanke, dû hoechst net muoilik to wêzen, hear. Dû krigest it hiel bêst."
En 't is ek sa kaem. 't Giet har nou hiel goed...
nl.verhalenbank.22015
Der stoar us in frommeske. Mar sy wie net ècht dea. It wie in skyn-deaden. Hja hie in kostbere ring om mei in djûre stien. Sa kaem se yn 'e kiste.
Doe't se biïerdige wie, kamen der de nachts twa dieven op it tsjerkhôf. Dy iepenen it graef en de kiste om de ring to stellen. Mar wylst hja dêr mei dwaende wienen kaem dat frommeske oerein. Hja wie skyndea.
De...
nl.verhalenbank.22149
Klaes Tammes fan 'e Godloaze Singel liet eintsjes ta de hurddobbe útkomme.
nl.verhalenbank.22159
Kei syn pake wie in Gerrit. Dy fortelde ris, der soe in jonkje yn ús famylje fordrinke, in lytse Ealse. Dat wie him iepenbiere.
Goed fjirtich jier letter is 't gebeurd. Der waerd letter net wer oer praet, nei't hy dat sein hie. Mar elke kear dat der wer in Ealse geboaren waerd, waerd der om tocht. Wy ha in stik of hwat Ealses yn 'e famylje.
Fjirtich jier...
nl.verhalenbank.22011
Ik wie boerefaem. Ik siet to melken yn 'e stâl. Doe miende ik dat ik in fûgel fleanen seach.
Nei melken gongen wy to kofjedrinken. Ik sei tsjin 'e boer: "Ik fortrou my joun net." Hwant ik moest yn 'e tsjernherne sliepe. Dat wie myn plak. "Ik doar dêr joun net to sliepen", sei 'k.
"Hwerom net?" frege de boer.
"It leit my sa by, dat der ien yn 'e hûs is",...
nl.verhalenbank.22005
Op 'e Hale ûnder Ikkerwâld wienen twa jongfeinten oan 't spotten. 't Gebeurde by ien fan har yn 'e hûs. De iene stelde Lazarus foar en de oare Jezus.
Lazarus lei op 'e bank.
"Lazarus, kom uit", sei Jezus. Mar hy koe net. Hy koe him net mear forwege. It is net like folle hwat men docht.
nl.verhalenbank.22004
Kei (myn man) en ik kamen froeger in bulte by âlde Gjetsje. Wy wennen yn har húske en wienen tige iens mei elkoar. Kei foaral. Kei krige altyd kofje en in stik koeke foar har. Dêr wie se tige mâl mei.
Ik krige noait hwat.
Doe waerd Kei siik. Hy bigong to sukkeljen.
Doe sei myn mem tsjin my: "Dû mast Kei duveldrek yn 't festjebûske dwaen."
Dat haw ik dien...
nl.verhalenbank.22010