Wy ha hjir yndertiid in nij bûthús krigen. Fan tofoaren doe ha wy en ús folk it wol timmerjen heard by nacht. Wy ha der wol binaud fan west.
nl.verhalenbank.23608
Alde Tsjibbe Westra wenne op 'e Sumarreheide. Alle jounen hearde hy timmerjen, mar dêr wie neat to sjen.
It wie de Aldegeaster dyk út dêr't er it hearde. In skoft letter waerd dêr in rige huzen set fan 'e woaningbou. It wienen huzen fan 'e gemeente.
nl.verhalenbank.31579
Der wie ien yn Noardermar dy hie op in snein in pear klompen kocht. Underweis nei hûs waerd hy troch ien pakt. Hy waerd omheechsmiten mei de nije klompen oan, like heech as de beammen dy't dêr stienen. 't Gebeurde oan 'e Lange Loane. It wie syn straf, omdat er op snein klompen kocht hie.
nl.verhalenbank.31235
Yn 't petlân fan Sjoerd Ielkes yn 'e Earnewarren, dêr wennet nou Teade Smedes. Dêr wienen heit en myn beide bruorren Bouwe en Hedzer oan 't wurk.
It wie de middeis om iterstiid hinne. Se wienen mei 't iten oan 'e gong. Ierappels waerden yn griene oalje opbakt.
Gjert van der Iest soe yn dy tiid in plaets sette litte by de Tsjerk-wei, by de feart. Dêr wie...
nl.verhalenbank.31576
Op Skûlenburch ha se ris in nije boerepleats boud. De hurddobbe wie al klear, mar se hienen forgetten dêr in lid op to lizzen. Doe kaem dêr in swarte kat oansetten - hwer't dy wei kaem wist net ien - en dy gong ta de hurddobbe yn en se ha him noait wer sjoen. Men biskôge dat as in kwea teken. Der rêstte gjin segen op dy pleats.
nl.verhalenbank.31402
Myn swager Anne Veenstra fan 'e Harkema wie mei syn maet op in joun bûten op 'e wei. Syn maet wie Wyberen.
Doe sei Wyberen tsjin him: "Dû mast der om tinke, dêr komt in lykstaesje oan."
"Ei, dû mei dyn praetsjes" sei Anne, en hy gong net oan kant.
Mar hy waerd oan kant smiten, sûnder dat er hwat seach.
Op datselde plak is letter it nije bigraefplak yn 'e...
nl.verhalenbank.31577
Toverboeken:
Als iemand, in het bezit van een toverboekje, er van af wil, en het wegwerpt, heeft hij op slag weer een nieuw op zak.
nl.verhalenbank.69261
As se hjir froeger in nij hûs bouden, kom der in stik duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.24068
Der waerd ús altyd foarhâlden: noait op mandei mei in nij wurk bigjinne. Oars komt der hwat tusken. Dan komt it net klear.
Der binne nòch in soad minsken dy't har dêr oan hâlde.
nl.verhalenbank.36914
Ik hearde ek altyd dúdlik as se mei planken omsmieten. Dan wie der neat to sjen. Dan sei 'k tsjin 'e bern: "Hjir komt wer in nij hûs, hear." 't Komt altyd nei.
nl.verhalenbank.27975
Us mem hearde froeger wol us timmerjen hjir en dêr. Dan kom der letter op sokke plakken in hûs of in hok to stean. Dat gong altyd troch.
nl.verhalenbank.22288
Myn skoansuster Tite hearde yn 'e nacht altyd timmerjen.
Hja wenne to Koartehimmen. Letter is op dat plak it Woodbrookers-gebou delset.
nl.verhalenbank.21383
Yn 'e Westerein is 't faek gebeurd dat de minsken it timmerjen al fier fan tofoaren hearden fan in hûs dat noch boud wurde moest, mar ik kin sa net sizze fan hokker hûzen dat it gefal wie.
nl.verhalenbank.33746
Wy wennen froeger yn in hûs hjir njonken. Dit hûs hjir is in gemeentehûs. Doe't se noch net mei dit hûs oan it bouwen wienen, hearden wy dêr yn 't oare hûs al getimmer en gedoch. Dat wie foartjirmerij. It gebeurde altyd nachts, as wy op bêd leinen.
nl.verhalenbank.24633
Us mem hat ek faek timmerjen heard op it plak dêr't se letter sels in hûs krigen ha. Myn broer wennet nou noch yn dat hûs. 't Is oan 'e Nije Wei, in lyts eintsje achterút.
nl.verhalenbank.22291
Op in plak op 'e Tike hearden se sjongen bûtendoar, sûnder dat dêr in minske to sjen wie. Letter stie dêr in hûs. Dit fortelde heit.
nl.verhalenbank.29614
Wat deeje ze vroeger mi je melktande ? Wiere die over ie schoer gegooid, >begraeve of deeje ze die in een dôôssie gedaen ?
Nou jao dat wier wel 's gezegd, over je schoer gooie want dan krij je weer een nieuwe of zo maor voor de rest wier dat niet an een kettinkie gerege of uh in een dôôssie bewaord hoor bin je mal.
nl.verhalenbank.44188
Us heit hat us in kear in hutte boud by 't hûs.
Fan tofoaren sei ús mem: "Hwat giet it der hjir jouns doch oan wei. It giet altyd mar op in timmerjen." Dat sei se tsjin heit. Doe sloech heit letter dat hutsje. Dat wienen de lûden dy't se heard hie.
nl.verhalenbank.22146
Oege wie arbeider by in boer. Dy boer hie twa sike hynders, dêrom stjûrde er Oege nei greate Wopke fan Kûkherne, de wûnderdokter en duvelbander. Hy joech Oege hier mei fan 'e sike hynders, mar ek hier fan in oar hynder, dat net siik wie. 't Wie yn 'e winter en 't iis dat hâldde, dat Oege ried op redens nei Kûkherne. Wopke biseach de trije soarten hier en...
nl.verhalenbank.31584
Us Jan-om wie oan 'e drank. Hy wie noch feint en tige los.
't Koe him net folle skele hwat er sei.
Mar op in kear, op in joune let, doe moest er ien fan 'e Heidkampen oer. Doe hat er hwat sjoen. Hy seach in knyntsje, dat by him kom. As hy fierder gong, gong dat knyntsje ek fierder. It wykte net by him wei. Hy skopte der nei, mar hy koe't net kwyt wurde....
nl.verhalenbank.27557