It hûs, dêr't wy yn wennen froeger, stie yn 'e Smoarhoeke, flak by de Liuwe-poel. De minsken neamden dat hûs altyd it Spoekhûs.
nl.verhalenbank.21452
Rinse Loonstra wenne achter ús, doe't wy noch oan 'e Lange Wyk wennen. (Yn dat húske wennet nou Eise Det). Dy seach altyd fan tofoaren dat der brân wie. Dêrom neamden se him altyd Rinse Brander.
nl.verhalenbank.22713
Hoe't de namme Klûntsjebuorren yn 'e Harkema ûntstien is.
Dy namme is troch dr. Keizer fan Surhústerfean bitocht. Hy sei: "In de provincie Groningen daar bestaat net zo'n buurt als de Bulten, dat is de Klontjesburen. Zo is het hier ook. (Hy moest noch sinten ha fan 'e lju dêr, mar hja bitellen net. Mar de klontsjes stutsen ta de kopkes út.)
nl.verhalenbank.32489
Sterke Hearke wie de sterke keardel dy't altyd neamd waerd. Mar ik ken der net in forhaeltsje fan.
nl.verhalenbank.38292
It gebeurde froeger wol faek dat de koaning hjir lâns ried. Hy ried de Mûzegroppewei lâns en dan gong it op Feankleaster ta. Hy jage hurd. Syn/De reed woarde op 't lêst in goate, sa bot spatte it sân en de modder oan kant. Dat sân foarme op it lêst hiele hichten en sa binne de Bulten yn 'e Harkema ûntstien.
nl.verhalenbank.32956
Bonifatius wie ris yn 'e buert fan Dokkum. Hy ried dêr op in hynder. Dat dier krige toarst. Doe kommen se op in plak, dêr bigong it hynder mei de foarste poaten to klauwen. En doe brûsde it wetter út 'e groun, samar.
Dêr siet in welle. Doe hat dat hynder dêr fan dronken.
Letter is op dat plak de Bonifatius-put kom.
nl.verhalenbank.33031
As ien tige sterk wie, dan seinen se: "Dû bist in sterke Hearke, hear!"
nl.verhalenbank.32788
Mevrouw kende geen echte bijnamen. Ze merkte alleen op dat de mensen uit Nieuwe-Rode, Roders, werden genoemd. Hiermee werden alleen de oude oorspronkelijke bewoners bedoelt. Nieuwe bewoners worden niet als Roders gezien.
nl.verhalenbank.42860
Mannetje in de maan.
“Het mannetje in de maan zit daar om ons uit te lachen. Wordt ook wel ‘Vrouwtje takkebos’ genoemd.”
nl.verhalenbank.42917
Hoe't Oorschot oan syn namme kom
Ik haw ûnder tsjinst yn Oorschot west. Dêr stiet net in hoanne op 'e toer, mar in baerch.
It wie yn 'e tiid doe moest dat plak noch in namme ha.
Doe wie dêr in skerpskutter. Dy soe op 'e baerch sjitte en it doarp soe neamd wurde nei it skot fan dy skerpskutter.
Doe skeat er dwars troch de sturt fan 'e baerch hinne. Doe wie...
nl.verhalenbank.33091
Der wienen twa jagers, dy kamen fan de Rottefalle. Dy soenen op jacht. Doe't se in ein op stap wienen, skeaten se de earste hazze. "Dat is de earste noch mar", sei de iene.
Minsken dy dat hearden, joegen doe oan dat plak de namme Eastemar.
In ein fierder skeaten se wèr ien. "Sa màt it mar", sei de oare. Der wienen wer minsken dy't dat hearden, en doe...
nl.verhalenbank.32958
Ierdmantsjes hearde men hjir net fan. Der wie allinne in man fan Twizelerheide, dy neamden se Hindrik Ierdmantsje. Dy sutele mei stoven en ierappelskyldersbakjes.
nl.verhalenbank.24073
Stammerige Harm woarde ek wol neamd Ekse Harm (= Hekse Harm?). Hy koe tsjoene en foroare him soms yn in kat. Minne Ael, dy't by de Swôdde wenne, wie ek in tsjoenster.
nl.verhalenbank.23776
Alde Fogel wie ek in tsjoenster. Frearke Fogel woarde se neamd. Doe't se dea wie en biklaeid woarde wie se hielendal slop.
Hja forkocht baelders. Wy trillen der oer as wy nei har ta moesten. Mem warskôge ús en sei: "Tink der om, nim noait in suertsje of sa fan har oan!"
nl.verhalenbank.23943
Achter Burgum wie in moard gebeurd. De moardner naeide út. "Burch him!" rôpen de lju. Sa krige dat plak de namme fan Burgum.
Hy roan nei in oar plak.
"Ha jim jim him hast?" rôpen se? "Samar", wie 't antwurd. Dat plak kom Sumar to hiten.
Doe kommen se wer op in plak.
"Hâld him!" woarde der roppen.
"Hokker?" fregen de lju fan dat plak.
"De earste mar",...
nl.verhalenbank.21757
Hier was wel iemand die noemden ze de weerwolf.
nl.verhalenbank.128088
Iemand die van de hak op de tak sprong: "Dat is 'n duvellichien".
nl.verhalenbank.43240
Evenals Dover in Engeland is deze plaats door de Denen zo genoemd.
(Sinn. 1929: 57)
nl.verhalenbank.45068
Is het u bekend, dat de Vlissingers door de Middelburgers flesschedieven genoemd worden? en omgekeerd de Middelburgers door de Vlissingers Manenblusschers? Dit laatste volgens de sage, omdat de Middelburgers de schijn van de maan op den toren voor brand aanzagen en met bluschmiddelen aanrukten.
nl.verhalenbank.39390
't Wienen hjir froeger allegear tsjoensters. Om út to meitsjen hwa't ien bitsjoend hie, makken se hjir wol gebrûk fan in Krúskekaei en in bibel. Se leinen de kaei op in bipaelde tekst yn 'e bibel. As se de wiere namme fan 'e tsjoenster neamden, dan bigong de kaei to draeijen.
Dat is hjir al us in kear gebeurd by minsken oan 'e Lytse Loane. "Tsjallings...
nl.verhalenbank.24149