Hjir oan 'e Bethlehemsreed hearden guon ris yn 'e nacht dat it op in timmerjen gong. Letter kom der op dat plak in hûs to stean. 't Wie foartjirmerije.
nl.verhalenbank.28328
Antsje Snipel koe kaertlizze. Sy koe èk tsjoene, seinen se.
It kaertlizzen kostte in kwartsje. Mar har suster Tryn Snipel koe 't better. Dêr gong ik us in kear mei myn neef hinne. Ik wie doe sawntsjin jier.
Ik frege har: "Ha jo ek hwat ûnder 'e koark, Tryntsje?"
"Né, nou net", sei se. Hja forkochten dêr wol drank.
"Wolle jo ús de kaert lizze?"
"Jawol,"...
nl.verhalenbank.25482
Yn 'e Boelensloane stie in hûs, dêr gyng it nachts altyd op in timmerjen. Even letter woarde dat hûs fortimmere.
nl.verhalenbank.24612
Ik kom ris yn 'e nacht Houtigehage del. 't Wie oeral donker. Se wienen oerdeis mei in nij tsjerkje oan 't bouwen. Dan gong it drok op in timmerjen. Mar ik hearde dêr dy nachts klear dat se mei balken en planken oan 't smiten wienen. It bounze der oer.
nl.verhalenbank.25322
Froeger sieten wy yn skimerjoun faek by mem en dy ta de glêzen út to sjen. Dan wienen der soms wylde lantearnen oer de heide. Sy sweefden boppe de tiene-bosk en oer de Feanster wyk. It ljocht gong tusken de beammen fan 't bosk hinne en wer. Dêr't it stean bleau, dêr kom in hûs to stean, seinen se.
nl.verhalenbank.25657
Myn broer út Greategast heart wol gauris dingen fan tofoaren. Hiel faek heart er timmerjen.
Dan komt der letter op sa'n plak in hûs to stean.
nl.verhalenbank.21406
Wy seagen froeger wolris wylde lantearnen. Letter seinen se, doe't der huzen boud woarden: dêr ha wy froeger in wylde lantearne sjoen. Sa ha se ek in wylde lantearne sjoen op it plak dêr't letter Jelle de Wind wenne hat, op 'e Bulten.
nl.verhalenbank.28281
Op in joun wienen ik en myn wiif Marijke bûtendoar hjir op it Wyldfjild. 't Wie stil waer, wy stienen op 'e rûmte. 't Wie stjerhelder.
"Stil us even", sei 'k. "Hark, der binne guon oan 't timmerjen."
"Dat kin net", sei Marijke.
"Nou," sei 'k, "hear dan us, der wurde balken delgoaid."
Hja hearde it ek.
Ik sei: "Ik gean dat út, ik wol 't wite." 't Wie...
nl.verhalenbank.24905
Ik hie forkearing mei in faem yn 'e Harkema. Op in kear kom ik by har wei om in ûre of ien, twa hinne. 't Wie by de Krúswei. Ik soe nei hûs ta. Ik sei tsjin myn faem: "Sjoch, dêr brânt ljocht. Dêr stiet in lantearne. Hwat dat bitsjut, wyt ik net." Ik gong op stap en hja gong yn 'e hûs. Doe't ik tichter by 't ljocht kom, sette ik de fyts yn 'e daem en roan...
nl.verhalenbank.21200
Yn 't foarige hienen de minsken it wol gauris oer wylde lantearnen. As dy sjoen waerden, seinen se, dan soe dêr letter op dat plak in nije wei komme.
nl.verhalenbank.32776
Heit en mem wennen yn 'e Houtigehage, sahwat krekt op 'e grins fan Boelensloane. Op in moarn sei mem tsjin heit: "Der woarde fannacht sa timmere en mei planken smiten hjir op 'e heide, ik ha der net fan sliepe kind. Hjir komt grif in nij hûs." In jier letter stie dat hûs dêr.
nl.verhalenbank.28312
Hjir by de nije brêge is ek us ien deastutsen woarn. Mei gjin mooglikheit koenen se dêr it bloed forwiderje. 't Kaem altyd wer.
nl.verhalenbank.17604
Ik ha in âld omke hawn, dat wie in broer fan ús mem. Hy wie skuonmakker en sprong op krukken en wenne yn in hûs tsjin 'e iepenbiere skoalle oer. Hy sei: "It timmert hjir achter altyd, hjir gebeurt hwat." Hy hearde it nachten oanien. "Hjir komme huzen", sei er. Mar der wie noait hwat to sjen.
Hy hat gelyk krigen. Letter kamen dêr twa nije huzen.
nl.verhalenbank.17701
De twa stiennen ûlebuorden
Sa wenne der in boer tusken Warten en Wergea, dy hie in hiel âld plaats. Mar in sekere joun giet er fuort en dêr kaem in dikke stoarm op. En hy wie moai oan't wanneljen en dêr komt him in swart hearskip yn 'e mjitte. Doe sei dy: Hwat binne jo ûnrêstich! - Ja, sei er, ik ha in hiele âld plaats en dy plaats kin ris omwaeije. Doe...
nl.verhalenbank.10851
De tsjerne wie froeger faek bitsjoend. Dan moest alles der út. Hy moest goed skjinmakke wurde en der moest nij spul yn.
nl.verhalenbank.25571
By Foppe van der Ploeg syn heit op Koatstermoune bigounen se noait mei nij wurk op mendei. Ek al hienen se 't noch sa drok dat waerd net dien. Der binne kwea-mendagen.
nl.verhalenbank.38656
Ik wie in jonge fan sa'n alve jier. Wy kamen út Grinslân en krigen in nij húske yn 'e Sweachster Mieden (ûnder Kollumersweach).
Doe't wy dêr oankamen op in jountiid om alve ûre hinne mei in pream, seagen wy healwei de brêge in ljochtsje brânnen by ús yn 'e hûs. Doe't wy tichterby kamen wie 't út. 't Hûs wie noch net klear, wy moesten earst in skoft yn in...
nl.verhalenbank.36808
Wol hûndert kear ha'k timmerjen heard yn 'e nacht op ûnderskate plakken. Dat tsjutte altyd op nije huzen of hokken of hekken of sa. 't Kaem altyd nei.
nl.verhalenbank.17006
Ritske Bottinga wie frijmitseler. Dy moest alle jierren hwat nijs bouwe. Hy moest altyd mar timmerje oan 't hûs. Die er it net, dan moest hy der sels oan.
nl.verhalenbank.25432
To Surhuzum wienen guon dy hearden timmerjen en smiten mei balken. Mar der wie neat to sjen. Doe seinen se: "Dêr komt grif in nij hûs." En 't wie ek sa. De pleats fan Jan IJes waerd dêr letter boud.
nl.verhalenbank.27782