To Britsum linen twa reuzen tsjin 'e toer oan. Doe knapte de toer. Dy wie net bistand tsjin sa'n swier gewicht.
"Ik brits 'em", sei de iene reus.
Doe krige dat plak de namme Britsum.
Dy reuzen wienen dêr yn 'e buert oan 't graven. (Sy ha 't my op 'e klaei forteld)
nl.verhalenbank.26073
Der wienen ris twa reuzen, dy wienen togearre oan 't feartgraven. Sy bigounen elk fan in kant en sa groeven se moai op elkoar yn. Mar doe't se omtrint oan elkoar ta wienen, kommen se ta de konklúzje, dat se net tsjin elkoar oer kommen. Doe moest it lêste eintsje wol krûm wurde.
"Aah- krom!" sei de iene reus tsjin 'e oare.
Dat hearden guon en doe neamden...
nl.verhalenbank.26070
Op Teade-hoekje ûnder Drachten is ris ien formoarde woarn. Dat wie Teade Wagenaar, dêrfandinne de namme.
Sûnt dat gebeurd is, spûket Teade dêr altyd noch om.
nl.verhalenbank.25677
To Akkrum wenne in dokter, dy foun in mesine út. 't Wie in stoommesine. As er klear wie soe er hite de rin-allinne.
De notaris sei: "'t Wurdt neat."
Doe't de dokter de mesine klear hie, koed er him net bistjûre. Hy jage alles oan fodden en flarden. Alles hwat fóár him kom, gong kapot. De notaris krige wol gelyk.
nl.verhalenbank.26072
It hûs, dêr't wy yn wennen froeger, stie yn 'e Smoarhoeke, flak by de Liuwe-poel. De minsken neamden dat hûs altyd it Spoekhûs.
nl.verhalenbank.21452
Sterke Hearke wie de sterke keardel dy't altyd neamd waerd. Mar ik ken der net in forhaeltsje fan.
nl.verhalenbank.38292
As ien tige sterk wie, dan seinen se: "Dû bist in sterke Hearke, hear!"
nl.verhalenbank.32788
Mevrouw kende geen echte bijnamen. Ze merkte alleen op dat de mensen uit Nieuwe-Rode, Roders, werden genoemd. Hiermee werden alleen de oude oorspronkelijke bewoners bedoelt. Nieuwe bewoners worden niet als Roders gezien.
nl.verhalenbank.42860
Mannetje in de maan.
“Het mannetje in de maan zit daar om ons uit te lachen. Wordt ook wel ‘Vrouwtje takkebos’ genoemd.”
nl.verhalenbank.42917
Ierdmantsjes hearde men hjir net fan. Der wie allinne in man fan Twizelerheide, dy neamden se Hindrik Ierdmantsje. Dy sutele mei stoven en ierappelskyldersbakjes.
nl.verhalenbank.24073
Stammerige Harm woarde ek wol neamd Ekse Harm (= Hekse Harm?). Hy koe tsjoene en foroare him soms yn in kat. Minne Ael, dy't by de Swôdde wenne, wie ek in tsjoenster.
nl.verhalenbank.23776
In sémearmin is heal fisk, heal minske. 't Is in sirene.
Se kinne tige sjonge, dat klinkt hiel moai yn 'e fierte.
Mei har gesang lokje se de sélju oan. Dy wurde dan troch de baren forslonden. Dêr is 't har krekt om to dwaen.
As der in sémearmin sjoen wurdt, wurdt it swier waer.
Dan forgiet it skip.
Sémearminnen dogge wolris foarspellings.
nl.verhalenbank.26071
Sterke Hearke wie ris in kear oan 't ploegjen. Doe wie der in man dy woe wol ris wite hoe sterk Hearke wie. Hy koe Hearke net, mar tofallich frege er Sterke Hearke sels hwer't dy persoan wenne. Doe tilde Hearke de ploege op en hy sei: "Sjoch dêr wennet er en hjir stiet er foar jo."
Doe sei dy man: "Nou wit ik genôch." Hy sette ôf.
nl.verhalenbank.26075
Sterke Hearke wie lulk op 'e smid. Hy tilde 't aembyld fan it blok, sjoude it nei bûten ta en sette 't op 'e wei del.
"Sjesa," sei er tsjin 'e smid, "nou matte jo mar sjen dat jo it wer toplak krije."
nl.verhalenbank.26074
Wylde lantearnen bitsjutten min waer.
"Dêr komt skielk in nij hûs to stean", seinen de minsken, as se in wylde lantearne seagen.
As de bijkers in wylde lantearne seagen, seinen se: "Nou is 't fan 't jier neat wurdich mei de heide."
Stoar der in bijker, dan woarden de bijekuorren forset. Doe't der in bijker stoarn is, dy't ik wol kend ha, seinen se, dat de...
nl.verhalenbank.26076
Yn 'e buert fan Hoogkerk wenne in man dy koe ien de koarts ôfnimme, dy brocht er dan oer op in beam.
nl.verhalenbank.26077
Wie de tsjerne bitsjoend, dan hellen se der in duvelbander by.
nl.verhalenbank.25684
Op Dyksterhuzen by Menaem stie in boereplaets, dêr woenen noait de ûlebuorden yn sitten bliuwe. Sy foelen der altyd út. Dat wie it wurk fan 'e duvel.
Doe kom dêr ris in marskramer by de doar, dy sei: "Dêr wyt ik wol ried op. Jimme matte der stiennen ûlebuorden yn oanbringe litte."
Dat ha se dien en doe bleauwen se sitten.
nl.verhalenbank.25690
To Hurdegaryp hat in homeije stien by in slot, dêr gongen de hekken altyd samar fansels fan iepen.
nl.verhalenbank.25691
Der wienen hjir froeger wol lju, dy hienen duveldrek ûnder 'e drompel fanwege tsjoenderij. Sy droegen 't ek wol by har foar in lulke houn. Dan hienen se de duveldrek op in stokje mei in kerfke der yn.
Liuwefet holp ek tsjin lulke hounen.
nl.verhalenbank.25685