Ik hearde ek altyd dúdlik as se mei planken omsmieten. Dan wie der neat to sjen. Dan sei 'k tsjin 'e bern: "Hjir komt wer in nij hûs, hear." 't Komt altyd nei.
nl.verhalenbank.27975
Wit hoe faek ha ik yn myn leven timmerjen heard oan huzen en hokken dy't letter pas boud woarden. Ik sei wol us tsjin myn soan: "Hwat matte jim nou wer bitimmerje? 'k Ha 't wol heard." Dan duorre it mar even of de timmerderij rekke los.
nl.verhalenbank.21437
Ik stie us in kear bûten. Doe sei 'k: "Hjir komt in nij hûs, net fier fan ús ôf." Ik hearde klear hoe't se mei planken en balken ensa smieten.
It duorre net lang of sy setten der in nij hûs del.
nl.verhalenbank.21438
Yn 'e droom hear ik faek in stem. Dy dielt my dan it ien of oare mei. Dêrtroch wyt ik fan alles, hwat der gebeure sil.
Ik haw trije beppesizzers, dy moesten alle trije in pop ha. Dy stem sei tsjin my: Twa derfan dat wurde jonges. Se komme allebeide Anders to hiten. (Ik wist net dat de heiten fan 'e manlju beide Anders hieten)
Tsjin 'e trêdde beppesizzer...
nl.verhalenbank.21442
Toverboeken:
Als iemand, in het bezit van een toverboekje, er van af wil, en het wegwerpt, heeft hij op slag weer een nieuw op zak.
nl.verhalenbank.69261
As se hjir froeger in nij hûs bouden, kom der in stik duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.24068
Der waerd ús altyd foarhâlden: noait op mandei mei in nij wurk bigjinne. Oars komt der hwat tusken. Dan komt it net klear.
Der binne nòch in soad minsken dy't har dêr oan hâlde.
nl.verhalenbank.36914
As de tsjerne bitsjoend wie woe 't net bûterje.
Mem hie der altyd in hekel oan as der ien by de tsjerne kom, hwant it koe us kwea folk wêze.
nl.verhalenbank.21668
Der wie in boerefeint, dy lei yn 'e nacht op bêd. 't Wie yn 'e simmer. Hy sliepte yn in bêdsté yn 't leech bûthús.
Doe seach er dat se in kiste yn 't bûthús delsetten. Hy gong der ôf om to sjen hwa 't dêr yn lei. Doe seach er him sels yn 'e kiste lizzen. Hy woarde tige kjel.
Hy gong by de boer wei. Hy tocht sa it needlot to ûntrinnen. Nei jierren kom er...
nl.verhalenbank.27973
Op in kear doe hie ik nei tsjerke ta west, yn 'e Koaten. Ik wie op 'e fyts. Der fytste ek ien njonken my. Doe sei dyselde tsjin my: "Hwat fytse jo hurd."
"Ja", sei 'k.
Even letter fytste ik wer gewoan.
Ik sei: "Hjir komt fan 'e wike in lykstaesje lâns. Hjir stjert ien. Ik seach de lykstaesje oankommen. Ik woe earder de hoeke om wêze."
't Kom krekt sa út.
nl.verhalenbank.21443
As men nachts in swarte kat moetet, dan is dat in min teken. Wêz dan op jou hoede!
nl.verhalenbank.21682
Ik haw in kammeraedtske hawn, dat wie Sjoeke. Dy wenne yn 'e Westerein. Har âlde mem kom by har yn to wenjen. Dy hie aerdich hwat sinten, mar dy rekken op. Doe wie Sjoeke hounsk tsjin 't âld-minske.
Op in kear gong se mei de feint to reedriden. Hja lei har mem achter de bêdsdoarkes del.
Doe't se werom kommen fan it riden wie har mem dea.
Letter wie 't dêr...
nl.verhalenbank.21669
Yn Twizelerheide hearden se midden yn 'e nacht in hoanne kraeijen op 't keale fjild. Mar der wie neat. Tsien jier letter stie dêr in spultsje en dêr wienen ek hinnen en hoannen.
nl.verhalenbank.21680
As der in ramp komt fan it iene of oare flychtúch of sa, dan wyt ik dat ek altyd fan tofoaren. Dan hear ik dat oan 'e radio. Dan siz ik: "Der komt wer in ûngelok." It komt altyd nei.
nl.verhalenbank.21441
Doe't ik yn Westergeast wenne, hearde ik dêr altyd dúdlik de klok lieden. Dan wist ik altyd krekt as der wer ien stjerre soe. Dat hearde ik oan it lieden.
nl.verhalenbank.21440
Fan 'e wike kom hjir in beppesizzer.
"Dû hast hjir fan 'e moarn ek al west", sei 'k.
"Né, beppe", sei se.
"Dû hast hjir west, 'k ha dy sjoen, dû hiest in blauwe jurk oan. Mar dû wytst it sels net."
"Ja," sei se, "'k hie in blauwe jurk oan fan 'e moarn."
nl.verhalenbank.21681
Yn 'e Westerein dêr stie in hûs, dêr mochten wy net komme.
Dêr spûke 't yn. Mar ik ha 't spûk noait sjoen.
nl.verhalenbank.29568
By uzes thús hienen wy altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Ien dy't dêr net oerhinne komme koe, wie in tsjoenster.
Fan in tsjoenster moest men neat oannimme. Iet men hwat fan in tsjoenster op, dan wie de kâns great, dat men bitsjoend wie.
nl.verhalenbank.29554
Op in joun kom ik by de buorfrou wei en doe seach ik in greate auto by myn soan yn 'e daem stean. Myn soan wennet hjir njonken my. Der kom in greate man út dy auto, mei in hoed op.
Mar doe't ik der flak by wie wie der alhielendal gjin auto en ek net in mynhear. Mar ik hie goed yn my opnom hwer't ik dy auto stean sjoen hie, dat ik sette der in streek by....
nl.verhalenbank.21450
Myn soan hie to melken west. Op 'e Koatster wei sahwat by de skoalle sprong it hynder samar ynienen oer de wei en rekke yn 'e hage. Myn soan hie ek noch krekt in keppel bern by him op 'e wei.
Hy fortelde it my, doe't er thúskom.
"Dus," sei 'k, "it hynder moest rûmte meitsje? Mast der om tinke," sei 'k, "dat dêr binnenkoart in lyk lâns komt."
En 't wie ek...
nl.verhalenbank.21444